Springe nei ynhâld

Kastiel

Ut Wikipedy
It Kastiel fan Caerlaverock, yn Skotlân, fan boppe-ôf sjoen.

In kastiel of kasteel is in beskaat type fêstingwurk dat yn 'e Midsiuwen benammen yn Jeropa en it Heine Easten in protte boud waard troch de adel. De beneaming komt fan it Latynske castellum, in ferlytsingsfoarm fan castrum, dat "fersterke plak" betsjut. Oer de krekte definysje fan it begryp 'kastiel' binne de saakkundigen it net alhiel iens, mar ornaris bedoelt men der in fortifisearre priveewente fan in ealman mei. Dêrfan útgeande moat in kastiel ûnderskaat wurde fan in paleis, dat net fortifisearre is, fan in fort, dat net (altyd) in wente is, en fan in fortifisearre delsetting, dy't boud waard foar in mienskip en net foar in priveepersoan. Nettsjinsteande dat kin ûnder de term 'kastiel' dochs noch in wiid ferskaat oan bouwurken beflapt wurde, fan houten heuvelforten oant ta ferdigening ynrjochte lânhuzen. Kastielen waarden oer in perioade fan likernôch 900 jier boud en namen yn dy tiid tige útinoar rinnende foarmen oan. Dêr kaam noch by dat der yn letter tiid noch imitaasjekastielen set waarden. Synonimen foar 'kastiel' binne boarch en slot. In Frânsk kastiel neamt men ek bûten Frankryk faak château. In typysk Fryske foarm fan it kastiel is de stins.

It Kastiel fan Chambord, yn Sintrum-Loiredelling (Frankryk).

It kastiel wurdt yn 'e regel as in Jeropeeske útfining beskôge, ek al waarden se ek yn inkele oare parten fan 'e wrâld boud, lykas Japan. Kastielen dêrwei sjogge der lykwols folslein oars út as Jeropeeske kastielen. Yn elts gefal fûn yn Jeropa it kastiel syn oarsprong yn 'e njoggende en tsiende iuw, doe't nei de it útinoarfallen fan it Frankyske Ryk fan 'e Karolingen it grûngebiet dêrfan ferdield waard ûnder yndividuële eallju. Dy begûnen doe eigen fêstingwurken te bouwen mei as doel om 'e krite om harren residinsje hinne te behearskjen.

It Himeji-kastiel yn Japan. Wol in kastiel, mar mei in folslein oar foarkommen as Jeropeeske kastielen.

Kastielen wiene doedestiden sawol definsive as offinsive bouwurken, mei't se net inkeld in feilich plak wiene dêr't men jin yn weromlûke koe, mar ek in útfalsbasis dêr't oanfallen wei útfierd wurde koene op it gebiet fan 'e fijân. Hoewol't yn ûndersyk nei kastielen faak de klam lein wurdt op 'e militêre oarsprong en doelen, tsjinnen kastielen yn 'e Midsiuwen ek as sintra foar bestjoer en as symboalen fan macht. Stedskastielen waarden brûkt om 'e pleatslike befolking te oerhearskjen en wichtige hannelsrûtes te befeiligjen, wylst kastielen op it plattelân faak boud waarden yn 'e neite fan dingen dy't wichtich wiene foar de wolfeart fan 'e mienskip, lykas moles, fruchtbere grûn of in wetterboarne.

In protte kastielen waarden oarspronklik boud mei ferdigeningswurken fan hout en ierde, lykas palissades en ierdwâlen. Letter waarden dy ûnderdielen ferfongen troch muorren fan stien. Iere kastielen, dy't de lettere ynnovaasjes misten, makken foar de ferdigening fan needs gebrûk fan lânskipseleminten. Sa koe in kastiel op in eilantsje yn in mar boud wurde of op in hege rots, om it minder goed berikber te meitsjen en dêrmei ek dreger yn te nimmen. Sokke kastielen bestiene faak ek mar út ien inkele toer, in donzjon (lykas de Fryske stins).

Fan 'e ein fan 'e tolfde iuw ôf begûn men kastielbou op in wittenskiplike manear oan te pakken. Dat late ta folle gruttere gebouwen mei withoefolle tuorren, wêrby't op it mêd fan 'e ferdigening de klam lei op it mooglik meitsjen om 'e fijân yn 'e flank oan te fallen, troch de tuorren foarútstykje te litten út 'e ringmuorre. In soad fan dy nije kastielen hiene in rjuhoekige foarm of ferskate konsintryske muorren mei tuorren. Dy frij hommels opkommende fernijings binne taskreaun oan ynspiraasje op grûn fan 'e Romeinske forten út 'e Aldheid yn kombinaasje mei de ûntwikkeling fan nije kennis en technology yn it tiidrek fan 'e Krústochten. Net alle eleminten fan kastielarsjitektuer wiene trouwens militêr fan aard. Sa ûntjoech de âlde slotgrêft him fan in poer definsive oarsprong ta in symboal fan macht.

It Slot Neuschwanstein, yn Beieren, is it klassike foarbyld fan in neibeard nepkastiel út 'e 19e iuw.

Hoewol't buskrûd yn Jeropa yn 'e fjirtjinde iuw yntrodusearre waard, hie dat gjin ynfloed op 'e bou fan kastielen oant artillery yn 'e fyftjinde iuw krêftich genôch waard om troch stiennene muorren hinne te brekken. Hoewol't men dêrnei noch trochgie mei it bouwen fan kastielen oant yn 'e sechstjinde iuw, soargen nije techniken op it mêd fan artillery derfoar dat it plakken waarden dêr't men net graach mear wenje woe. Fan gefolgen rekke it mei kastielen yn it neigean. Ynstee begûn men oan 'e iene kant bunkereftige artilleryforten te bouwen sûnder wenbestimming en sûnder rol yn it boargerlik bestjoer, en oan 'e oare kant lânhuzen dy't net te ferdigenjen wiene.

Yn 'e achttjinde iuw ûntstie der nije belangstelling foar kastielen, wat ûnder ynfloed fan in romantyske oplibbing fan goatyske arsjitektuer late ta de bou fan nije kastielen yn sawol de achttjinde as de njoggentjinde iuw. Dat wiene lykwols neibearde nepkastielen sûnder militêr doel, dy't boud waarden sûnder der rekken mei te hâlden oft se wol te ferdigenjen wiene, mar nammenste mear mei hoe't se der útseagen. It hichtepunt en standertfoarbyld fan dat soarte kastielen is it Slot Neuschwanstein, dat yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw boud waard yn opdracht fan kening Loadewyk II fan Beieren. Yn Fryslân kin bgl. it Poptaslot yn Marsum ta dy kategory kastielen rekkene wurde.

  • Donzjon of wentoer: in swiere, fersterke toer. Ien fan 'e ierste foarmen fan it kastiel, letter as ûnderdiel yn oare kastieltypen opnommen.
  • Hichteboarch: in kastiel boud yn bercheftich gebiet, te ûnderskieden fan 'e leechlânboarch, in kastiel boud yn leechlân.
  • Konsintrysk kastiel: in kastiel dat bestiet út ferskate konsintryske ringmuorren, wêrfan't de bûtenste it leechst en de binnenste it heechst is. Kastielen fan dit type hiene gjin sintrale donzjon mear.
  • Leechlânboarch: in kastiel boud yn leechlân, te ûnderskieden fan 'e hichteboarch, in kastiel boud yn bercheftich gebiet.
  • Mottekastiel: in motte, in keunstmjittige heuvel, mei dêrop in kastiel. De ierde foar it oanlizzen fan 'e motte kaam men yn 'e regel oan troch in djippe slotgrêft om 'e heuvel hinne te graven. Op 'e heuvel stie faak in inkele donzjon, omjûn troch in houten palissade.
  • Palts: in keninklik ferbliuwplak yn it Frankyske Ryk en letter yn it Hillige Roomske Ryk. Sokke bouwurken hiene sawol skaaimerken fan in kastiel (fersterke wente) as fan in paleis (amtswente).
  • Ringwâlboarch: in kastiel besteande út in ienfâldige rûne ierdwâl, mooglik bekroane mei in houtene palissade en omjûn troch in eventueel mei wetter folle slotgrêft. Midden yn 'e ierdwâl stie dan faak in fersterke hûs of donzjon.
  • Stedskastiel: in aadlike wente yn in stêd dy't boud is om ferdigene wurde te kinnen.
  • Wetterboarch of wetterslot: in kastiel dat direkt omjûn is troch in brede slotgrêft of dat boud is yn in mar, rivier of oarsoartich oerflaktewetter.

Underdielen fan kastielen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • barbakane: in ekstra poartegebou foár de kastielmuorren.
  • boarstwarring: it boppeste diel fan 'e kastielmuorre: in tsjûke muorre foar de wargong, dy't de ferdigeners oant op boarsthichte beskûl bea.
  • donzjon: de wentoer, it lêste ûntwyk binnen de kastielmuorren.
  • falstek: in metalen stek dat omleech litten wurde koe ta ôfsluting fan 'e poarte-iepening.
  • flapbrêge of klapbrêge: de oplûkbere brêge oer de slotgrêft om by de poarte te kommen.
  • foarboarch: in ferdigenber ûnderdiel fan it kastiel, boud yn in foarútskode posysje foàr de haadboarch.
  • kantiel of kanteel: rjochtopsteand fjouwerkantich of rjochthoekich diel fan 'e kastielmuorre dat boppe-op de boarstwarring stiet. It wurdt fan 'e beide oanbuorjende kantielen skaat troch in sjitgat.
  • kastieltoer: toer as ûnderdiel fan 'e ringmuorre, faak op 'e hoeken, sawol foar ferdigining as om as útkykpost brûkt te wurden.
  • poarte: de fersterke yngong fan in kastiel.
  • poartetoer: toer oan wjerskanten fan 'e poarte.
  • ringmuorre: de ferdigeningsmuorre om it kastiel hinne.
  • sjitgat: de romte tusken twa kantielen op 'e boarstwarring, of in smelle finsteriepening leger yn in kastielmuorre.
  • slotgrêft: in grêft om it kastiel hinne, faak folle mei wetter, mar soms ek drûch.
  • wargong: in mei boarstwarring en/of kantielen befeilige ringong op de kastielmuorre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.