Frank B. Linderman
Frank B. Linderman | ||
skriuwer | ||
Frank B. Linderman omtrint 1905 yn Helena (Montana). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Frank Bird Linderman | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 25 septimber 1869 | |
berteplak | Cleveland (Ohio) | |
stoarn | 12 maaie 1938 | |
stjerplak | Santa Barbara (Kalifornje) | |
etnisiteit | Dútsk Iersk Ingelsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | non-fiksje (folkekundich wurk) | |
bekendste wurk(en) |
Plenty-Coups, Chief of the Crows Red Mother | |
jierren aktyf | 1920 – 1933 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Frank B. Linderman (folút: Frank Bird Linderman; Cleveland (Ohio), 25 septimber 1869 – Santa Barbara (Kalifornje), 12 maaie 1938) wie in Amerikaansk folkekundige, publisist en politikus. Hy sette him yn Montana nei wenjen en stried foar lykberjochtiging foar de Yndianen.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Linderman waard yn 1869 berne yn Cleveland, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as de soan fan James Bird Linderman en dy syn frou Mary Ann Brannan. Hy wie fan mingd Dútsk, Iersk en Ingelsk etnysk komôf. Linderman genoat syn ûnderwiis oan skoallen yn Ohio en Illinois, wêrûnder it Oberlin Kolleezje yn Oberlin (Ohio), foar't er yn 1885 mei sechstjin jier nei Montana ferfear.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Linderman sette him yn Montana nei wenjen oan 'e igge fan 'e Flathead-mar, yn it noardwesten fan 'e steat, dêr't er de libbenswize fan 'e pleatslike Yndianen oannaam. Om harren better begripe te kinnen learde er himsels de Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal oan, wêrmei't der de bynamme 'Gebeartesprekker' (Sign-talker) wûn. Fan 1893 oant 1897 wenne en wurke Linderman yn Butte, wêrnei't er ferskate jierren yn Brandon tahold. Omtrint 1900 ferhuze er nei Sheridan, dêr't er wurksum wie as û.m. analist fan metaalerts, ferkeaper fan meubulêr en sjoernalist. Ek wenne er skoften yn Demersville (no Kalispell) en yn Helena.
Fan 1903 ôf fertsjintwurdige Linderman Madison County yn it Steatskongres fan Montana. Fan 1905 oant 1907 beklaaide er it amt fan ûndersteatssiktaris. Letter waard troch syn krewearjen yn 1916 it Rocky Boy's Yndianereservaat stifte foar de Odjibwe- en Kry-Yndianen yn Montana. Yn 1924 besocht Linderman in sit yn 'e Amerikaanske Senaat te bemachtigjen. Hy wûn de foarferkiezings fan 'e Republikeinske Partij, mar ferlear neitiid by de eigentlike ferkiezings fan syn sittende Demokratyske tsjinstanner Thomas J. Walsh.
Neitiid lei Linderman him benammen ta op it skriuwen en publisearjen fan folkekundige non-fiksjewurken oer de Yndianen fan Montana. De bekendsten dêrfan wiene American: The Life Story of a Great Indian - Plenty-coups, Chief of the Crows, út 1930, oer it Krieske opperhaad Mannich Kûp, en Red Mother, út 1932, oer de Krieske medisynfrou Moai Skyld. Dat lêste wurk wie wierskynlik de earste publisearre beskriuwing fan in froulik Yndiaansk libben ea, en waard yn 2003 werútjûn ûnder de titel Pretty-Shield: Medicine Woman of the Crows.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Linderman kaam op 12 maaie 1938, yn 'e âlderdom fan 68 jier, te fersjerren yn it Kalifornyske Santa Barbara.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1920 – On a Passing Frontier
- 1921 – Bunch-grass and Blue-joint
- 1921 – How It Came About Stories
- 1922 – Lige Mounts, Free Trapper
- 1930 – American: The Life Story of a Great Indian - Plenty-coups, Chief of the Crows
- 1932 – Red mother (yn 2003 werpubl. as Pretty-Shield: Medicine Woman of the Crows)
- 1932 – Old Man Coyote (Crow)
- 1933 – Beyond Law
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |