Nije Fryske Bibeloersetting
De Nije Fryske Bibeloersetting is in bibeloersetting nei it Frysk ta, dy't yn 1978 útkaam.
Grûn foar de nije oersetting
bewurkje seksjeYn 1966 rekke de earste Fryske oersetting fan 'e Bibel, út 1943, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma (in útjefte fan it Nederlands Bijbelgenootschap yn opdracht fan it Kristlik Frysk Selskip) yn grut formaat útferkocht. Men fûn it lykwols doe net daliks ferantwurde of gaadlik om ienfâldichwei in nije printinge te publisearjen. Der wie nammentlik beswier út sawol teologyske as taalkundige hoeke tsjin 'e oersetting Wumkes-Folkertsma.
Teologysk sjoen wie men fan tinken dat dy tefolle line op 'e Nederlânske Steatefertaling fan 1637 en te min omtinken joech oan it nije begryp fan 'e grûntekst dat sûnt dy tiid ûntstien wie. Yn taalkundich opsjoch waard de taal fan 'e earste oersetting nei fiifentweintich jier al te âldfrinzich fûn en ek wied er op plakken ûndúdlik of sels ûnbegryplik. Boppedat woe men behalven de protestantske tsjerken diskear ek de Roomsk-Katolike Tsjerke yn 'e oersetting behelje. Sadwaande waard besletten ta in folslein nije fertaling ûnder de ferantwurdlikheid fan 'e Stifting Yntertsjerklike Kommisje foar de Nije Fryske Bibeloersetting.
Nije Fryske Bibeloersetting
bewurkje seksjeOan 'e nije oersetting wurken sokken mei as Ype Poortinga, Douwe Tamminga, Fedde Schurer, Ulbe van Houten, Paulus Akkerman en dû. Bernard Smilde. Mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel waard it wurk foltôge en kaam yn 1978 de Nije Fryske Bibeloersetting út. Dy is noch altiten yn gebrûk, yn 'e foarm fan de trêde, ferbettere druk fan 1995.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeDe oersetting is ek online tagonklik: Bibelwebstee fan it NBG.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|