Bryan Ruiz
Bryan Ruiz Gonzalez of Brian Ruiz (San José, 18 augustus 1985) is in Kosta Rikaansk fuotballer dy't sûnt 2006 as spits spilet foar KAA Gint, dat útkomt yn de Belgyske Earste klasse.
Klubkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy begûn syn profesjonele karriêre by Alajuelense, yn de heechste difyzje fan Kosta Rika, wêr't hy yn 2004 de CONCACAF Champions Cup wûn, yn it seizoen 2004-2005 kampioen spile yn de Primera División.
Yn april 2005 wie hy op staazje by Feyenoord. Destiidsk coach Ruud Gullit wie ynteressearre yn de 1,86 meter lange spiler, mar doe't dy ûntslein waard, betsjutte dit dat Ruiz weromstjoerd waard nei Kosta Rika. Yn july 2006 seach Michel Louwagie, manager fan AA Gint, him oan it wurk yn de topper tusken Deportivo Saprissa en Alajuelense, en rekke oertsjûge de opfolger fan Mbark Boussoufa fûn te hawwen. AA Gint betelle sa'n € 391.000 foar Ruiz én Randall Azofeifa.
Yn syn earste seizoen, ûnder trener Georges Leekens siet Ruiz faak op de bank. Hy waard meastentiids ynbrocht as ferfanger fan de mear kontrolearjende Christophe Grégoire op de linkerkant, om wurge tsjinstanners sear te dwaan. It publyk wie gek op him, en wa't him oan it wurk seach op de trening, begrypte net wêrom't hy net faker opsteld stie. Dêroer sei Leekens: "Hie ik Bryan daliks útroppen ta ienige echte opfolger fan Boussoufa, dan hie ik him sportyf fermoarde. (...)Yn it earstoan die hy noch faak de aksje om de aksje. Hy prestearre te wikseljend."
It seizoen dêrnei stie Trond Sollied oan it roer fan AA Gint. Dy spile Ruiz út as linkeroanfaller yn in trijemansfoarhoede. De rinaksjes fan Ruiz, kombinearre mei de trochstekballen fan foerier Khalilou Fadiga, soargen foar in soad doelpunten. Ruiz waard in ûnmisbare pion. Sollied gie nei SK It Hearrenfean, wêrtroch't alwer in oare trener him mei de ûntwikkeling fan de Kostarikaan bemuoien gie. Michel Preud'homme mient, krektas in soad oare waarnimmers, dat Ruiz it bêst ta syn rjocht komt as oanfallende middenfjilder. Yn it seizoen 2008-2009 wurdt hy dan allyksa útspile. Oan it begjin fertoande de spiler in wat mindere foarm, mar hy groeide yn de twadde seizoenshelte yn de nije rol, en krige sels de oanfierdersbân fan it opklimmende Gent om. Yn it seizoen 2008-2009 krige hy de Jean-Claude Bouvy trofee, de Gintske publykspriis. Op 14 july 2009 waard bekend dat FC Twente de nije klub wurdt fan de Costa Rikaan. Gint ûntfangt sa'n fiif miljoen euro foar de oanfaller en by trochferkeap fangt de klub noch in persintaazje fan de transfersom. Ruiz tekent foar fjouwer jier by de Tukkers.
Ynternasjonale karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy is al faker oproppen foar it nasjonale team fan Kosta Rika. Sa spile hy yn de CONCACAF Gold Cup en op it wrâldkampioenskip fuotbal 2006 kwalifikaasjewedstriden.
Yn de kwalifikaasje foar it WK 2010 yn Súd-Afrika skoarde hy 4 doelpunten yn 5 wedstriden, wêrmei't er oant simmer 2009 topskutter fan syn team is. Mei syn lêste oerwinning is Kosta Rika trouwens hast wis fan de fjirde omloop fan de CONCACAF-regio, wêryn 6 teams úteinlik om 3 WK-plakke stride meie.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Standaard - Bryan Ruiz brekt kontrakt by AA Gint iepen (10 april 2008)]