Norfolk (Ingelsk: Norfolk Island, útspr.: ['nɔrfək 'ailənd]; Norfuk: Norf'k Ailen) is in lytsich, isolearre eilân yn 'e súdwestlike Stille Oseaan, dat likernôch healwei tusken Austraalje, Nij-Seelân en Nij-Kaledoanje leit. It foarmet in ekstern territoarium fan Austraalje. It haadplak is Kingston. Neffens gegevens út 2011 hie it Norfolk, dat likernôch 35 km² beslacht, doe in befolking fan 2.300 minsken. It symboal fan it eilân is de Norfolkeilânske dinnebeam (Araucaria heterophylla), in lânseigen beammesoarte, dy't ek in prominint plak ynnimt op 'e flagge fan Norfolk.

Norfolk
Norfolk Island / Norf'k Ailen
flagge wapen
Ingelsk: Inasmuch ("Ynsafier't")
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan Austraalje
pol. status ekstern territoarium
haadstêd Kingston
offisjele taal Ingelsk en Norfuk
sifers
ynwennertal 2.302 (2011)
befolkingstichtens 61,9 / km²
oerflak 34,6 km² (ynkl. wetter)
34,6 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
muntienheid Australyske dollar (AUD)
tiidsône UTC+11½
tillefoan +672
ynternetekstinsje .nf
webside www.info.gov.nf

De Britske ûntdekkingsreizger James Cook, dy't it eilân yn 1774 ûntdiek, ferneamde it nei Mary Howard, hartoginne fan Norfolk1712-1773).

 
Lânkaart fan Norfolk.

Norfolk is in geografysk isolearre eilân yn 'e súdwestlike Stille Oseaan, likernôch healwei it Australyske kontinint, Nij-Seelân en it Frânske gebietsdiel Nij-Kaledoanje, op 29°02′ suderbreedte by 167°57′ easterlingte. It leit 1.412 km rjocht nei it easten fanôf Evan's Head, op it Australyske fêstelân, en sa'n 900 km eastnoardeastlik fan in oar isolearre eilân, Lord Howe, dat ta de Australyske steat Nij-Súd-Wales heart.

Norfolk bestiet út it haadeilân mei deselde namme en twa lytsere eilannen, it petiterige Nepean, fuort besuden it haadeilân, en it wat gruttere Phillip, dat 7 km súdlik fan it haadeilân leit. Yn totaal hat it territoarium in oerflak fan 34,6 km², wat frijwol hielendal út lân bestiet, mei in te ferwaarleazgjen bytsje wetteroerflak. De kustline is 32 km lang, en it heechste punt, de Mount Bates, hat in hichte fan 319 m boppe seenivo. It gebiet om 'e Mount Bates hinne, dat 10% fan it haadeilân beslacht, is yn 1986 útroppen ta it Nasjonaal Park Norfolk, om it lêste stikje subtropysk reinwâld te beskermjen. It park omfiemet teffens de eilannen Phillip en Nepean, dy't ûnbewenne binne.

 
Maskere ginten.

Floara en fauna

bewurkje seksje

Norfolk hat 174 plantesoarten, wêrfan't 51 nearne oars foarkomme. Teminsten 18 fan dy 51 binne seldsum of bedrige. De bekendste lânseigen plant is de Norfolkeilânske dinnebeam (Araucaria heterophylla), dy't it symboal fan it eilân wurden is en in prominint plak ynnimt op 'e flagge fan it territoarium. Dy beammesoarte is fral yn Austraalje, mar ek yn Jeropa, populêr as sierplant foar yn tunen, en it is foar Norfolk dan ek in wichtich eksportprodukt wurden.

De lânseigen fauna bestiet yn haadsaak út fûgels en ynsekten, en hat sûnt de kolonisaasje fan it eilân slim te lijen hân ûnder útlânske bisten lykas rotten, katten, hûnen, bargen en geiten, en teffens fan konkurrinsje mei ynfierde fûgelsoarten as de lyster. Dêr kaam noch by it kapjen fan harren natuerlik wâldhabitat foar lânbougrûn, oerbejaging en soms opsetlik besykjen ta útrûging om't se as skealik ûngedierte beskôge waarden. Fan gefolgen binne in grut tal lânseigen soarten útstoarn of slim yn har fuortbestean bedrige. Sa binne û.m. de Norfolkeilânske kaka, de Norfolkeilânske grûndo en lânseigen ûndersoarten fan 'e do, de protter en de bûnte lyster útstoarn, krekt as ien fan 'e beide flearmûzesoarten fan it eilân, de Norfolkeilânske frijsturtflearmûs (Tadarida norfolkensis). De gouldhalslelflearmûs (Chalinolobus gouldii) is tige seldsum, en soe al wol krektlyk útstoarn wêze kinne.

 
In pyk fan 'e opaalstirns (Gygis alba).

Iere skiednis

bewurkje seksje

De earste minsklike bewenners fan Norfolk wiene Polynezyske seefarders dy't it eilân berikten òf fan 'e Kermadekeilannen ôf, benoarden Nij-Seelân, òf fan it Noardereilân fan Nij-Seelân sels. Hja setten har yn 'e fjirtjinde of fyftjinde iuw op Norfolk nei wenjen, en holden der ferskate generaasjes ta ear't se weiwaarden, itsij troch út te stjerren, itsij troch earne oars hinne fuort te silen.

Ut it eachpunt fan it Westen wei waard Norfolk yn 1774 ûntdutsen troch de Britske ûntdekkingsreizger James Cook, op dy syn twadde reis troch de Stille Súdsee. It eilân waard ien fan 'e earste Britske koloanjes yn it dit diel fan 'e wrâld om't it isolearre en ûnbewenne wie, wat it tige gaadlik makke om der in strafkoloanje te fêstigjen. Boppedat groeide der flaaks, en dêr hie de Britske Keninklike Marine, dy't alle himp en flaaks foar syn touwurk út Ruslân wei ymportearre, in grut ferlet fan doe't tsarina Katerine II fan Ruslân yn dyselde snuorje de útfier fan dat guod oan bannen lei. Sadwaande waard Norfolk ûnder de kolonisaasje fan Nij-Súd-Wales beflapt, dêr't de Britten yn 1788, by Botany Bay, besuden it lettere Sydney, de earste koloanje op it Australyske fêstelân stiften. Fuort dêrnei waard luitenant Philip Gidley King derop útstjoerd om mei in groep fan fyftjin finzenen en sân frije kolonisten in delsetting op Norfolk te fêstigjen, wat op 6 maart 1788 syn beslach krige.

 
Utsjoch fan it haadeilân nei it suden, op Nepean (foargrûn) en Phillip.

It libben op Norfolk wie dreech. De grûn wie wol fruchtber, mar it yn 'e besnijing hâlden fan it reinwâld foel net ta en de rispinge waard opfretten fan rotten en fûgels. Nettsjinsteande dy swierrichheden woeks de befolking oan ta 1.100 lju. De delsetting koe him sels lykwols net bedrippe en it die bliken dat it yn stân hâlden fan 'e koloanje fanwegen de ôfhandige lokaasje te djoer wie. Fan 1805 ôf waarden de bewenners stadichoan oerbrocht nei Van Diemenslân (Tasmaanje), en yn 1814 wie de delsetting hielendal ferlitten en waarden de gebouwen sloopt om ûnrjochtmittige bewenning (yn 't bysûnder troch oare Jeropeeske koloniale machten) te ûntmoedigjen. Norfolk bleau dêrnei alve jier lang ûnbewenne.[1]

 
De Rhopalostylis baueri, in lânseigen soarte palmbeam.

Yn 1825 waard it eilân op 'e nij ta in strafkoloanje makke, diskear alhiel sûnder frije kolonisten. Lang is tocht dat it de swierste kriminelen wiene dy't út Nij-Súd-Wales en Van Diemenslân wei dêrhinne stjoerd waarden, de "twaris feroardielden" (feroardielden dy't nei de Australyske strafkoloanjes deportearre wiene en dêr fannijs foar in slimme misdie feroardiele wiene). Resint ûndersyk hat lykwols útwiisd dat it mar yn 15% fan 'e gefallen om sokke lju gie, wylst fierwei de measten fan 'e 6.458 finzenen dy't yn dy snuorje op Norfolk bedarren, dêr fêstholden waarden sûnder dat se ea yn 'e Australyske strafkoloanjes earne foar feroardiele wiene. Boppedat wie de oerweldigjende mearderheid fan harren yn Grut-Brittanje oarspronklik feroardiele foar saken as bûsehifkjen en krommeldieverij. De libbensomstannichheden yn 'e nije strafkoloanje wiene dreech, en de behanneling dy't de finzenen der krigen ûnminsklik. Moard, oproer en besykjen ta útbraak kaam geregeldwei foar.

Alinnich yn 'e perioade tusken 1840 en 1844 wie it oars, doe’t de behanneling fan 'e finzenen sterk ferbettere ûnder it bewâld fan kaptein Alexander Maconochie, in ferljochte tichthûsherfoarmer. De kreaze âlde gebouwen yn it Norfolkske haadplak Kingston waarden yn dy tiid troch finzenen boud. Tsjin 1847 begûn de strafkoloanje yn it neigean te reitsjen, en fan 1853 ôf kamen der gjin nije finzenen mear, om't yn dat jier yn Grut-Brittanje de deportaasje fan feroardielden nei oerseeske strafkoloanjes ôfskaft waard. Yn 1855 waarden de lêste finzenen oerbrocht nei Port Arthur en oare plakken yn Van Diemenslân.

 
Utsjoch fanôf it Captain Cook Lookout, oan 'e súdkust.

Op 8 juny 1856 begûn de trêde kolonisaasje fan Norfolk, diskear troch 194 ôfstammelingen fan 'e oproerige bemanning fan it Britske skip de Bounty en Tahitiaanske froulju. Hja waarden nei Norfolk ta oerbrocht fan 'e Pitcairneilannen, yn 'e súdeastlike Stille Oseaan, dy't harren tanimmende oantal net mear drage koene. Hja setten har nei wenjen yn 'e gebouwen fan 'e twadde strafkoloanje en fêstigen stadichoan in maatskippij op Norfolk dy't basearre wie op lânbou en walfiskfeart. Hoewol't party gesinnen yn 1858 en nochris yn 1863 weromkearden nei de Pitcairneilannen, woeks de befolking fan Norfolk stadich oan, mei om't men bykommende kolonisten akseptearre dat gauris seelju wiene dy't op walfiskfarders arrivearren. De wichtichste feestdei op Norfolk is noch altyd Bountydei, dat op 8 juny fierd wurdt, en wêrby't de oankomst fan 'e Pitcairners yn 1856 betocht wurdt.

Moderne tiid

bewurkje seksje

Nei't yn 1901 troch seis ûnderskate Britske koloanjes it Mienebêst Austraalje foarme wie, kaam Norfolk, dat bestjoerlik noch altyd by Nij-Súd-Wales yndield wie, dêr ek ta te hearren. It waard doe losweakke fan Nij-Súd-Wales, en kaam streekrjocht ûnder it bewâld fan 'e Australyske federale oerheid te stean.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard der in strategysk wichtige loftmachtbasis op Norfolk fêstige. Mei't it eilân yn it gebiet lei wêrfoar't Nij-Seelân de ferantwurdlikheid op him nommen hie, waard it oarspronklike Australyske garnizoen ôflost troch in 1.500 man sterke Nijseelânske troepemacht, de saneamde N Force. It die lykwols bliken dat Norfolk te ôfhandich wie om foar de Japanners in oanfal wurdich te wêzen, en nei't de Alliëarden de Japanners werom begûnen te kringen, ferlieten de Nijseelânske troepen it eilân yn febrewaris 1944 wer.

 
Anson Bay.

Yn 1979 krige Norfolk fan Austraalje in beskate foarm fan selsbestjoer. Sûnt keazen de bewenners fan it eilân in eigen parlemint dêr't in eigen regear út foarme waard. Dat regear hie fiergeand foech oer hast alle bestjoerssaken, mei as wichtichste útsûnderings definsje en bûtenlânske betrekkings. Norfolk wie it iennichste fan 'e eksterne territoaria mei sa'n fiergeande autonomy, en it wie ek it iennichste gebiet dat ta Austraalje heart, wêrfan't de ynwenners net stimden yn 'e Australyske nasjonale ferkiezings, noch fertsjintwurdige wiene yn it Australyske Parlemint. Yn 2006 waard dizze bestjoerskonstruksje op 'e nij besjoen, mar úteinlik waard oan 'e ein fan dat proses, op 20 desimber fan dat jier, besletten dat alles sa bliuwe soe sa't it wie.[2] Nei jierren fan ûnienichheid drukte it Australyske regear der yn 2016 lykwols tsjin 'e wil fan 'e Norfolkeilanners in nije bestjoerskonstruksje troch dy't Norfolk syn selsbestjoer ûntnaam.

Finansjele swierrichheden en it tebekrinnen fan it toerisme makke dat it regear fan Norfolk yn 2010 om stipe fan Austraalje frege. It federale regear woe wol helpe, mar woe dat de eilânbewenners yn ruil foar it rjocht op federale útkearings foar it earst yn harren skiednis ynkomstebelesting betelje soene.[3] Yn maaie 2013 wie der lykwols noch gjin oerienstimming berikt, en tsjin dy tiid wiene in protte Norfolkers twongen om wurk op it Australyske fêstelân te sykjen om itende te bliuwen.

 
Bird Rock, oan 'e noardkust.

De offisjele namme fan Norfolk is "it Territoarium Norfolk" (Ingelsk: Territory of Norfolk Island; Norfuk: Teratri of Norf'k Ailen). It wie foarhinne it iennichste eksterne territoarium fan Austraalje dat fiergeand selsbestjoer hie (de oare beide bewenne eksterne territoaria, Krysteilân en de Kokoseilannen, hawwe net mear oer har eigen saken te sizzen as de trochsneed gemeenteried). Dy autonomy wie fêstlein yn 'e Norfolk Island Act út 1979. Der wie in ienkeamerich parlemint de Wetjaande Gearkomste (Legislative Assembly), besteande út njoggen leden, dy't ienris yn 'e trije jier keazen waarden troch it elektoraat. Der wiene gjin politike partijen op Norfolk; alle parlemintsleden en -kandidaten wiene ûnôfhinkliken. De wetten dy't goedkard waarden troch de Wetjaande Gearkomste koene neatich ferklearre wurde troch it Australyske federale parlemint, en dat koe ek Australyske federale wetjouwing oan Norfolk oplizze. Fjouwer fan 'e njoggen parlemintsleden foarmen it regear fan Norfolk, dat de namme droech fan Utfierende Ried (Executive Council). Norfolkers stimden yn prinsipe net yn Australyske federale ferkiezings, en it territoarium wie net fertsjintwurdige yn it Australyske Parlemint.

Der bestie foarhinne nochal wat ûnienichheid oer de politike status fan Norfolk. Neffens in oansjenlik part fan 'e eilânbefolking waard it eilân feitlik ûnôfhinklik doe't de Britske keninginne Fiktoaria yn 1856 de Pitcairners tastimming joech om Norfolk te kolonisearjen. Dy sjenswize hie sa'n oanhing dat it Australyske regear it nedich fûn hat om him ferskate kearen formeel ôf te wizen, de lêste kear yn 2004. Ek it Heechgerjochtshôf fan Austraalje die de útspraak dat der fan ûnôfhinklikens gjin sprake wie. Doe't yn 2006 de bestjoerskonstruksje op it eilân op 'e nij besjoen waard, hie Austraalje dêrmei eins it doel om it bestjoer fan Norfolk werom te bringen ta dat fan in gemeenteried, deselde status dy't Krysteilân en de Kokoseilannen hawwe, de beide oare bewenne eksterne territoaria fan Austraalje. Dat soarge lykwols op Norfolk foar sa'n rebûlje, dat men dêr úteinlik mar fan ôfseach.

Yn maart 2015 kundige it Australyske federale regear lykwols yngeande bestjoerlike herfoarmings oan, dy't trochfierd waarden tsjin 'e wil fan 'e Wetjaande Gearkomste fan Norfolk yn en sûnder de befolking fan it eilân deroer te rieplachtsjen. Op 17 juny 2015 waard de Wetjaande Gearkomste opheft, wêrnei't it bestjoer fan it eilân oergie yn 'e hannen fan in oanstelde bestjoerder dy't bystien waard troch in advysrie. Ferkiezingss foar in nije folksfertsjintwurdiging, de Regionale Ried, dy't net mear macht hat as in gemeenteried, waarden holden op 28 maaie 2016, wêrnei't it bestjoer fan it eilân op 1 july fan dat jier dêroan oerdroegen waard. Fan dat stuit ôf jilde alle Australyske wetten op Norfolk en stimme Norfolkers yn Australyske ferkiezings.

 
De Norfolkeilânske dinnebeam, it symboal fan it eilân.

It sûnder mear ôfpakken fan it selsbestjoer late op Norfolk ta lulkens en ferûntweardiging. It waard omskreaun as "genoside sûnder bloedferjitten"[4] en sjoen as kolonisaasje troch in bûtenlânske macht. De feriening Norfolk Island People for Democracy (NIPD) tsjinne in offisjele oanfraach by de Feriene Naasjes yn om Norfolk op 'e list te pleatsen fan gebieten dy't noch net dekolonisearre binne. Der bestiet ek in beweging op it eilân dy't krewearret foar oansluting by Nij-Seelân. By in opinypeiling dy't NIPD yn oktober 2019 útfierde ûnder in represintatyf fjirdepart fan 'e befolking, wie 37% foar selsbestjoer binnen it Nijseelânske steatsbestel, 35% foar selsbestjoer binnen it Australyske steatsbestel (de sitewaasje fan 1979 oant 2016), 25% foar folsleine ûnôfhinklikheid en mar 3% foar yntegraasje yn Austraalje (de hjoeddeistige sitewaasje).

Yn 2023, nei't it jiers dêrfoar de sosjalisten fan 'e Laborpartij yn Austraalje oan it bewâld kommen wiene, waard in kommisje ynsteld om te besjen hoe't Norfolk syn selsbestjoer weromjûn wurde koe.[5] (Fan 2013 oant en mei 2022 wiene yn Austraalje de konservativen fan 'e Liberale Partij fan Austraalje oan 'e macht.)

De eksport fan 'e Norfolkeilânske dinnebeam en it toerisme binne de wichtichste pylders fan 'e Norfolkske ekonomy. Mei't it ferbean is om farske griente en fruit te ymportearjen, ferbouwe de bewenners dat sels, mar inkeld foar eigen gebrûk. Der is gjin permaninte lânbougrûn op it eilân, mar 25% fan it lân bestiet út greiden, foar de feehâlderij. Kowefleis wurdt sawol pleatslik produsearre as ymportearre. Der is fierders ien wyngerd op it eilân, dy't it merk Two Chimneys Wines produsearret. It Australyske regear makket oanspraak op in eksklusive ekonomyske sône fan 200 seemyl (370 km) om it eilân hinne. Hoewol't deroer spekulearre wurdt dat dêr ierdoalje- en ierdgasfoarrieden binne, is dat noch net bewiisd. De Norfolkers betelje gjin Australyske federale belestings.

 
It rotseilantsje Cathedral Rock, foar de noardkust.

Foarsjennings

bewurkje seksje

Norfolk hat in eigen sikehûs, dêr't ienfâldige ferwûnings en de meast foarkommende sykten behannele wurde kinne. Foar yngripende behannelings moat men lykwols útwike nei it Australyske fêstelân. By need fersoarget de Keninklike Australyske Loftmacht medyske evakuaasjes. Dit ûntbrekken fan medyske fasiliteiten hat in grutte ynfloed op it libben op Norfolk; in protte âldere eilânbewenners kinne omreden fan oanboazjende sûnensproblematyk net op it eilân wenjen bliuwe en binne twongen om bliuwend te emigrearjen nei Austraalje of Nij-Seelân.

Fierders hat Norfolk in eigen winkelsintrum, postkantoar, sliterij, multyfunksjoneel sintrum, rjochtbank, heechgerjochtshôf en folkstellingsburo. Ek hat Norfolk in eigen botanyske tún, de Norfolk Island Botanic Garden, dêr't in grut diel fan 'e lânseigen floara te besichtigjen is.

De definsje fan it territoarium is taparte oan 'e Australyske Striidkrêften. Australia Post fersoarget de ferstjoering en ûntfangst fan post fan en nei Norfolk, mar de besoarging en ophelling op it eilân sels wurdt dien troch de Norfolk Island Postal Service. It eilân jout dan ek syn eigen postsegels út (dêr't postsegelsammelders tige hjit op binne), en dy kinne op it Australyske fêstelân net brûkt wurde, wylst Australyske postsegels op it eilân krektlyk ûnjildich binne. Norfolk hat in eigen radiostasjon en in eigen tillefyzjestjoerder. Fia de satellyt kinne alle grutte Australyske stjoerders ek ûntfongen wurde. Teffens hawwe de eilannen ferbining mei it ynternet fia de satellyt.

 
De steger by Kingston.

Norfolk hat gjin haven, inkeld in ankerplak op see, dêr't fracht bestimd foar it eilân oerladen wurdt yn lytsere boaten dy't 5 ton per kear hâlde kinne. Dy kinne dan de stegers berikke dy't by Kingston, oan 'e súdkust, en Cascade, oan 'e noardkust, oanlein binne. Fierdersoan is der in fleanfjild op it eilân, it Norfolk Island Airport, en teffens is der foar 53 km oan ferhurde wegen en foar 27 km oan ûnferhurde paden.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Norfolk doe 2.302 ynwenners, mei in befolkingstichtens fan 61,9 minsken de km². Dat is in weromgong fan 11,5% neffens 2001, doe't der noch 2.601 ynwenners wiene. It haadplak is Kingston, mar dat is mear in út 'e klauwen groeid regearingssintrum as in wenkearn. De grutste delsetting op it eilân is Burnt Pine, dat yn it binnenlân leit.

De measte Norfolkers binne de Britsk-Tahitiaanske ôfstammelingen fan 'e Bounty-muiters en harren froulju, of lju fan Jeropeesk (meast Britsk) komôf dy't har resinter op it eilân nei wenjen set hawwe. In lyts groepke bestiet út ymmigranten fan 'e earste generaasje út Austraalje en Nij-Seelân. Likernôch de helte fan 'e befolking kin syn ôfstamming weromfolgje nei de Pitcairneilannen en dêrwei nei de bemanning fan 'e Bounty. Dat mienskiplike foarâlderskip hat makke dat it tal efternammen op it eilân nochal beheind is; sadwaande hawwe de measte lju in bynamme dy't har echte namme frijwol ferfongen hat (krekt sa't dat foarhinne yn guon Fryske doarpen it gefal wie), en dy't dêrom ornaris ek yn it pleatslike tillefoanboek opnommen wurdt.

Fan alle Norfolkers bestiet 62% út kristenen. Yn 2011 identifisearre 34% him as anglikaansk, 13% as lid fan 'e feriene protestantske Uniting Church in Australia, 12% as roomsk en 3% as sânde-deisadvintist. Likernôch 9% bestie út oanhingers fan oare religyen, 24% wie ateïst of agnost, en 7% wegere syn religieuze oertsjûging op te jaan.

 
In gintepyk.

Op Norfolk wurdt sawol Ingelsk sprutsen as it Norfuk, in kreoalske taal basearre op it Ingelsk, dy't yn 'e achttjinde iuw ûntstien is op 'e Pitcairneilannen ûnder de dêr yn folsleine isolaasje libjende neikommelingen fan 'e Bounty-muiters en harren Tahitiaanske froulju (sadwaande wurdt dizze taal ek wol Pitcairn-Norfuk neamd). Under de Norfolk Island Language Act waard yn 2004 it Norfuk op it eilân in offisjele status taparte dy't gelyk is oan dy fan it Ingelsk. Dy fêstlizzing yn 'e wet wie ek wol nedich, want troch it toerisme en de ymmigraasje fan almar mear lju dy't it Norfuk net machtich binne, is dy taal de lêste fearnsiuw hieltyd mear ûnder druk kommen te stean. By de folkstelling fan 2011 joech 32% fan 'e befolking op yn it deistich libben "in oare taal as it Ingelsk" te sprekken (wat yn 'e grutte mearderheid fan 'e gefallen it Norfuk wêze sil), wylst justjes minder as 75% fan 'e minsken sei dat se Norfuk sprekke koene.

Norfolk hat in subtropysk klimaat dat yn alle jiertiden as "myld" karakterisearre wurde kin. De temperatuer sakket frijwol nea ûnder de 10 °C en komt ek frijwol nea boppe de 26 °C út. Rekôrtemperatueren op it eilân wiene 28,4 °C en 6,2 °C. De waarmste moanne, mei in trochsneed temperatuer oerdeis fan 24,9 °C, is febrewaris, wylst augustus mei in gemiddelde fan 18,3 °C oerdeis, de "kâldste" moanne is. Norfolk kriget jiers yn trochsneed 1.290,2 mm rein, wêrfan it measte yn 'e winter, tusken april en augustus. Tusken maaie en july bestiet it gefaar dat it eilân troffen wurde kin troch in sykloan, al komt dat net faak foar.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. norfolkisland.com.au/history_and_culture/convict
  2. Governance & Administration, Attorney-General's Department; 28 febr 2008.
  3. Norfolk Island is about to undergo a dramatic change in order to secure a financial lifeline; ABC News 7.30 oere, 26 jan 2011.
  4. Costello, David, Norfolk Islanders take bitter independence row to UN op 'e webside fan it Australysk Ynstitút foar Internasjonale Relaasjes, 2 maart 2019.
  5. Silk, Marty, Australia may return Norfolk Island to self-governance, yn 'e Canberra Times, 9 febrewaris 2023.

boarnen:

  • Clarke, Peter, Hell and Paradise: The Norfolk, Bounty, Pitcairn Saga, Ringswood, 1986 (Viking), ISBN 0 67 08 15 217
  • Hoare, Merval, Norfolk Island: An Outline of Its History 1774-1977, St. Lucia, 1978 (University of Queensland Press), ISBN 0 70 22 19 41X
  • Kreutzkamp, Dieter, Straßen in die Einsamkeit: Australien, Outback, Queensland und Norfolk Island, 2002 (Frederking und Thaler), ISBN 978-3 89 40 53 222
  • McCullough, Colleen: Insel der Verlorenen: Australien-Saga, 2005 (Blanvalet), ISBN 978-3 44 23 61 908.
  • Muhlhausler, Peter, en Nash, Joshua, Norfolk Island: History, People, Environment, Language, 2012 (Battlebridge Publications), ISBN 978-1 90 32 92 259

Foar oare boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Notes en Further reading, op dizze side.


 
              Austraalje
 
steaten
Fiktoaria • Nij-Súd-Wales • Queenslân • Súd-Austraalje • Tasmaanje • West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium • Jervis Bay Territoarium • Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen • Australysk Antarktysk Territoarium • Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen - Krysteilân) • Heard en de McDonaldeilannen • Koraalsee-eilannen • Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe • Macquarie • Torresstrjitte-eilannen
  ·   ·