James Berardinelli
James Berardinelli (New Brunswick (Nij-Jersey), 25 septimber 1967) is in Amerikaansk filmkritikus, publisist en romanskriuwer. Hy publisearret syn resinsjes op it ynternet op 'e webside ReelViews. Njonken twa boeken mei sammele kritiken fan op dvd útbrochte films hat er ek fjouwer fantasyromans publisearre.
James Berardinelli | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | James Berardinelli | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 25 septimber 1967 | |
berteplak | New Brunswick (Nij-Jersey) | |
etnisiteit | Italjaansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | filmkritikus | |
aktyf as | auteur | |
jierren aktyf | 1993 – no | |
offisjele webside | ||
www.reelviews.net |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeBerardinelli waard yn 1967 berne yn New Brunswick yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey. Hy is fan etnysk Italjaansk komôf, en brocht syn iere jonkheid troch yn Morristown (Nij-Jersey). Doe't er njoggen jier wie, ferhuzen syn âldelju mei him nei Cherry Hill (Nij-Jersey), dêr't er fuortset ûnderwiis folge oan 'e Cherry Hill High School East. Letter ferfear de famylje Berardinelli nei Piscataway (Nij-Jersey). Fan 1985 oant 1990 learde Berardinelli fierder oan 'e Universiteit fan Pennsylvania yn Philadelphia, dêr't er in bachelortitel yn 'e natuerwittenskippen en in mastergraad yn elektrotechnyk behelle.
Karriêre
bewurkje seksjeNei't er ôfstudearre wie, fûn Berardinelli yn 1990 in baan by de Bellcore Company (no Telcordia Technologies). De folgjende fyftin jier wurke er dêr yn in ferskaat oan funksjes, wêrby't er behelle wie by de ûntwikkeling en produksje fan glêsfezelkeabels, fideosystemen en softwareprogramma's.
Yn syn frije tiid begûn Berardinelli fan 1993 ôf resinsjes fan films dy't er sjoen hie, te publisearjen fia Usenet. De earste film dêr't er oer skreau wie Scent of a Woman, út 1992. Mei de opkomst fan it ynternet yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren begûn Berardinelli syn eigen webside, ReelViews.net. Behalven syn filmresinsjes publisearret er dêr ek syn blôch ReelThoughts.
Yn 2001 krige Berardinelli bekendheid by in breder publyk doe't de foaroansteande filmkritikus Roger Ebert him oanpriizge as "de bêste fan 'e kritisy dy't fia it ynternet wurkje". Ebert skreau ek it foarwurd by Berardinelli syn boek ReelViews: The Ultimate Guide to the Best 1,000 Modern Movies on DVD and Video, út 2003, dat in sammeling fan syn eardere filmresinsjes wie. Anno 2016 is Berardinelli in lid fan 'e Broadcast Film Critics Association. Teffens is er in filmkritikus dy't goedkard is troch de webside Rotten Tomatoes (dy't filmresinsjes sammelet om ta in trochsneedbeoardieling fan films te kommen).
Yn septimber 2013 makke Berardinelli bekend dat er wurke oan in trilogy fan fantasyromans, mei as titel The Last Whisper of the Gods. It earste diel kaam út yn novimber 2015, it twadde yn jannewaris 2016 en it slot yn maart 2016. Yn 2017 ferskynde fan syn hân in fjirde roman, The Lingering Haze.
Priveelibben
bewurkje seksjeBerardinelli omskriuwt himsels op religieus mêd as in agnost en op polityk mêd as in libertariër. Hy wennet (anno 2016) yn Mount Laurel yn Nij-Jersey mei syn frou Sheryl, mei wa't er yn 'e kunde kommen is fia syn webside. Hja hawwe twa bern: in soan berne yn maaie 2010 en in dochter berne yn novimber 2019.
Wurk
bewurkje seksje- non-fiksje
- 2003 – ReelViews: The Ultimate Guide to the Best 1,000 Modern Movies on DVD and Video
- 2005 – ReelViews 2: The Ultimate Guide to the Best 1,000 Modern Movies on DVD and Video
- fiksje
- The Last Whisper of the Gods (trilogy)
- 2015 – The Last Whisper of the Gods
- 2016 – The Curse of the Gift
- 2016 – The Shadow of the Otherverse
- 2017 – The Lingering Haze
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |