Albert Cuyp
A(e)lbert Jacobszoon Cuyp (Doardt, oktober 1620 - dêre, begroeven 15 novimber 1691) wie in Nederlânsk lânskips-keunstskilder út in ferneamd Dordtsk keunstnerslaach.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie iennichst bern fan Jacob Cuyp, ek lânskipsskilder, en krige skilderles fan syn heit. Yn 1658 troude Cuyp mei de foarname Cornelia Boschman, de widdo fan Johan van den Corput dy't mei trije bern efterbleaun wie. Op dat stuit hie er al in ymposante karriêre hân. In jier letter krigen se in dochter. Nei 1660 besette er alderhande funksjes yn de Herfoarme Tsjerke; omdat er doe wis fan ynkommen wie, skildere er in stik minder. Aelbert Cuyp stoar yn 1691, fjouwer jier nei syn frou, en waard yn de Augustinetsjerke yn Dordrecht begroeven.
Aelbert Cuyp ûntwikkele nei 1650 syn eigen, rike styl fan skilderjen. Hy is bekend om de protte kleurrike figueren en bisten en om syn faak folle kleurepalet. Syn lânskippen baaie yn in mediterraan sinneljocht, hoewol't er nea yn Itaalje west hie. Wol hat er nei Arnhim, Rhenen en Kleef west. Syn stimmige riviergesichten, dêr't it bekende Gezicht op Dordrecht ûnder is, litte lykwols in masterlik gebrûk fan doffere kleuren sjen, dy't mei it Hollânske lânskip assosjearre wurde. Foar safier't bekend is Cuyp syn lêste wurk fan 1665.
Styl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albert Cuyp waard beynfloede troch Salomon van Ruysdael, Jan van Goyen, Jan Both en Claude Lorrain. Hy fielde him oanlutsen troch de ridderlike en dynastike kultuer. De ruterkeunst is bûtengewoan wichtich: ruters binne by Cuyp faak klaaid yn sabeare-easterske of 'Poalske' styl dy't favoryt wie by de boppelaach fan de befolking, en nimme hâldingen oan sa't dy ûnderwiisd waarden oan de hynsterydakademys yn Frankryk. De skilderijen binne meast net datearre.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de 18e en 19e iuw wiene de ruterstikken tige populêr by de Ingelske aristokrasy. Dêrtroch sit der in protte wurk yn Britske samlingen, mar ek it Ryksmuseum en it Dordrechts Museum hawwe in oantal fan Cuyp syn wurk op 'e noed.
- Detroit Institute of Arts yn Michigan
- Fine Arts Museums of San Francisco yn San Francisco
- Fitzwilliam Museum yn Cambridge
- Hermitage yn Sint-Petersburch [1]
- J. Paul Getty Museum yn Los Angeles
- Louvre yn Parys
- Metropolitan Museum of Art yn New York City
Skilderijen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Zonsondergang na regen, 1648-1652
- Zee bij maanlicht, ± 1648
- Zonsondergang over de rivier, 1650
- Landschap met een weg aan de rand van een bos, 1642-1644
- Gezicht op Schraven-Deel, ± 1645
- Landschap bij Rhenen, ± 1650-1655 [2]
- Jonge herders met koeien, ± 1650
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Albert Cuypmerk is in (dei)merk op de Albert Cuypstrjitte yn de wyk De Pijp, Amsterdam.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Albert Cuyp in it Ryksmuseum
- Albert Cuyp yn it Dordts Museum
- Albert Cuyp op Artcyclopedia mei in protte keppelingen
Boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Simon Schama, Kunstzaken: over Rembrandt, Rubens, Vermeer en vele andere schilders, 1997, side 85-90, Utjouwerij Contact - Amsterdam, ISBN 90-254-2465-1
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Albert Cuyp fan Wikimedia Commons. |