Springe nei ynhâld

Marco Pantani

Ut Wikipedy
Marco Pantani
sporter
Marco Pantani (1997)
Marco Pantani (1997)
persoanlike bysûnderheden
bynamme De Piraat (Il Pirata)
It Oaljefantsje (Il Elefantino)
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum 13 jannewaris 1970
berteplak Cesena
stjerdatum 14 febrewaris 2004
stjerplak Rimini
lingte 1.72 m
gewicht 57 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Klimmer
O.S. Sydney 2000
debút 1989
karriêre-ein 2003
wichtige prestaasjes
Omgong fan Frankryk 1998
Omgong fan Itaalje 1998
1x brûns Wrâldkampioenskippen 1995

Marco Pantani (Cesena, 13 jannewaris 1970 - Rimini, 14 febrewaris 2004) wie in Itaaljaantsk hurdfytser. Hy wûn yn 1998 sawol de Omgong fan Itaalje as de Omgong fan Frankryk.

Marco Pantani begûn yn 1992 nei trije jier as amateur fytst te hawwen, mei profesjoneel hurdfytsen, earst by de ploech Carrera, letter by Mercatone Uno. Yn 1994 wûn Pantani twa swiere Dolomieten-etappen yn de Omgong fan Itaalje en waard twadde yn it einklassemint. Yn 1995 koe Pantani syn twadde plak yn de Giro net ferdigenje. Troch in oanriding by in training. De Omgong fan Frankryk koe Pantani al ride, dêr't er twa etappen wist te winnen. Yn oktober dat jier kaam er slim te fallen yn de wedstriid Milaan-Turyn. Nei in lange refalidaasje begûn Pantani pas yn 1997 wer mei hurdfytsen, hy wûn wer twa etappen yn de Omgong fan Frankryk. Yn 1998 wûn hy mei oermacht sawol de Omgong fan Frankryk as de Omgong fan Itaalje mei yn beide rondes twa etappe oerwiningen. Foar de Tour wie it de earste Italjaanske oerwinning sûnt de oerwinning fan Felice Gimondi yn 1965.

Nei syn grutte suksessen yn 1998 gie it rap minder mei de karriêre fan Pantani. Yn 1999 rekke er belutsen by in dopingskandaal. Twa dagen foar de ein fan de Omgong fan Itaalje waard Pantani, dy't op dat stuit it klassemint oanfierde en ûnbedrige op syn twadde oerwinning like ôf te gean, út de koers naam fanwege in te hege hematokrytwearde. It drama fan de útsluting yn de Giro fan 1999 wie it begjin fan slimme fysike en mentale swierrichheden. Pantani wie net mear by steat om, lykas syn konkurrinten en sa't er dat earder koe, foar syn wurk te libjen.

De lêste jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2000 hie er noch in serieus sukses yn de Omgong fan Frankryk. Pantani wûn dêryn twa etappen. Yn de etappe nei de Mont Ventoux wûn hy fan Lance Armstrong, dy't nei de rit bewearde dat er de rit fuortjûn hie. Pantani spruts dit de dei derop tsjin. Nettsjinsteande de suksessen yn dizze Tour kaam syn broaze mentale wolwezen nei boppen. Nei in mislearre oanfal yn de lêste berchetappe stapte Pantani út de Tour.

Dizze aksje waard him net yn tank ôfnommen troch de Omgong direksje en syn ploech waard de dêropfolgjende jierren dan ek net mear útnûge. Dizze ôfwizingen troch de direksje fan de Omgong fan Frankryk fergrutten Pantani syn mentale swierrichheden.

Datselde jier die er mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Sydney, dêr't er 69ste waard yn de dykwedstriid.

Yn 2003 kaam Pantani noch ien kear sterk yn aksje yn de Omgong fan Itaalje, wêryn't er 14e waard. Dit waard syn lêste grutte útslach. Nettsjinsteande dit resultaat, dat sjoen de foargeande jierren tige goed wie, rekke er wer yn in depresje. Letter yn 2003 makke Pantani bekend op te hâlden mei hurdfytsen.

In pear dagen foar syn dea naam er yntrek yn in hotel yn Rimini. Dêr waard er op 14 febrewaris 2004 jûns dea oantroffen, nei't er net by it diner ferskynde. Nei autopsje die blieken dat er in hertstilstân hân hie.

Yn 2014 waard it ûndersyk nei de dea fan Pantani weriepene. Nije oanwizingen soene it parket fan Rimini oanset hawwe dochs noch in nij ûndersyk yn te stellen. Yn 2015 kamen de resultaten fan dit ûndersyk nei bûten, hja wiene ta de konklúzje kaam dat Pantani stoarn is oan in cocktail fan kokaïne en antydepressiva.

Dielname oan grutte omgongen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Monumint yn Cesenatico ta neitins oan Pantani

Dielname oan de Omgong fan Frankryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1994 - 3e;
  • 1995 - 13e; winner 10e en de 14e etappe
  • 1997 - 3e; winner 13e en 15e etappe
  • 1998 - 1e; winner 11e en de 15e etappe
  • 2000 - net finisht; winner 12e en 15e etappe

Dielname oan de Omgong fan Spanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielname oan de Omgong fan Itaalje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1993 - net finisht;
  • 1994 - 2e; winner 14e en de 15e etappe
  • 1997 - net finisht;
  • 1998 - 1e; winner 14e en de 19e etappe
  • 1999 - net finisht; winner 8ste, 15, 19e en de 20ste etappe
  • 2000 - 28ste;
  • 2001 - net finisht;
  • 2002 - net finisht;
  • 2003 - 14e;
  • 1992-1996 - Carrera Jeans
  • 1997-2003 - Mercatone Uno

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE