Mozilla makket browsers, apps, koade en helpmiddelen dy’t minsken foar winst stelle.
Us missy: it ynternet foar elkenien iepen en tagonklik hâlde.
Us missy yn aksje
Pioniers fan it Iepen Web
Us liederskip hat sûnt dei 1 it inisjatyf nommen by de bou fan in sûner ynternet. Wat as alternatyf foar saaklike oerhearsking begûn, is útgroeid ta in wrâldwide foarbyldfunksje online.
Firefox: fluch foar it goede
As jo de nije Firefox brûke, krije jo in razendflugge ûnderfining en stypje jo Mozilla’s missy om it ynternet foar elkenien sûn, bysûnder en gastfrij te hâlden.
De fyzje fan Mozilla op it web
Lês oer ús fyzje op it web en hoe’t wy dy fyzje neistribje wolle.
Technologyproblemen yn it echte libben
Yn Mozilla’s faker bekroande podcast, sprekt gastfrou Bridget Todd mei de minsken dy’t de takomst fan it ynternet en AI foarmjaan.
Korporaasje. Stichting. Non-profit.
Mozilla pleatst minsken boppe winst yn alles wat wy sizze, bouwe en dogge. Eins sit der in non-profitstichting yn it hert fan ús ûndernimming.
Ynfo oer de Mozilla FoundationIt Mozilla-manifest
De prinsipen dy’t wy yn 1998 skreaun hawwe, binne foar ús oant op de dei fan hjoed liedend. Yn 2018 hawwe wy hjirfoar in addendum makke om yntegraasje, privacy en feilichheid foar elkenien online klam te jaan.
Lês it manifestIn globaal oersjoch
San Francisco
2000 jierliks wolkom hjitten net-meiwurkers
Berlyn
500 jierlikse oanwêzigen by de lêzingen yn Berlyn
Toronto
800 jierliks konsumearre flessen kâld sette kofje.