Bern (persoan)
In bern (meartal is itselde: bern) is in minske dy't noch net folwoeksen is. Yn 'e biology en teffens yn it deistich spraakgebrûk wurdt mei dizze term ferwiisd nei it minsklik libbensstadium tusken de berte en de ein fan 'e puberteit, dy't, ôfhinklik fan 'e persoan, earne omtrint de sechstjin jier falt. Fan dy âldens ôf wurdt yn 'e regel sprutsen fan 'jongerein' of 'jeugd', en parallel dêroan wurde de foarheaksels "berne-" en "jeugd-"/"jongerein-" brûkt om dingen oan te tsjutten dy't mei de beide leeftydskategoryen te krijen hawwe of derfoar bedoeld binne (lykas berneboeken en jeugdliteratuer).
Yn it wittenskiplik taalgebrûk wurdt op deselde wize ûnderskie makke tusken bern en adolesinten, mei likernôch deselde leeftydsyndieling. Foar de wet en yn it juridysk taalgebrûk is in bern lykwols eltsenien dy't noch net de wetlik as sadanich fêstleine âldens fan mearderjierrigens berikt hat (yn Nederlân en de measte oare Westerske lannen achttjin jier), en dêrom noch minderjierrich is en ûnder fâdij stiet fan syn of har âlden of fersoargers.
Famyljerelaasjes en opfieding
bewurkje seksjeYn it ramt fan famyljerelaasjes kin mei 'bern' ek poer en allinnich de neiteam fan in pear âlden bedoeld wêze. Der wurdt ûnderskie makke tusken in bern fan it manlik geslacht, dat yn it algemien in jonge neamd wurdt, mar yn ferhâlding ta syn âldelju in soan, en in bern fan it froulik geslacht, dat yn it algemien in famke neamd wurdt, mar yn ferhâlding ta har âldelju in dochter. Yn it Frysk wurde froulike bern (meast yn 'e sin fan dochters) ek wol oantsjut as fammensbern of fammebern.
As in bern út it fuortplantingsproses fan syn of har âlden fuortkomt en harren genetysk materiaal yn him of har draacht (wat yn fierwei it grutste part fan 'e gefallen sa is), wurdt wol sein dat sa'nent in biologysk bern fan syn âlden is. Der is dan sprake fan in earstegraads besibskip. As der mar ien bern yn in gesin is, sprekt men fan in ienlingsbern. De leden fan in twilling wurde ek wol oantsjut as twillingbern. As in bern beide biologyske âlden ferlern hat, sprekt men fan in wees of in weesbern. In bern út in eardere relaasje fan jins partner is foar dy partner in foarbern en foar jinsels in styfbern. In bern dat yn it ramt fan 'e pleechsoarch opfongen wurdt yn in pleechgesin is in pleechbern, en as der in formele adopsje plakfûn hat, sprekt men fan in adopsjebern, adoptearre bern of oannommen bern. De oantroude partners fan jins eigen bern wurde de skoanbern neamd.
De bernetiid fan in persoan is syn of har jonkheid of jeugd. Bernestjerte is it persintaazje fan 'e bern dat komt te ferstjerren foar't de folwoeksenens berikt is. De opfieding dy't in bern fan syn âlden of fersoargers ûntfangt, kin beskôge wurde as in natuerlike soarte fan oplieding foar it libben. Der binne withoefolle maatskiplike kwestjes dy't in negative ynfloed op jins jonkheid hawwe kinne, lykas brekme oan ûnderwiis, narjen, earmoede, sykte, brutsen gesinnen, berne-arbeid, bernemishanneling, bernehouliken, berneprostitúsje, bernepornografy, ynsest, honger, ensfh.
Skiednis
bewurkje seksjeIt behanneljen fan bern op 'e wize sa't dat tsjintwurdich as 'normaal' beskôge wurdt, hat net altyd wizânsje west. Ut 'e Midsiuwen is bygelyks bekend dat bern net oars sjoen waarden as lytse folwoeksenen en ek sa behannele waarden. Yn 'e tiid fan 'e Yndustriële Revolúsje waard it as hiel gewoan beskôge om bern as folweardige arbeidskrêften yn te setten yn fabriken, wat hjoed de dei yn guon ûntwikkelingslannen noch altyd wol bart. De moderne opfetting oangeande de ûntwikkelingsstadia fan it bern binne pas ûntstien yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw. De biografy fan 'e Hollânske wittenskipper en diplomaat Constantijn Huygens en syn broer Maurits sketst nammers in heul oar opfiedingsbyld: in strikt en yntinsyf opliedingsprogramma fan lyts ôf oan mei net folle romte om frij te boartsjen.
Leeftydsstadia fan bern
bewurkje seksjePoppen
bewurkje seksjeIn bern tusken de berte en de âldens fan 1 oant 1½ jier wurdt in poppe of baby neamd. Poppen wurde berne mei beskate autonome refleksen, mar binne lykwols frijwol helpeleas. Meitiid ûntjouwe se har sawol lichaamlik as geastlik. Sa leare se û.m. om te sitten, te stean en te rinnen, de saneamde grouwe motoaryske ûntwikkelings. Poppen ûndergeane dêrfoaroer ek beskate fine motoaryske ûntwikkelings, lykas it boartsjen mei de eigen fuotsjes of it opkrijen fan blokjes. Mei't poppen in protte omgong hawwe mei harren âlden of fersoargers, leare se om op ferskate manearen op oare minsken te reägearjen; dat binne sosjale ûntwikkelings. Geandewei de tiid wurde poppen likernôch trije kear sa swier as se by de berte wiene, en ûngefear oardel kear sa lang.
Pjutten
bewurkje seksjeIn bern yn 'e âldens tusken de 1 oant 1½ jier en de 4 jier wurdt in pjut neamd. Pjutten geane fierder mei de fine motoaryske ûntwikkelings, bgl. troch blokjes op te steapeljen ta tuorkes, ienfâldige foarmen te tekenjen, treppen te rinnen en tsjin in bal oan te skoppen. Yn dizze leeftydskategory giet it oanlearen fan taal hurd, fan babbeljen ta sprekken yn gearstalde sinnen. Fierders ûntjouwe ek de kognitiveve feardichheden har hurd. De faasje fan it groeien fan 'e bern nimt ôf fan likernôch 25 sm nei sa'n 8 sm yn it jier. As pjut komme de measte bern fierders foar it earst yn kontakt mei oare bern, lykas op in pjutteboartersplak of yn in kres. Pjutten ûntdekke harren wrâld en stjitte dêrby op behinderings, lykas dingen dy't de âlden net lije wolle. Tagelyk leare pjutten dat se in yndividu binne en dêrmei los steane fan 'e âlden. Dy kombinaasje kin liede ta driftbuien, ek wol oantsjutten as de pjuttepuberteit.
Beukers
bewurkje seksjeYn 'e âldens tusken 4 en 6 jier wurdt in bern in beuker neamd. Tsjin dy tiid is der troch it opgroeien fan it bern ferlet fan mear ynfloed fan bûtenôf om nije funksjes te ûntwikkeljen. It is dan ek net tafallich dat beukers foar it earst nei de basisskoalle (foarhinne de beukerskoalle) geane, dêr't se noch in protte nije dingen leare kinne. Men kin dêrby tinke oan kleurjen, tekenjen en nifeljen, mar benammen ek it oan omgean mei oare beukers (in fierdere sosjalisaasje). Dêrnjonken is dit de âldens dat bern (almeast fan 'e eigen âlden) it fytsen leare, en mooglik de begjinsels fan it lêzen en skriuwen. Beukers groeie noch mei yn trochsneed 8 sm yn it jier.
Skoalgeande bern
bewurkje seksjeDe leeftydskategory fan 6 oant 12 jier hat gjin wiere eigen namme, mar om't de bern yn dy tiid de basisskoalle trochrinne, wurdt wol sprutsen fan skoalgeande bern. Bern fan tusken de 10 en 12 à 13 jier wurde mei in Ingelske term wol tweens neamd. Yn Nederlân leare bern fan 'e skoalgeande âldens û.m. om te skriuwen, te lêzen en te rekkenjen. Dêrnjonken wurdt harren ek de grûnslach fan algemiene ûntwikkeling bybrocht, troch skoalfakken as skiednis en ierdrykskunde. Motoaryske feardichheden kinne yn 'e begjinjierren fan dizze perioade folslein oanleard wurde.
Skoalgeande bern binne bûten de skoalle om faak ek lid fan klubs en ferienings, dêr't se bygelyks swim- of muzykles krije, keunstûnderwiis folgje of oan in sport dogge, lykas keatsen, kuorbal of fuotbal. Oer it generaal ûntstiet der geandewei dizze perioade in almar gruttere fariaasje yn 'e prestaasjes op ferskillende mêden tusken yndividuële skoalgeande bern. Sa sil oan it ljocht komme dat guon better binne yn of mear aardichheid hawwe oan teoretyske saken lykas skiednis, lêzen of rekkenjen, wylst oaren har mear talizze op praktyske aktiviteiten lykas sport, nifeljen of technyk.
Tsjin 'e ein fan 'e leeftydskategory fan skoalgeande bern wurde famkes oer it algemien earder geastlik en lichaamlik ryp as jonges. Dêrby begjinne har de sekundêre geslachtsskaaimerken te ûntwikkeljen, lykas it oangroeien fan it skamhier, de boarstgroei by famkes en it burd yn 'e kiel by jonges. Om dyselde tiid hinne leare bern, as it goed is, ek hoe't se mei jild omgean moatte troch de besteging fan it bûsjild dat se fan harren âlden krije. It tinken fan skoalgeande bern wurdt noch altyd sterk behearske troch wat de bern waarnimme. Se sjogge foar it meastepart noch gjin ferbannen en misse faak noch de relaasje tusken oarsaak en gefolch. Dêrút floeit fuort dat bern fan dizze âldens de gefolgen fan eigen dieden noch net (folslein) oersjen kinne.
Pubers
bewurkje seksjeIn puber is in bern yn 'e puberteit, de leeftydskategory dy't fan 12 jier oant 15-17 jier rint. Yn 'e puberteit binne der in soad feroarings op biogemysk mêd yn it lichem fan 'e bern, dy't gefolgen hawwe foar sawol lichaamlike skaaimerken as de emosjonele en sosjale ûntwikkeling. By pubers ûntjout de natuerlike fuortplantingsdriuw him troch beskate feroare hormonale ynfloeden en tagelyk wurdt yn dizze leeftydsperioade de ûntjouwing fan 'e sekundêre geslachtsskaaimerken foltôge. Dat giet mank mei it begjinnen fan 'e menstruaasje by famkes, it krijen fan ereksjes by jonges en it ûnderfinen fan wiete dreamen troch beide geslachten.
Sadwaande ûntdekke bern yn 'e puberteit harren seksualiteit en dy fan harren leeftydsgenoaten, wat liede kin ta ferkearing, leafde en seks, mar ek ta in protte pine en lijen fanwegen ûnbeäntwurde leafde en leafdesfertriet. Hjoed de dei spylje tydskriften, tillefyzje en fral ek it ynternet en de sosjale media in grutte rol by sawol de seksuële (sels)ûntdekking as de net-seksuële aspekten fan 'e puberteit. Lichaamlik meitsje pubers fierder in saneamde groeispurt troch, mei as gefolch dat se ferskate jierren lang folle hurder groeie as foarôfgeande oan 'e puberteit, oant se har folsleine lingte (fierhinne) berikt hawwe. Emosjoneel is de puberteit in ûnlijige tiid, wêrby't de bern har ôfsette tsjin 'e âlden en begjinne te 'puberjen'.
Yn 'e Westerske lannen folgje bern yn 'e puberteit almeast fuortset ûnderwiis oan 'e middelbere skoalle. Yn Nederlân kin dat útinoar rinne fan beropsûnderwiis en algemien fuortset ûnderwiis oant ateneum of gymnasium. Yn 'e Feriene Steaten, in lân wêrfan't de kultuer in oerweldigjende ynfloed op oare Westerske lannen hat fia tillefyzje, films, muzyk en ynternet, meitsje pubers de middelskoalle ôf en geane dan nei de saneamde highschool. In soad pubers hawwe om jild te fertsjinjen foar it earst in bybaantsje (bgl. as krantebesoarger of fakkefoller yn in supermerk) of fakânsjewurk.
Adolesinten
bewurkje seksjeAdolesinsje is in leeftydsperioade dy't yn ûnderskate lannen en talen ferskillend oantsjutten wurdt. Yn Nederlân wurdt mei de beneaming adolesinten ferwiisd nei jongerein fan 'e 15-17 jier oant likernôch 20 jier. Dizze groep wurdt ek wol de jongfolwoeksenen neamd, mei't se de puberteit ôfsletten hawwe en sosjaal net mear (mar wetlik oant 18 jier noch wol) as bern beskôge wurde. Adolesinten binne benammen dwaande mei folwoeksen te wurden. Dêrby is seksualiteit noch hieltyd tige wichtich, mar teminsten like wichtich is oer it algemien it jin selsstannich meitsjen fan 'e âlden. Yn dizze leeftydsperioade geane de measte jongerein út 'e hûs, faak om yn in oar plak te studearjen, mar ek wol om gear te wenjen mei harren freon of freondinne. As der gjin heger ûnderwiis folge wurdt, giet it meastepart fan 'e jongerein om dizze tiid hinne oan it wurk. Foarhinne makke, alteast foar jonges, ek de tsjinstplicht in wichtich ûnderdiel fan dizze perioade út.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|