De Jousen
De Jousen is in wetter yn de gemeente Ljouwert. De feart rint fan 'e polder it Britsumer Aldlân east fan Koarnjum nei de Koarnjumer Feart yn it Koarnjumer Aldlân.
De namme De Jousen jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Joussen.