Dichter
In dichter of (wat âldfrinzich) poëet, is in skriuwer fan poëzij (gedichten). In skriuwer fan lietteksten of lietsjeskriuwer wurdt faak ek wol in tekstdichter of in songwriter neamd.
Hoewol't elke skriuwer fan in gedicht oantsjutten wurde kin as de "dichter" fan dat wurk, wurdt net eltsenien dy't ea in gedicht publisearre hat automatysk ta de beropsgroep fan de dichters rekkene. Dat jildt allinnich foar dy skriuwers fan wa't de gedichten de haadmoat fan harren literêre produksje foarmje; prozaïsten dy't sa no en dan in gedicht skriuwe binne "skriuwer". Faak klinkt yn it takennen fan it predikaat "dichter" ek in kwaliteitsoardiel troch: at der yn literêre fermiddens oer "dichters" praten wurdt, giet it perfoarst net oer sneinsdichters.