Universiteit fan Oxford

De Universiteit fan Oxford is in universiteit yn de Ingelske stêd Oxford dy't mei dy fan Cambridge de ferneamdste en âldste universiteit fan it Feriene Keninkryk en mei dy fan Parys en Bologna ta de earsten fan de wrâld heart. Tegearre wurde se wol oantsjut mei Oxbridge.

Universiteit fan Oxfort
Namme
Latynske namme Universitas Oxoniensis
Biedwurd Dominus Illuminatio Mea
'De Heare is myn Ljocht' (Psalm 27, 1)
Lokaasje
Lân Ingelân
Plak Oxford
Oare bysûnderheden
Oprjochting 1167?
Rektor Lord Chris Patten of Barnes
Tal studinten 22.116 (2013)
Netwurken Coimbra, LERU, Russellgroep, Europaeum, EUA
Offisjele webside
www.ox.ac.uk

De krekte stiftingsdatum is net hielendal wis, mar der binne oanwizings dat dêr al yn de 11e iuw ûnderrjochte waard.[1][2] De universiteit groeide hurd fan 1167 ôf doe't Henry II Ingelske studinten ferbea om oan de Universiteit fan Parys te studearjen.

De universiteit bestiet út 39 colleges en 5 halls, dy’t oant op sekere hichte ûnôfhinklike ienheden binne. Sy binne faak om in plein of gersfjild hinne boud (quadrangle). Dosinten en studinten wenje dêr yntern, benammen bard dat noch yn de gruttere en mear âlde colleges/halls. Studinten ferkeare der meast yn it earste en leste jier fan harren trijejierrige bachelorsoplieding. It ûnderkommen foldocht net yn alle gefallen mear oan de moderne easken fan wenjen.
Elts kolleezje is apart stifte troch in rike goeddogger of foarst, in oantal al yn de 13e oant 15e iuw. It meast nije kolleezje fan de universiteit is Green Templeton College dat oprjochte waard by Keninklik Sjarter op 1 oktober 2008 út it byinoar gean fan Green College en Templeton College.[3]

De tagongseasken foar in top-universiteit sa as Oxford binne strang; út de grutte bult fan gadingmakkers wurde alinne de bêsten oannaam. Dat feit wurdt wjerspegele yn de kwaliteit fan it ûnderwiis en it ûndersyk en de oardering fan Oxford yn de top 5 fan bêste universiteiten yn de wrâld.[4][5] Sûnt 1921 hawwe 46 persoanen dy’t yn Oxford studearren in Nobelpriis wûn (earedoktoraten en minsken dy’t earst nei harren Nobelpriis op Oxford kamen net meiteld). It is noch altyd sa dat it grutste part fan Britske top-amtners, diplomaten, ministers en steatssekretarissen fan 'Oxbridge' komt.

Natuerhistoarysk museum fan de universiteit fan Oxford

Kolleezjes fan Oxford

bewurkje seksje
 
Somerville College
 
Brasenose College
 
Worcester College
Namme Stiftingsjier Webstee
All Souls College 1438 Webside
Balliol College 1263 Webside
Brasenose College 1509 Webside
Christ Church 1546 Webside
Corpus Christi College 1517 Webside
Exeter College 1314 Webside
Green Templeton College 2008, 1974/1965 Webside
Harris Manchester College 1786, kolleezjestatus 1996 Webside
Hertford College 1282, kolleezjestatus 1740 Webside
Jesus College 1571 Webside
Keble College 1870 Webside
Kellogg College 1990, kolleezjestatus 1994 Webside
Lady Margaret Hall 1878 Webside
Linacre College 1962 Webside
Lincoln College 1427 Webside
Magdalen College 1458 Webside
Mansfield College 1886, kolleezjestatus 1995 Webside
Merton College 1264 Webside
New College 1379 Webside
Nuffield College 1937 Webside
Oriel College 1326 Webside
Pembroke College 1624 Webside
Reuben College 2019 Webside
Somerville College 1879 Website
St Anne's College 1878 Webside
St Antony's College 1950, Kolleezjestatus 1963 Webside
St Catherine's College 1963 Webside
St Cross College 1965 Webside
St Edmund Hall 1226, kolleezjestatus 1957 Webside
St Hilda's College 1893 Webside
St Hugh's College 1886 Webside
St John's College 1555 Webside
St Peter's College 1929 Webside
The Queen's College 1341 Webside
Trinity College 1554 Webside
University College 1249 Webside
Wadham College 1610 Webside
Wolfson College 1966, kolleezjestatus 1981 Webside
Worcester College 1714 Webside

Bekende Oxforters

bewurkje seksje

Skriuwers en dichters

bewurkje seksje

Oscar Wilde, J. R. R. Tolkien, T.S. Eliot, Robert Graves, Aldous Huxley, Hilaire Belloc, John Galsworthy, Kingsley Amis, Martin Amis, Zlata Filipović, Harper Lee, Seamus Heaney, Joseph Heller, John Donne, Percy Bysshe Shelley, C. S. Lewis, Evelyn Waugh, John Betjeman, W. H. Auden, Algernon Swinburne, Graham Greene, Christopher Hitchens, George Gordon Byron (Lord Byron), Salman Rushdie, Philip Pullman, Dorothy L. Sayers, Lewis Carroll

Natuerwittenskippers

bewurkje seksje

Stephen Hawking, Richard Dawkins, Tim Berners-Lee

William von Ockham, Adam Smith, John Locke, Bertrand Russell, John L. Austin, John Searle

John Wyclif, Edmund Campion, Cuthbert Mayne, Jean de Menasce, Hieronymus von Prag, John Wesley, John Henry Newman, John Thiessen

Arnold Toynbee, Edward Gibbon

Aung San Suu Kyi, Zulfikar Ali Bhutto, Benazir Bhutto, Bilawal Zardari Bhutto, Herbert Henry Asquith, Christopher Wren, William Ewart Gladstone, Thomas More, Tony Blair, Bill Clinton, Richard von Weizsäcker, Kening Abdullah fann Jordaanje, Clement Attlee, Margaret Thatcher, William Penn, Álvaro Uribe Vélez, David Cameron, James Purnell, Norbert Lammert, Indira Gandhi, Kening Jigme Khesar Namgyel Wangchuck

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. A brief history of the University
  2. De earste learaar dêr't wy fan witte is Thibaud d'Etampes, net foar 1116, om't er yn 1114 noch yn Frankryk tahâlde: Gineste, B., "Thibaud d'Étampes", yn Cahiers d'Étampes-Histoire 10 (2009), sdn. 43-58.
  3. Merger to create new Oxford graduate college
  4. Ranking Topuniversiteiten (THES)
  5. Ranking neffens Prof. Henry Tulkens fan de UCL