Tsjom
Tsjom is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke. Tsjom leit súdeastlik fan Hitsum en Frjentsjer en westlik fan Wjelsryp en Winsum. De doarpskearn fan Tsjom leit om de Jehannestsjerke hinne.
Tsjom | ||
Terpsicht | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.100 (2022) [1] | |
Oerflak | 14,20 km², wêrfan: - lân: 14,11 km² - wetter: 0,10 km² | |
Befolkingsticht. | 78 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 09' N 5° 33' E | |
Offisjele webside | ||
Webstee Tsjom | ||
Kaart | ||
De buorskippen Fâltum, De Flearen, Holpryp, Koüm, Leakwert, Tolsum, Barrum, Hearema, De Kampen, De Krok, Sitlum, Doaium (diel) en Tritsum hearre ek by Tsjom.
Op 1 jannewaris 2023 hie Tsjom 1.1.110 ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeOannommen wurdt dat de skiednis om it jier 600 foar Kristus begûn, doe't minsken harren op it plak fan it hjoeddeiske Tsjom nei wenjen setten. Yn dy tiid lei yn it noarden fan Tsjom in kwelderwâl, dêr't doe noardlik ek de Waadsee lei. Eastlik fan Tsjom briek in nei it suden ta streamende slinge troch de kwelderwâl hinne. Tocht wurdt dat dy slinge troch de bewenners Laak neamd waard, dêr't de buorskip Laakwert syn namme oan tanket ('laak': slinge; wert: terp).
Nei in koarte besetting fan it doarp troch de Romeinen bleaune de ynwenners yn dit diel fan Fryslân noch minstens twa iuwen lang mei de Romeinen hanneljen. By it ôfgraven fan de terp fan Grut Tolsum yn 1914 waard in oarspronklik trijedielich Romeinsk skriuwplankje fûn, dat de datum 23 febrewaris fan it jier 29 nei Kristus draacht. De tekst giet oer in skuldferklearring tusken in slaaf en in ûnbekende skuldner en by de ferklearring wiene Romeinen en in Bataafske soldaat oanwêzich. It plankje fertsjintwurdiget de meast noardlike Latynske tekt fan Europa dy't fûn is.[2]
Doe't de Franken it noardwesten fan Fryslân oermasteren, besochten hja de ynwenners ta it kristendom te bekearen. Ynearsten wie der ferset, mar om 800 hinne krige ek Tsjom in eigen tsjerkje, dy't foar de reformaasje oan Sint-Jan wijd wie.
Yn it jier 1516 waard Tsjom troch troepen fan de Swarte Heap besocht. It doarp mei syn houten hûzen baarnde folslein ôf en allinne de stiennen hûzen (stinzen) lykas Ald-Herema, Hermana en Hottinga bleaune stean. Folle letter waarden de pleatsen en hûzen fan stien boud.
Op 6 juny 1548 waard útein set mei de bou fan de toer fan de Jehannestsjerke, dy't op 20 oktober 1549 foltôge wie. Spaanske troepen stieken de toer yn 1586 yn 'e brân.
Op de Schotanus-kaarten (1664 en 1718) stie by Tsjom ek in standermûne. De mounder sette de nôtmûne yn 1791 foar ôfbraak te keap.[3]
De lânboukrisis fan de jierren 1870 feroarsake in soad wurkleazens ûnder it folk. De gefolgen wiene sa slim dat minsken yn bargehokken wennen. Dat minsken yn sokke omstannichheden ticht op inoar wennen feroarsake syktes en yn 1901 waard dêrom besletten om de sitewaasje te ferbetterjen troch de bou fan mear stiennen hûzen.
De 4,5 meter hege terp fan Tsjom waard yn 1925 oan de noardlike kant en westlike kant ôfgroeven. Op de westlike ôfgraving leit hjoed-de-dei de iisbaan. It ferhege paad dat ôfrint noardlik fan de tsjerke is noch in restant fan de terp. It súdlike diel fan de terp koe troch de bebouwing dêrop net ôfgroeven wurde.
Foar de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 lei it yn 'e (nije) gemeente Frjentsjerteradiel, en foar de weryndieling fan 1984 wie it it grutste plak yn 'e âlde gemeente Frjentsjerteradiel.
Gebouwen
bewurkje seksjeTsjerke
bewurkje seksjeOp de noch altiten grutte terp fan Tsjom stiet de Jehannestsjerke mei de opfallend hege toer. De toer út 1548 is 72 meter en hat in 41 meter hege spits. Dêrmei is it de heechste doarpstoer yn Fryslân. Der binne al stêdstoeren dy't heger binne. Sa is bygelyks de toer fan 'e Bonifatiustsjerke yn Ljouwert, fan likernôch 1880, sels 85 meter heech.
Oan de hege toer fan Tsjom hawwe de ynwenners harren by namme 'lyntsjesnijers' te tankjen (sjoch ek ûnder mienskip).
Mûnen
bewurkje seksjeTichtby Tsjom stean twa spinnekopmoles: Fatum en Teatlum.
Mienskip
bewurkje seksjeTsjom hat in eigen feriening foar Doarpsbelang. It doarpshûs 'De Moeting' stiet oan de Nijbuorsterwei en is ûnderbrocht yn de eardere herfoarme pastorije mei in stik nijbou. It doarpskrantsje fan Tsjom hjitte 'Op 'e Hichte'.
Ynwenners fan Tsjom wurde 'lyntsjesnijers' neamd. Neffens it ferhaal soenen lju fan Aldeboarn besocht hawwe de toer fan Tsjom op te mjitten om yn eigen doarp in noch hegere toer te bouwen en dêr mei te pronkjen. Fan de line dy't de lingte oanjoech sniene de Tsjommers lykwols noch in stik ôf, dat doe't Aldeboarn in toer boud hie, dy't heger wie as de line lang, wie dy dochs leger as dy fan Tsjom. De ynwenners fan Aldeboarn krigen de bynamme 'tuorkemjitters'.
Healwei septimber wurdt yn Tsjom it Fuel Power Event holden, it grutste barren op it mêd fan trekker- en frachtweinlûken yn Noard-Nederlân.
Tsjerke
bewurkje seksjeTsjom hie njonken de earder herfoarme Jehannestsjerke ek in grifformearde tsjerke oan de Wommelserwei. Mei't de grifformearden en de herfoarmen tegearre gyngen, waard op 27 jannewaris 2002 foar it lêst in tsjinst holden yn de grifformearde tsjerke. It Bakker & Timmenga-oargel ferhuze nei de Grifformeard-frijmakke tsjerke fan Apeldoorn. De grifformearde tsjerke waard neitiid ferboud ta wente.
Skoalle
bewurkje seksje- It doarp hat in protestantsk-kristlike basisskoalle: de Staetlânskoalle. 't Hummelhonk is it pjutteboartersplak.
Ferienings
bewurkje seksjeBuertferienings binne: De Lyntsjesnijers, De Knikkeraaars, Foar de Toer, Smiwofa en Tusken Terp en Wetter.[4]
|
|
(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside.)
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1840 | 1913 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2003 | 2013 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 633 | 1.080 | 1.097 | 1.050 | 1.018 | 1.091 | 1.209 | 1.167 | 1.184 |
Jier | 2015 | 2022 | |||||||
Ynwenners | 1.164 | 1.080 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)
Berne yn Tsjom
bewurkje seksje- Reynier fan Tsjom (1600-1670) keapman yn Japan en boargemaster yn Drylts
- Jorit Martens (?–1628), seeman
- Jan Melles van Dijk (1830-1909), dûmny
- Oebele Stellingwerf (1848-1897), sjoernalist en politikus
- Johannes Belksma (1884-1942), sindeling
- Anne Hallema (1893-1973), histoarikus
- Jacob Noordmans (1928-2017), âld-haadredakteur Ljouwerter Krante
- Piet Paulusma (1956-2022), waarman
- Sjoukje Iedema (1962), keunstner
- Liuwe H. Westra (1966), oersetter, dûmny, universitêr ûndersiker klassike talen.
Ynfrastruktuer
bewurkje seksjeFerbinings
bewurkje seksjeTsjom hat nei it suden fia de Wommelserwei ferbining mei Wommels, en nei it noarden fia de Frjentsjerter Wei mei Frjentsjer. De Nijbuorsterwei nei it easten jout ferbining mei Winsum. Tsjom leit east fan de De Tsjommer Feart dy't nei it noarden by Frjentsjer yn it Van Harinxmakanaal en yn it suden by Hemert yn de Harnzer Feart útkomt. De Aldmear foarmet nei it easten de ferbining mei de Frjentsjerter Feart.
Strjitten
bewurkje seksjeAlle strjitten fan Tsjom.
Publikaasjes
bewurkje seksje- H. Kreger - Byld fan Ald Tsjom
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|