Martin Bormann
Martin Bormann (Halberstadt, 17 juny 1900 – Berlyn, 2 maaie 1945) wie in Dútsk nasjonaal-sosjalistysk politikus en wie de siktaris fan Adolf Hitler.
Bormann waard op 17 febrewaris 1927 lid fan de NSDAP en makke frij gau kariêre. Yn 1928 kaam er yn de staf fan de Sturmabteilung (SA). Doe't Hitler yn 1933 diktator waard, waard Bormann beneamd ta partijorganisator (Reichsleiter) en ponghâlder fan de partij.
Op 20 july 1944 mislearre de oanslach fan kolonel Claus von Stauffenberg op Adolf Hitler. Dêrnei fertroude Hitler allinnich mar syn eigen partij en de SS. Dêrtroch waarden Bormann (as partijlieder) en Heinrich Himmler (haad SS) de wichtichste mannen fan it Tredde Ryk. Nei de Dútske nederlaach en Hitler syn selsmoard, besochten Bormann en in stik as wat oare ofsieren Berlyn te ûntflechtsjen om oan it Reade Leger te ûntkommen. Doe't dat lykwols net slagge, died er himsels tekoart op in brêge deunby it Hauptbahnhof.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Martin Bormann fan Wikimedia Commons. |
- Dútsk amtner
- Dútsk politikus
- Politikus yn de Twadde Wrâldkriich
- Dútsk parlemintslid
- Lid fan de NSDAP
- Lid fan de SS
- Dielnimmer oan de Holokaust
- Dútsk krimineel
- Persoan feroardiele foar oarlochsmisdieden
- Persoan dy't by ferstek ta de dea feroardiele is
- Dútsk faksist
- Selsmoarddogger
- Persoan berne yn 1900
- Persoan stoarn yn 1945