Theodor Kleehaas
Theodor Kleehaas (Germersheim, Rynlân-Palts, 9 of 10 novimber 1854 - 1928 of München, 21 jannewaris 1929)[1] wie in Dútsk portret- en sjenreskilder.
Theodor Kleehaas | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 1854 | |
berteplak | Germersheim | |
stoarn | 1928/1929 | |
stjerplak | München | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Portret- en sjenreskilder | |
medium | Oaljeferve | |
offisjele webside | ||
gjin |
Libben
bewurkje seksjeDe keapmanssoan Theodor Kleehaas krige tekenûnderrjocht oan it Cooper Ynstitút yn New York, ear't er yn 1879 nei de keunstakademy yn München gie. Alexander Strähuber, Gyula Benczúr en Alexander von Wagner wiene dêr ûnder oare syn leararen. Fan 1889 ôf hie er geregeld eksposysjes yn it Glaspalast te München; yn 1893/94 die er mei oan de Grutte Berlynske Keunsteksposysje en yn 1897 krige er in sulveren medalje foar in wurk dat yn it Londenske 'Crystal Palace' toand waard.
Hy hie syn atelier oan de Schwindstraße (nr. 13) yn München en wenne dêr ek. Hy wie boaske oan Maria Anna Letz.
Kleehaas besocht Italië, Frankryk en België.[2] Hy bleau trou oan de styl fan de Münchenske sjenreskilderkeunst fan om 1880 en naam mar inkelde ideeën fan yt ympresjonisme oer.
Ingelske en Amerikaanske samlers kochten wurk fan Kleehaas; tolve fan syn skilderijen ferskynden as foto yn it album Junges Blut, dat Bruckmann yn München útbrocht
Theodor Kleehaas waard op it Alten Nördlichen Friedhof yn München beïerdige.
Galery
bewurkje seksje-
De parfumferkeaperer
-
Gesin lêst in brief
-
Boartsje op it hiem
-
It nije plaatsjesboek
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Theodor Kleehaas fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|