Springe nei ynhâld

Fidzjy

Ut Wikipedy
Republic of Fiji (Ingelsk)
Matanitu Tugalala o Viti (Fidzjiaansk)
फ़िजी गणराज्य (Fidzjiaansk-Hindoestaansk)
Flagge fan Fidzjy Wapen fan Fidzjy
Flagge Wapen
Lokaasje fan Fidzjy
Offisjele taal Ingelsk, Fidzjiaansk, Hindy
Haadstêd Suva
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
18.250 km²
-­%
Ynwenners (2005) 846.085
Munt Fidzjiaanske dollar (FJD)
Tiidsône UTC +12
Nasjonale feestdei 10 oktober
Lânkoade FJI
Ynternet .fj
Tillefoan 679

Fidzjy is in lân yn Oseaanje op it súdlik healrûn. Fidzjy bestjit út 332 eilannen dêr't om-ende-by 110 fan bewenne binne. De grutste binne Viti Levu dêr't de haadstêd Suva op leit en Vanua Levu.

De Fidzjy-eilannen wurde begrinzge troch de territoriale wetters fan:

Fanua Levu fanôf see

It gebiet bestiet út mear as 320 eilannen, dêr't guons atollen fan binne, guons fulkanyske eilannen en 110 fêst bewenne. De twa wichtichste eilannen binne: Fity Levu en Fanua Levu dy't beide bot berchich binne mei piken boppe de 1300 meter. De heechste pyk is de Tomanivy of Fiktoria, op 1324 meter.

De Fidzjy-eilannen hawwe in tropysk klimaat en binne bedekt mei tropyske bosken. De foar it each ûneinige strannen meitsje fan de eilannen in populêre fakânsje bestimming. Op Fity Levu leit de haadstêd, dêr't sawat trijefearn fan de totale befolking wennet.

Kaart mei de eilânkloften

Fidzjy is ferdield yn de folgjende eilânkloften:

De Fidzjy-eilannen binne ûntdekt waan troch Abel Tasman yn 1643. Dêr wienen spoaren fan bewenning troch Polyneezjers. Mar it duorre oant 1874 foar't de Ingelsen de basis foar in Britske koloanje leinen. Yn 1970 waard Fidzjy ûnôfhinklik, mar it bleau wol in part fan it Britske Gemienguod. Nei een steatsgreep yn 1987 waard Fiji in republyk.

De befolking fan de Fidzjy-eilannen besteane foar it grutste part út lânseigen Fidzjianen dy't fan Melanezysk komôf binne (54.3%), alhoewol't guons ek Polynezyske foarâlden hawwe, en Yndo-Fidzjianen (38.1%), ôfstammelingen fan Yndiaaske kontrakt-arbeiders dy't troch de Ingelsen yn de 19e iuw nei de eilannen brocht waarden. It persintaazje Ynjers is de lêste desennia lykwols tebek rûn as gefolch fan emigraasje yn gong set nei de kûp fan 2000 doe't nochal wat geweld brûkt is tsjin de Yndyske Fidzjianen. Fierders is der ek in lytse mar wichtige kloft fan ôfstammelingen fan kontrakt arbeiders fan de Salomonseilannen.

De lânseigen Fizjianen binne foar it grutste part kristenen (97.2% neffens tellingen út 1996), de Yndyske Fidzjianen meast hindoes (70.7%) en moslims (17.9%). Oer de hiele befolking ferdield lizze de persintaazjes op: kristenen 64.5%, hindoes 27.9%, moslims 6.3%, sikhs 0.3%, oaren 0.3%, gjin 0.7% (telling 2007).