Rivier
In rivier is in natuerlike wetterstream, meastentiids besteande út swiet wetter. Eltse rivier leit yn in streamgebiet. Dat is it totale omringjende gebiet wêrbinnen al it oerstallige wetter yn ôffierd wurdt.
Soarten
bewurkje seksjeDer wurdt ûnderskied makke tusken oseanyske rivieren dy’t yn in see of in oseaan útkomme, en kontinintale rivieren, dy’t yn in mar, in sompe of in woastine einigje. In streamke is de oantsjutting foar in lytse rivier. In rivier dy’t yn in oare rivier útkomt wurdt wol in sydrivier of in byrivier neamd. Ek binne der rivieren dy’t de grûn yn ferdwine of dy’t al opdrûgje foar’t se by in oare wettermassa komme.
Stadiums
bewurkje seksjeDe jonge rivier
bewurkje seksjeIt begjin fan in rivier hjit de "Boarne". It part fan de rivier dat it ticht by de boarne is hjit in "jonge rivier". In jonge rivier streamt almeast fluch omleech oer stien en rouwe grûn. Jonge rivieren hawwe almeast in soad wetterfallen.
- De boarne fan in rivier kin in plak yn de bergen wêze dêr’t wetter fan ûnder de grûn omheech komt.
- De boarne fan in rivier kin ek in mar wêze, dêr’t in soad wetter fan oare lytse rivieren yn komt as it reint of as snie raamt.
- In rivier kin begjinne yn de bergen, dêr’t snie is. It smeltende wetter komt byinoar en begjint sa in lyts streamke dat by de bergen del rint. As der dan mear fan sokke streamkes bykomme wurdt de haadstream grutter en kin in rivier ûntstean.
- Guon rivieren ûntstean op bergen dêr’t gjin snie is, mar in soad delslach.
- Guon rivieren streame allinnich as it reind hat.
-
It begjin fan de rivier de Arkansas.
-
De Soča rivier begjint yn de bergen fan Sloveenje.
-
Wetterfallen komme it meast foar by in jonge rivier.
-
Dizze rivier yn Noard Austraalje streamt allinnich nei swiere delslach.
De folwoeksen rivier
bewurkje seksjeDe midden fan in rivier hjit de "folwoeksen rivier". Dit part fan de rivier kin tige djip wêze en fluch streame. It giet oer lytse stienen en makket grutte bochten tusken heuvels en bergen. It is in stik breder as in jonge rivier, mar net sa wiid as in âlde rivier. Om oer folwoeksen rivieren te kommen brûke minsken brêgen. In soad stêden lizze oan de igge fan rivieren yn dit stadium. Ek in soad buorkerijen dy’t bisten hâlde lykas kij, hynders en skiep binne boud by folwoeksen rivieren omdat de bisten dan alle dagen út de rivier drinke kinne.
-
De rivier Clearwater yn Alberta is in folwoeksen rivier.
-
De rivier de Severn streamt troch lânbougrûn.
-
De Rijn-delte hat in soad stêden.
-
Florence is boud op de iggen fan de Arno.
De âlde rivier
bewurkje seksjeIt lêste part fan in rivier streamt meastal út yn in oseaan, in mar of in gruttere rivier. It plak dêr’t de rivier yn in gruttere wettermassa útkomt wurdt de "mûning" fan in rivier neamd.
As in rivier nei syn mûning streamt, feroaret it lân om de rivier hinne faak fan heuvelich nei flak. As it troch it flakke lân streamt wurdt de rivier wider en stadiger. In wide trage rivier hjit in "âlde rivier". In âlde rivier streamt faak oer nei in soad delslach oan it begjin fan de rivier. In âlde rivier hat faak hege iggen oan beide siden, de hege iggen wurde leidamen neamd. Ek meändert in rivier yn dit stadium faak en as er oerstreamt lit er faak marren efter. Dit type rivier is it meast gaadlik om gewaaks te bouwen. Weet, rys, fruit, katoen, gers, tabak en sûker binne soarten gewaaks dy’t groeie oan âlde rivieren.
Dêr't in rivier yn de seam útmûnet, streamt de rivier somtiden tige traach troch sân- en dreklân, wêrtroch lytse eilannen ûntstean. De haadstream fan de rivier wurdt brutsen yn allegear parten dy’t ferspraat reitsje yn in trijehoekige foarm, krektlyk as de Grykske letter ‘Delta’. Dit hjit dêrom de "delta" fan de rivier. Delta’s binne faak plakken dy’t net goed binne foar de bou fan in stêd of buorkerij, mar wol foar fûgels en oar wyldlibben. Delta’s wurde faak feroare ta natuergebieten. Net alle rivieren hawwe delta’s. Ferneamde delta’s binne dy fan de Nyl, de Amasône, de Mekong en de Donau.
-
De Nowitna is in âlde river mei meänders.
-
De delta fan de Ganges yn Yndia.
-
Op de gersige eilannen yn de Okavango-delta libje oaljefanten, liuwen en flamingo's.
-
Stêden binne faak boud oan âlde rivieren.
Minsklik yngripen
bewurkje seksjeSûnt de Midsiuwen binne de lytsere deltariviertakken yn Nederlân ôfdamme (Linge, Alde Ryn, Hollânske Isel) en binne de gruttere takken foarsjoen fan diken. De polders tusken de rivieren, bygelyks de Betuwe, waarden sa beskerme tsjin oerstreamings. Fierders binne in soad meanders, fan streamkes en fan grutte rivieren, fanwegen kanalisaasje ôfsnien. Yn it ramt fan de feiligens en ferwachte takomstige klimaatferoarings wurdt der sûnt de ‘hast-oerstreamings’ fan 1993 en 1995 neitocht oer it ferheegjen fan diken en it op in oare manear foarkommen fan oerstreamings by rivieren lâns. Dat lêste moat bygelyks barre troch oerstreamgebieten om by heechwetter de heechste ôffierplakken ferleegjen te kinne.
In natuerlike rivier sûnder beskerming sil yn de bûtenbocht útslite en yn de binnenbocht fersânje. Om de rivier op itselde plak te hâlden wurde haden en strekdamen oanlein. Troch de oanlis hjirfan krije rivieren in regelmjittige rin en wurdt de farsoal op syn plak en op djipte hâlden.
Oerstreamingen
bewurkje seksjeIt oerstreamen fan in rivier is part fan syn natuerlike syklus. It meastepart fan de eroazje fan in rivier en de eroazje en it ôfsette fan sediminten op de spielflakte bart yn it skoft fan it floedzjen. Yn in soad ûntwikkele gebieten hawwe minsken de rin fan in rivier feroare. Diken binne boud, rivieren binne rjocht lutsen en wietlannen binne drainearre. Faak hat de warberens fan minsken dêrby de kâns op oerstreamings grutter makke. It rjochtlûken fan rivieren hat as gefolch dat it wetter hurder streamt, wêrtroch de kâns op oerstreamings by de rivier del grutter wurdt. It bouwe op spielflaktes hat ek as gefolch dat it wetter net fuort kin en der oerstreamings plak hawwe. De bou fan diken hoedet allinnich mar it lân efter de dyk en net it lân dat fierderop leit. Diken kinne ek by de rivier op foar oerstreamings soargje omdat wetter troch in lytsere romte gean kin wêrtroch it efter op kommende wetter der foar soarget dat it wetter omheech komt.
Gebrûk fan rivieren
bewurkje seksjeWetter út rivieren kin faak gewoan dronken wurde, of it moat fersmoarge wêze troch drek of troch fersmoarging fan de minske. Minsken en bisten hawwe kâldwetter nedich, dat se libje faak oan de igge fan rivieren.
Floara en fauna
bewurkje seksjeDe measte rivieren hawwe swiet wetter en binne de libbensromte foar de swietwetterfloara en -fauna.
It measte libben yn rivieren sit fêst oan it swiete wetter, mar guon bisten, bygelyks de salm en de hilsa, hawwe har sels sa oanpast dat se ek oer sâlt wetter kinne, wêrtroch't se yn sawol de see en yn de rivier libje kinne. De organismen yn oaibosken reagearje op feroarings yn de stream fan de rivier. Bygelyks yn rivieren wêrfan de stream gau feroaret, ûntwikkelt ekologyske súksesje har yn oerienstimming mei de hearskjende patroanen fan eroazje en delslach.
Ekstremen
bewurkje seksjeDe top 10 fan langste rivieren sjocht der sa út:
- 1 de Nyl: 6670 kilometer
- 1 de Amazône: 6437 / 6775
- 3 de Jangtze: 6380
- 4 de Missoury/Mississippy: 5970
- 5 de Ob: 5410 kilometer
- 6 de Giele Rivier: 4830
- 7 de Kongo: 4630
- 8 de Lena: 4400
- 9 de Amoer: 4350
- 10 de Mekong: 4345
It is tige dreech de langte fan de Nyl en de Amazône te mjitten. Alhoewol't de leechste en heechste rûsde langtes fan de Amazône heger wienen dan dy fan de Nyl, gou de Nyl yn de 20e iuw as de langste rivier. Yn 2001 is in mjtting by in oare bopperin fan de Amazône dien, dêr't de langte fan de rivier noch wer langer troch blykt te wêzen. Der is lykwols noch gjin konsensus berikt oer at dy mjitting de lege rûsde mjitting sa't dy op it stuit brûkt wurdt, ferfangje kin.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - rivier