Springe nei ynhâld

Kentucky

Ut Wikipedy
Commonwealth of Kentucky
Vlag van Kentucky Zegel van Kentucky
Ofkoarting KY
Haadstêd Frankfort
Tiidsône -5 / -6
Algemien
Oerflakte 104.749
Befolking 4.145.922
Oare ynformaasje
Tatreden 1 juny 1792
Oantal countys 120

Kentucky is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Frankfort.

Eartiids waard it gebiet befolke troch Yndianestammen. De namme is ôflaat fan it Yndiaanske Ken-tah-teh, dat "lân fan moarn" betsjut.

Ynearsten makke it diel út fan de steat Firginia. Tusken 1784 en 1792 waarden in tsiental offisjele gearkomsten yn it plak Danville dat ta in akkoard late, wêrnei't de steat op 1 juny 1792 de 15e steat fan de Feriene Steaten wurde soe.

Op 20 maaie 1861 ferklearre Kentucky him neutraal yn it konflikt dat tusken de Amerikaanske steaten ûntstie en dat bekend stiet as de Amerikaanske Boargeroarloch, mar al gau keas it de side fan de Uny.

De steat Kentucky is 104.749 km² grut. It westlik part fan de steat leit yn de Sintral tiidsône, it eastlik part yn Eastlik tiidsône.

Kentucky grinzet yn it noarden oan de steaten Illinois, Indiana en Ohio, yn it westen oan Missoery, yn it easten oan West Firginia en Firginia en yn it suden oan Tennessee.

De wichtichtste rivieren binne de Ohio, dy't alhiel de noardgrins foarmet, en de Mississippy, dat suver eksakt de westgrins foarmet. Yn Kentucky lizze in protte grutte en lytse marren, bygelyks Kentucky Lake, Lake Barkley en Lake Cumberland.

It suden is nochal heuveleftich mei de Black Mountain (1262 meter) as heechste pyk.

Kentucky is ek ferneamd troch syn protte grotten. De ferneamdste is de tige grutte Mammoth Cave.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 
              Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· · Berjocht bewurkje