Springe nei ynhâld

Ferkundiging oan de Hoeders

Ut Wikipedy
De Ferkundiging oan de Hoeders (Jules Bastien-Lepage)

De Ferkundiging oan de Hoeders is in ûnderdiel fan it Krystferhaal yn it evangeelje fan Lukas, dat yn haadstik 2 yn de ferzen 8 oant 21 beskreaun wurdt

It is sûnt de midsiuwen ek in populêr tema yn de kristlike keunst. It motyf wurdt benammen op fresko's en skilderijen ôfbylde. Fakentiden wurde der in tal manlju dy't rûch yn 't burd sitte en ienfâldich klaaid binne foarsteld, al dan net mei in hoedersstok, in hoederstas, in doedelsek of fluit tegearre mei skiep, geiten en/of hûnen.

Evangeelje fan Lukas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

No wiene der yn deselde kontreien hoeders, dy't de nachts bûten bleaune om by har keppel yn it fjild wacht te hâlden. Ynienen stie der in ingel foar har en himelske gloarje ljochte om har hinne. Hja waarden tige kjel, mar de ingel sei: "Wês net benaud, want ik ha goed nijs foar jimme, grutte bliidskip stiet it hiele folk te wachtsjen. Hjoed is jimme Ferlosser berne, Kristus de Heare, yn de stêd fan David. En hjir ha jimme in teken: jim sille yn in krêbe in lyts berntsje fine, yn doeken bewuolle". En ynienen wie der by dy ingel in grut himelsk leger, dat God's lof song mei de wurden: "Eare oan God yn 'e heechste himel, en frede op ierde, no't God yn minsken wolbehagen hat".[1]

Wylst it by Mattéus wizen (magiërs of stjerrekundigen) út it easten wiene dy't it Kristusbern huldigen (yn de oerlevering letter ek keningen), lit Lukas dêrfoaroer ienfâldich hoedersfolk nei Kristus tsjen. Mei oare wurden: it Kristusbern is der foar alle minsken kommen en hat oan elts, heech of leech, wat oan te bieden. Dêrnjonken omfiemet de "Oanbidding fan de Hoeders" yn tsjinstelling ta de "Oanbidding fan de Keningen" ek idyllyske en lannelike eleminten, dy't fakentiden yn de skilderkeunst ôfbylde binne.

De âldst bekende foarstellings fan de ferkundiging oan de hoeders yn de kristlike keunst binne op ivoar, yn manuskipten, op timpanen en doopfonten te finen. Al hiel betiid wie it tema in selsstannich motyf. Yn inkelde fral âldere foarstellings wurde de berte fan Jezus, de ferkundiging oan de hoeders en de oanbidding fan de hoeders yn ien foarstelling toant.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Verkündigung an die Hirten

  1. Nije Fryske Bibeloersetting ISBN 978-90-8912-020-5