Andrew Warhola (Pittsburch, 6 augustus 1928- New York, 22 febrewaris 1987), better bekend as Andy Warhol, wie in Amerikaanske keunstner dy’t de ferneamdste figuer is yn de streaming fan Pop Art. Nei in súksesfolle karriêre as kommersjeel tekener, is Warhole ferneamd wurden troch syn wurk as skilder, as filmmakker, as plateprodjûser en as auteur, en is er as publyk figuer bekend omdat hy mei tige ferskillende minsken om gie. Yn syn libben is er altyd beskôge as in wat frjemd figuer (syn wurk is faak troch kritisy útskolden as in grap). Nei syn dea is Warhol yn ferskillende boeken, films de sintrale figuer. Oer it algemien wurdt Andy Warhol sjoen as ien fan de meast ynfloedrike artysten fan de tweintichste iuw.

Andy Warhol
keunstner
Andy Warhol (1975)
Andy Warhol (1975)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Andrew Warhola
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 6 augustus 1928
berteplak Pittsburch
stoarn 22 febrewaris 1987
stjerplak New York
wurkpaad
wurksum as Byldzjend keunstner
streaming Pop Art
bekendste
  wurk(en)
Marilyn Diptych
Andy Warhol (lofts) en Tennessee Williams (rjochts)

Andy Warhol is berne yn Pittsburch, Pennsylvania yn de Feriene Steaten. Syn âlden, Andrej en Julia Warholo, wienen ymmigranten út Mikova, yn it hjoeddeistige Slowakije. Andrej Warhol wurke yn in koalemyn. De famylje wenne yn Oakland, op Beelenstrjitte 55 en letter op Dawsonstrjitte 3252. Hja wienen Otterdoks Kristlik en gongen nei de John Chrysostom-tsjerke. Andy Warhol hie twa bruorren: John en Paul.

Op syn sechste jier krige Warhol Gorea, in sykte dy’t soarget dat it senuwstelsel prikkels krijt wêrtroch spieren samar bewege. Dizze sykte soarge by Warhol ek foar pigmintplakken. Fanwegen dy sykte moast er faak nei it sikehûs, mar dêrtroch hat er in foarm fan hypogondry ûntwikkele. OM't er ek faak op bêd lizze moast, hearde hy der op skoalle net echt by. Hy wie dan ek ekstra wiis mei syn mem. Op bêd tekene hy, harke nei de radio en sammele foto’s fan filmstjerren. Doe't Andy Warhol letter dy tiid beskreau, sei er dat dy perioade wichtich wie foar de foarming fan syn karakter en ek foar de foarming fan syn ynteresses.

Warhol liet al gau sjen dat er talint hie foar tekenjen. Hy gie dan ek kommersjele keunst studearjen op it Carnegie Mellon-kolleezje yn Pittsburgh. Yn 1949 ferhuze er nei New York en begûn dêr in súksesfolle karriêre yn it tekenjen fan advertinsjes foar tydskriften. Hy waard ferneamd om syn inkettekenings.

De sechtiger jierren

bewurkje seksje

It wie 1960 doe't Warhol begûn mei it meitsjen fan in skilderijen fan ferneamde Amerikaanske produkten lykas Cambell’s sopblikken en Coca-Cola. Ek skildere hy ferneamde minsken lykas Marilyn Monroe, Troy Donahue en Elizabeth Taylor. Hy begûn syn studio mei de namme It Fabryk. Yn It Fabryk makke hy syn earste seefdrukken. Hy makke se yn searje. Hy woe net tefolle mei de produksje fan syn wurk te krijen hawwe. Warhole soarge foar in revolúsje. Syn wurk waard al gau ferneamd en hy waard populêr.

Hy skildere dollar-biljetten, ferneamde minsken, merknammen en plaatsjes dy’t út it nijs kamen. In soad fan it lettere wurk wie wurk wat op dat stuit in haadrol spile yn it nijs, lykas foto’s fan de poddestoelwolken nei it testen fan in atoombom, de plysjehûnen dy’t boargerrjochtdemonstranten oanfoelen. Syn ûnderwerpen wienen direkt wer te kennen.

Yn New York waard yn desimber 1962 in sympoasium organisearre oer Pop Art. Artysten lykas Warhol wurde dêr feroardield omdat se de keunst foar in habbekrats ferkochten. It waard echt konsuminteguod. In protte lju fûnen dat soks net koe. Yn de jierren dy’t folgen waard dúdlik dat de hiele keunstwrâld oars wurkjen gie. En Warhol wie it sintrum fan it feroarjen.

 
De blikken mei Cambells sop.

Yn 1964 waard der in eksposysje hâlden mei de namme “The American Supermarket”. De show waard presintearre as in lytse supermerk; der wienen produkten lykas blikken, fleis en posters oan de muorre. Mar alles wie makke troch seis keunstners. Warhol die ek mei oan de eksposysje; hy hie bygelyks it skilderij makke dêr't in blik Cambell’s sop op stie. Dat skilderij koste 1.500 dollar. Ek ferkochten se de echte blikken mei hantekeningen, dy kosten seis dollar. De eksposysje wie makke foar it massapublyk en guon minsken frege harren ôf: “Wat is keunst en hoefolle moatte jo derfoar betelje?”.

As in advertinsjetekener brûkte Wahol assistinten om noch produktiver te wêzen. Hy socht hieltyd mear minsken om him hinne om him te helpen. Ien fan syn belangrykste helpers wie yn de jierren sechtich Gerard Malanga. Malanga holp him by it meitsjen fan seefdrukken, films, bylden en oar wurk yn “The Factory”. Oare helpers yn de wurkpleats wienen ûnder oaren Freddie Herko, Ondine, Ronald Tavel, Mary Woronov, Pietro Psaier, Billy Name, and Brigid Berlin. Warhol socht yn de jierren sechtich minsken út dy’t hy brûke koe yn syn films. Hy neamde dy minsken "Superstars". Under oaren wienen dit Edie Sedgwick, VivaViva, en Ultra Violet. Wichtige figueren yn New York dy’t yn de film- en skriuwerswrâld sieten, spilen yn Warhol-films. Oan de ein fan de jierren sechtich wie Andy Warhol sels ferneamd; hy ferskynde sa út en troch yn de kranten en tydskriften.

Op 3 juny 1968, hat Valerie Solanes sketten op Warhol en Maria Amaya by Warhols studio. Foar it sjitten wie Solanes in minimaal figuer. Se hie in groep oprjochte mei de namme S.C.U.M. en se wie de auteur fan it S.C.U.M.-manifest, in feministyske oanfal op de maatskippij fan doe. Yn de rin fan de jierren hie Solanes in groep minsken om har hinne krigen. Solanes ferskynde yn 1968 yn in Warhol-film. Hja besocht al in skoftke in skript werom te krijen dat se yn 1967 oan Warhol jûn hie, mar dat Warhol net mear hie. Ierder op de dei fan it sjitten wie se fuortstjoerd út it Fabryk sûnder dat hja har skript werom krigen hie.

Warhol wie slim ferwûne en hat it sjitten mar krekt oerlibbe. Syn hert stie stil; dokters hawwe him iepen helle en syn hert mei de hân wer oan de gong krigen. It sjitten hat dêrnei nea wer út syn holle wei west en hat grutte ynfloed hân op al syn lettere wurk. Jûns noch hat Solanes har melde op it plysjeburo. As ferklearring joech se dat Warhol in te grutte behearsking hie oer har libben. Nei it sjitten is de Factory better befeilige. In soad minsken binne nei it sjitten út de wrâld fan de Factory stapt.

De santiger jierren

bewurkje seksje

Yn ferliking mei alle súkses en alle skandalen dy’t Warhols wurk yn de sechtiger jierren hân hie, fergongen de santiger jierren tige rêstich. Warhol wie saakliker wurden. Hy wie in soad dwaande om rike minsken te portrettearjen lykas Mick Jagger, Liza Minnelli, John Lennon, Diana Ross, Brigitte Bardot en Michael Jackson.

Warhols ferneamde portret fan de Sineeske kommunistyske diktator Mao Tse-toeng is makke yn 1973. Hy rjochte ek in tydskrift op tegearre mei Gerard Malanga: “Interview magazine. En hy publisearre in boek mei de namme The philosophy of Andy Warhol (De filosofy fan Andy Warhol). Yn dat boek presintearre er syn ideeën oer keunst. It fertsjinjen fan jild is keunst, wurkjen is keunst mar goeie saken dwaan is de bêste keunst.

De tachtiger jierren

bewurkje seksje

Warhol kaam werom yn de jierren tachtich. Hy hie finansjele súksessen mar ek debakels. Dit kaam benammen troch it sammeljen fan wurk en troch freonskippen mei jongere artysten. Hy fûn it allegear prachtich. Hy hâlde fan de glimker en glitter. Hy sei: ik hâld fan Los Angelas. Ik hâld fan Hollywood. Sy binne prachtich. Alles is fan plestik, mar ik hâld fan plestik ik woe dat ik plestik wie.

Seksualiteit

bewurkje seksje

Andy Warhol wie ien fan de earste grutte Amerikaanske keunstners dy’t iepen wie oer syn homoseksualiteit. In soad minsken tinke dat Warhol in aseksueel wie. Hy wie in flirter mar mear net. Syn autobiografen hawwe dit altyd tsjinsprutsen. De fraach oft seksualiteit ek syn wurk beynfloede is grut ûnderwerp by in soad gelearden en oare artysten. Ek wie it in ûnderwerp dat Andy Warhol sels oansnie by ynterviews.

Yn syn hiele karriêre hat Warhol eroatyske foto’s en tekeningen útjûn fan neakene manlju. In soad fan syn ferneamdste wurk, lykas portretten fan Liza Minnelli, Judy Garland en Elizabeth Taylor litte de kompleksens sjen fan seksualiteit en langstme. Hy wie der dus bot mei dwaande. In soad fan syn films binne yn premiêre gien yn homo-teaters. Yn it begjin fan syn karriêre makke hy in soad tekeningen fan neakene manlju. Dizze binne foaral yn it begjin net in soad tentoansteld. Men fûn se te iepen.

Warhole wie in Byzantynske Katolyk. Hy wie sa no en dan frijwilliger om dakleazen te helpen yn New York. Hy beskreau himsels as religieusk. In soad fan syn lettere wurken hienen religieuze tema’s. Net eltsenien koe it fine. Hy ferstoppe faak in symboal sa dat it net opfoel. Warhol wie ek geregeld te finen by tsjerketsjinsten. Hy gie hast alle dagen. Syn wurk is beynfloede troch de ikonografy fan de Easterske tradysje.

Hy woe net dat de wrâld wist dat er sa religieusk wie. Hy wie op himsels en oare minsken moasten harren net bemuoie mei syn libben.

Warhol ferstoar yn New York om 6.32 op 22 febrewaris 1987. Neffens it nijs makke Warhol it oant doe goed nei in rûtine-operaasje oan syn galblaas, mar hy krige in hertoanfal. De minsken fan it sikehûs fernamen net dat er fierstenste folle focht yn syn lichem krige. Warhols advokaten hawwe it sikehûs dan ek oanklage foar efterlittichheid. Warhol hie in soad lêst fan syn galblaas. Hy hie der te lang mei omrûn trochdat hy bang wie foar sikehuzen en dokters.

Warhols lichem is werom brocht nei Pittsburgh foar de begraffenis. In wake is hâlden yn it Thomas P. Kunsak Funeral Home en der wie in iepen-kiste-seremoanje. De kiste wie fan brûns mei gouden hânsels. Warhole hie in swart kasmieren pak oan, mei in sinnebril op. Yn syn hân hie er in lyts bibeltsje en in reade roas.

  • Blow Job (1963)
  • Eat (1963)
  • Haircut (1963)
  • Kiss (1963)
  • Naomi's Birthday Party (1963)
  • Sleep (1963)
  • 13 Most Beautiful Women (1964)
  • Batman Dracula (1964)
  • Clockwork (1964)
  • Couch (1964)
  • Drunk (1964)
  • Empire (1964)
  • The End of Dawn (1964)
  • Lips (1964)
  • Mario Banana I (1964)
  • Mario Banana II (1964)
  • Messy Lives (1964)
  • Naomi and Rufus Kiss (1964)
  • Tarzan and Jane Regained... Sort of (1964)
  • The Thirteen Most Beautiful Boys (1964)
  • Beauty No. 2 (1965)
  • Bitch (1965)
  • Camp (1965)
  • Harlot (1965)
  • Horse (1965)
  • Kitchen (1965)
  • The Life of Juanita Castro (1965)
  • My Hustler (1965)
  • Poor Little Rich Girl (1965)
  • Restaurant (1965)
  • Space (1965)
  • Taylor Mead's Ass (1965)
  • Vinyl (1965)
  • Screen Test (1965)
  • Screen Test #2 (1965)
  • Ari and Mario (1966)
  • Hedy (1966)
  • Kiss the Boot (1966)
  • Milk (1966)
  • Salvador Dalí (1966)
  • Shower (1966)
  • Sunset (1966)
  • Superboy (1966)
  • The Closet (1966)
  • Chelsea Girls (1966)
  • The Beard (1966)
  • More Milk, Yvette (1966)
  • Outer and Inner Space (1966)
  • The Velvet Underground and Nico (1966)
  • The Andy Warhol Story (1967)
  • Tiger Morse (1967)
  • Sucking Lukes Hairy Asshole (1967)
  • **** (1967)
  • The Imitation of Christ (1967)
  • The Nude Restaurant (1967)
  • Bike Boy (1967)
  • I, a Man (1967)
  • San Diego Surf (1968)
  • The Loves of Ondine (1968)
  • Blue Movie (1969)
  • Lonesome Cowboys (1969)
  • L'Amour (1972)
  • Flesh for Frankenstein (1973)
    aka Andy Warhol's Frankenstein (USA)
  • Blood for Dracula (1974)
    aka Andy Warhol's Dracula (USA)

Keppelings om utens

bewurkje seksje