Springe nei ynhâld

Haven fan Emden

Ut Wikipedy
Portaalkraan fan de Nordseewerke

De Haven fan Emden is in seehaven oan de mûning fan de Iems yn de Doalert, de Iemsmûning, yn it East-Fryske diel fan Nedersaksen yn Dútslân.

De haven hat syn oarsprong om it jier 800. Ut Emden fertrekt de feartsjinst nei it Dútske Waadeilân Borkum.

Jierliks is der in oerslach fan ± 6,75 miljoen ton (2008). De wichtichste frachten binne auto's, hout- en wynenerzjy-ynstallaasjes. Yn it gefal fan ridend reau is Emden nei Bremerhaven en Zeebrugge de tredde haven fan Europa.

In mei auto's beladen roll-on-roll-offskip ferlit de Emder bûtenhaven
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Emder Hafen fan Wikimedia Commons.