Oseanografy
Oseanografy of seekunde is de ierdwittenskip dy't de hydrosfear bestudearret lykas de meteorology de atmosfear. Hjirby wurdt in soad omtinken jûn oan seestreamen en de wikselwurking tusken de oseanen en it klimaat. Dêr't oseanografy mear beskriuwend wêze moatte soe en oseanology mear ferklearjend, wurden dizze begripen yn Nederlân trochinoar brûkt, wêrby't de earste term bekender is yn de wittenskip en de twadde mear yn technyske fermiddens.
Dejinge dy't him hjirmei dwaande hâldt wurdt oseanograaf neamd.
Oseanografy is ûnderferdield yn de marine biology (it libben yn de oseanen), en de marine gemy en geogemy (de stúdzje fan de omrin fan koalstof en oare gemyske komponinten yn it seewetter) en de fysyske oseanografy.
De fysyske oseanografy bestudearret allinnich de natuerkundige eigenskippen fan de oseanen, lykas seestreamen, de rol fan de oseanen foar it klimaat en klimaatferoaring, de ynteraksje mei de atmosfear, seespegelstiging, El Niño, tijen, weagen en weachfoarsizzings en stoarmfloeden.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oseanografy fan Wikimedia Commons. |