Springe nei ynhâld

Blomlêzing

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Florilegium)

In blomlêzing of karlêzing is in literêre term foar in samling fan 'e moaiste en bêste stikken út 'e poëzij of proaza fan in beskaat literêr mêd. Synonimen binne antology (fan it Grykske anthologia), florilegium (Latyn foar "blomlêzing") en analekta (Gryksk foar "útlêzen stikken"). Yn it Nederlânsk kaam it wurd bloemlezing yn 'e achttjinde iuw yn 'e mode as letterlike oersetting fan it Grykske anthologia; foartiid brûkte men al wol de oantsjutting bloemkrans. Ut it Nederlânsk wei waard it Fryske 'blomlêzing' oernommen.

Blomlêzings besteane yn 'e regel út wurk fan mear as ien auteur, mar it is ek mooglik dat se út it oeuvre fan ien skriuwer gearstald binne. Se kinne wurk omfiemje út in beskate (literêre) perioade, fan in beskate literêre streaming of fan in beskaat sjenre. Ek kinne se tematysk fan aard wêze. Der wurdt ornaris keazen foar it bêste wurk fan in auteur, mei as beheining dat de smaak fan 'e gearstaller, de saneamde blomlêzer, fansels beskiedend is foar de gearstalling. Dêrfandinne dat blomlêzings in rol spylje by de foarming fan literêre kanons. By tematyske blomlêzings komt it trouwens ek faak foar dat skriuwers spesifyk frege wurde om dêrfoar in koart ferhaal of gedicht oan te leverjen. Yn sokke gefallen hoecht it fansels net om it bêste wurk fan 'e oangeande skriuwer te gean.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.