Springe nei ynhâld

Mossad

Ut Wikipedy

De Mossad, oprjochte yn 1949, is de Israelyske ynljochtingetsjinst. De Mossad is benammen bûten de lângrinzen fan Israel aktyf. Mei de Aman (militêre ynljochtingen) en Shin Bet (ynlânske ynljochtingen) is it ien fan de wichtichste ynljochtingetsjinsten fan Israel.

De Mossad hat ta doel ynformaasje te sammeljen, dy't foar it regear, leger of de nasjonale feiligens fan Israel relevant binne. Dêrby makket de tsjinst gebrûk fan sawol minsklike ynljochten (HUMINT) as ek elektroanyske ynljochtingen (SIGINT).

De ynljochtingetsjinst hat sa likernôch 1.200 meiwurkers.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mossad op globalsecurity.org (sjoen op 26-05-2010)