Springe nei ynhâld

Tom Clancy

Ut Wikipedy
Tom Clancy
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Thomas Leo Clancy jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 12 april 1947
berteplak Baltimore (Marylân)
stoarn 1 oktober 2013
stjerplak Baltimore (Marylân)
etnisiteit Iersk
wurk
taal Ingelsk
sjenre spionaazjeromans, skrillerromans,
histoaryske romans
bekendste
  wurk(en)
The Hunt for Red October
Patriot Games
Clear and Present Danger
The Sum of All Fears
útjouwer G.P. Putnam's Sons
jierren aktyf 19842013
offisjele webside
tomclancy.com

Tom Clancy (folút: Thomas Leo Clancy jr.; Baltimore, 12 april 1947 – dêre, 1 oktober 2013) wie in Amerikaansk skriuwer dy't bekend stie om syn technysk detaillearre beskriuwings fan spionaazje en militêre saken. Hy waard wrâldferneamd mei syn spionaazje- en skrillerromans, dy't hast allegearre bestsellers waarden, en ferkocht mear as 100 miljoen eksimplaren fan syn boeken. Clancy wie de geastlike heit fan it personaazje Jack Ryan. Dat wie de haadpersoan yn û.o. boeken as The Hunt for Red October, Patriot Games, Clear and Present Danger en The Sum of All Fears, dy't allegearre mei grut kommersjeel súkses ferfilme waarden. Nei it ferstjerren fan Clancy is de Jack Ryan-romansearje mei goedkarring fan syn erven fuortset troch oare auteurs.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tom Clancy waard op 12 april 1947 berne yn it Franklin Square Hospital yn Baltimore, yn 'e Amerikaanske steat Marylân. Hy wie de twadde fan trije bern yn 'e húshâlding fan Thomas Leo Clancy sr., in postrinner, en dy syn frou Catherine, in winkelbetsjinde. Beiden wiene fan etnysk Iersk komôf. Clancy groeide op yn 'e buert Northwood, yn it noardeasten fan Baltimore, en wie yn syn jonkheid by de paadfinerij. Hy waard troch syn âldelju roomsk grutbrocht. Yn it ferlingde dêrfan gied er ek nei in roomske middelbere skoalle, dêr't de leararen allegearre jezuïten wiene. Letter learde er fierder oant it Loyola Kolleezje (no de Loyola Universiteit Marylân), dy't ferneamd wie nei Ignatius fan Loyola, de stifter fan 'e Sosiëteit fan Jezus (de jezuïtyske oarder). Yn 1969 studearre Clancy dêr ôf mei in bachelorgraad yn Ingelske letterkunde.

Clancy joech him by de nasjonale reserve fan it Amerikaanske Leger, mar waard net talitten ta aktive tsjinst om't er tige bysjend wie en net funksjonearje koe sûnder in bril mei tsjûke glêzen. Nei't er yn 1969 ôfstudearre wie, fûn er in baan by in fersekeringsmaatskippij yn Hartford (Connecticut). Yn 1973 feroare Clancy fan baan en kaam er te wurkjen by it O.F. Bowen Agency, in lytse fersekerder yn Owings (Marylân), dy't oprjochte wie troch de pake fan syn frou Wanda. Yn 1980, nei it ferstjerren fan 'e pake, naam er dat bedriuw oer fan 'e beppe fan syn frou, en sette er syn wurk fuort, wylst er yn syn frije tiid besocht romans te skriuwen.

Skriuwkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De karriêre fan Clancy as skriuwer begûn yn 1982, doe't er úteinsette mei syn wurk oan 'e roman The Hunt for Red October, dêr't er mei trochbrekke soe. It boek, in spionaazjeskriller, gie oer in spesjaal agint fan 'e CIA, Jack Ryan, dy't behelle rekket yn in krisis as in skynber lossleine kaptein fan 'e marine fan 'e Sovjet-Uny mei syn technologysk superieure dûkboat, de Reade Oktober, op 'e Amerikaanske eastkust ta komt. Clancy liet The Hunt for Red October yn 1984 publisearje troch de lytse útjouwerij Naval Institute Press yn Annapolis (Marylân), en krige dêr $5.000 foar útbetelle. Hy dreamde derfan om 5.000 eksimplaren fan syn boek te ferkeapjen; dat waarden der fuort al 45.000. Doe't The Hunt for Red October neitiid priizge waard troch de Amerikaanske presidint Ronald Reagan, giene der 300.000 hardcovereksimplaren en 2 miljoen paperbacks fan oer de toanbank. Dêrmei wie Clancy syn earste roman fuortendaliks in bestseller.

Syn folgjende boek skreau Clancy tegearre kollega-romanskriuwer Larry Bond; it wie it epos oer de Kâlde Oarloch Red Storm Rising, dat yn 1986 ferskynde. Dêrfan waarden yn it earste jier mear as in miljoen eksimplaren ferkocht. Dêrmei wie Clancy de Naval Institute Press ûntgroeid en stapte er oer nei de gruttere útjouwerij G.P. Putnam's Sons. Hy waard in hoekstien fan dat bedriuw, net inkeld om't syn boeken stiiffêst bestsellers wiene, mar fral ek om't er betrouber wie yn 'e sin dat der elts jier om deselde tiid hinne in nij boek fan him útkaam. Uteinlik soene santjin fan syn boeken it earste plak op 'e bestsellerlist fan The New York Times helje. Tsjin 1988 hie Clancy $1,3 miljoen fertsjinne oan The Hunt for Red October, en datselde jiers tekene er in kontrakt mei Putnam ter wearde fan $3 miljoen foar de publikaasje fan syn earstfolgjende trije boeken. Yn 1992 ferkocht er Without Remorse foar de rekôrpriis fan $14 miljoen. Yn 1997 betelle Penguin Putnam oan Clancy it bedrach fan $50 miljoen foar twa nije boeken.

Clancy skreau ek inkele op harsels steande romans en in rige non-fiksjeboeken oer de Amerikaanske Striidkrêften, mar it grutste part fan syn oeuvre wie wijd oan 'e aventoeren Jack Ryan, mei in pear spin-offromans oer it personaazje John Clark. Yn 'e Jack Ryan-romansearje klimt it titelpersonaazje, krekt as Clancy sels in roomske Amerikaan fan Iersk komôf dy't hikke en tein is yn Baltimore, binnen de CIA op ta de post fan adjunkt-direkteur. Nei syn pinsjonearring giet er de polityk yn en troch in stikmannich ûnfoarsjoene omstannichheden bringt er it ta presidint fan 'e Feriene Steaten. Fjouwer fan 'e boeken út 'e romansearje waarden troch de filmyndustry fan Hollywood adaptearre ta tige súksesfolle films, te witten: The Hunt for Red October (1990, mei Alec Baldwin en Sean Connery), Patriot Games en Clear and Present Danger (1992 en 1994, beide mei Harrison Ford) en The Sum of All Fears (2002, mei Ben Affleck en Morgan Freeman). Oer it personaazje fan Jack Ryan waard ek in fyfde film makke (Jack Ryan: Shadow Recruit, 2014), mei in orizjinele plot, en in tillefyzjesearje (Jack Ryan, fan 2018 ôf).

Tom Clancy troude yn 1969 mei Wanda Thomas King, in ferpleechster, mei wa't er fjouwer dochters krige: Michelle, Christine, Sarah en Kathleen. Yn 1995 giene hy en de frou koarte tiid útinoar omreden fan houliksswierrichheden, en yn desimber 1996 folge in permaninte skieding fan tafel en bêd. Harren wetlike skieding waard yn jannewaris 1999 definityf. Op 26 juny fan dat jier wertroude Clancy mei de freelance sjoernaliste Alexandra Marie Llewellyn, mei wa't er yn 1997 yn 'e kunde kommen wie. Hja wie de dochter fan 'e sakemagnaat J. Bruce Llewellyn en wie teffens befreone mei de (lettere) Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken Colin Powell, dy't har oan Clancy foarstelde. Clancy en syn twadde frou bleaune byinoar oan syn ferstjerren ta en krigen ien dochter.

Clancy wenne op in lângoed fan 80 pûnsmjit (foarhinne in simmerkamp foar bern) yn Calvert County, op it plattelân bûten syn berteplak Baltimore, mei in swiid útsjoch oer de Chesapeakebaai. It koste him $2 miljoen om it oan te skaffen; nei syn dea waard it yn 2020 ferkocht foar $4,9 miljoen. Clancy wie (mei oaren) eigner fan 'e Baltimore Orioles, de honkbalploech fan Baltimore dy't útkomt yn 'e American League fan 'e MLB. Hy beklaaide by de klub de funksje fan fise-foarsitter fan 'e aktiviteitekommisje en de public relations-kommisje.

Tom Clancy rekke oan 'e ein fan syn libben yn 'e minnichte fanwegen hertproblemen. Hy ferstoar op 1 oktober 2013 yn it Johns Hopkins Hospital yn Baltimore oan hertfalen. John D. Gresham, in kollega fan him, sei dêroer: "Tom hat fiif of seis jier lyn in hertoanfal hân en in bypassoperaasje ûndergien. It is net sa dat er no in nije hertoanfal krige; syn hert wie gewoan te'nein." Nei it ferstjerren fan Clancy waard de Jack Ryan-romansearje mei goedkarring fan syn erven fuortset troch oare auteurs.

Hjirûnder in opsomming fan alle wurken dy't echt skreaun binne troch Tom Clancy. De namme fan 'e auteur is (by wize fan marketingfoefke omreden fan syn grutte populariteit) ek brûkt foar oare wurken, dy't eins skreaun binne troch oare skriuwers dy't suver wol trochgean kinne foar ghostwriters. Yn dat gefal stiet der op 'e boeken "created by Tom Clancy" ("kreëarre" of "betocht troch Tom Clancy"), folge troch de namme fan 'e eigentlike auteur yn in folle lytser lettertype. Dêrby giet it om 'e romans út 'e Op-Center-searje (skreaun troch Jeff Rovin, Dick Couch en George Galdorisi), de Net Force-searje (skreaun troch Steve Perry en Jerome Preisler), de Net Force Explorers-searje (skreaun troch Diane Duane, Marc Cerasini, Bill McCay, Mel Odom, John Helfers en Russell Davis) en de Power Plays-searje (skreaun troch Jerome Preisler). Dy romans binne net yn 'e ûndersteande list opnommen.

  • Jack Ryan-searje
    • 1984 – The Hunt for Red October
    • 1987 – Patriot Games
    • 1988 – The Cardinal of the Kremlin
    • 1989 – Clear and Present Danger
    • 1991 – The Sum of All Fears
    • 1993 – Without Remorse
    • 1994 – Debt of Honor
    • 1996 – Executive Orders
    • 1998 – Rainbow Six
    • 2000 – The Bear and the Dragon
    • 2002 – Red Rabbit
    • 2003 – The Teeth of the Tiger
    • 2010 – Dead or Alive (mei Grant Blackwood)
    • 2011 – Locked On (mei Mark Greaney)
    • 2012 – Threat Vector (mei Mark Greaney)
    • 2013 – Command Authority (mei Mark Greaney)

(Foar fierdere dielen yn dizze romansearje, dy't net troch Tom Clancy skreaun binne, sjoch hjirre.)

  • op harsels steande romans

(Yn 2012 soe ek Search and Destroy útkomme, it ferfolch op Against All Enemies, dat ek wer skreaun wie troch Tom Clancy en Peter Telep, mar de publikaasje dêrfan waard om net bekend makke redens ôflast.)

  • Guided Tour-searje
    • 1993 – Submarine: A Guided Tour Inside a Nuclear Warship
    • 1994 – Armored Cav: A Guided Tour of an Armored Cavalry Regiment
    • 1995 – Fighter Wing: A Guided Tour of an Air Force Combat Wing
    • 1996 – Marine: A Guided Tour of a Marine Expeditionary Unit
    • 1997 – Airborne: A Guided Tour of an Airborne Task Force
    • 1999 – Carrier: A Guided Tour of an Aircraft Carrier
    • 2001 – Special Forces: A Guided Tour of U.S. Army Special Forces
  • Study in Command-searje
    • 1997 – Into the Storm: On the Ground in Iraq (mei Fred Franks)
    • 1999 – Every Man a Tiger: the Gulf War Air Campaign (mei Chuck Horner)
    • 2002 – Shadow Warriors: Inside the Special Forces (mei Carl Stiner)
    • 2004 – Battle Ready (mei Anthony Zinni)
  • oar

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side, en ûnder: References en Further Reading, op dizze side.