Springe nei ynhâld

Raymus Antilles

Ut Wikipedy
Raymus Antilles
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske (Alderaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt kaptein, piloat
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Bail Organa
C-3PO
R2-D2
prinsesse Leia
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1977

Raymus Antilles (útspr.: [ˈɹeːmʌs ænˈtɪliːz], likernôch: "ree-mus en-til-liiz") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in tsjinner fan it Keninklik Hûs Organa fan Alderaan en de kaptein fan 'e korvet de Tantive IV, dy't omkomt by in misje foar it Rebelleferbûn. Raymus Antilles waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), wêryn't er oan it begjin koart te sjen is. It persoanaazje waard yn dy film spile troch Peter Geddis, yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) troch Rohan Nichol en yn Rogue One: A Star Wars Story (2016) troch Tim Beckmann.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Raymus Antilles wurdt berne op 'e rike en freedsume planeet Alderaan, as telch út it ynfloedrike Hûs Antilles. Hy wurdt oplaat yn diplomasy en leart dêrnjonken foar piloat fan romteskippen. Meitiid komt er foar it Keninklik Hûs Organa te wurkjen, dêr't er in liedingjaande posysje bemachtiget yn 'e stêf fan senator Bail Organa, de man fan 'e Alderaanske keninginne Breha Organa. Hy is de kaptein fan efterinoar de CR70-korvetten de Tantive III en de Tantive IV.

Yn Revenge of the Sith

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005), it trêde en ôfslutende diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, is Antilles oanwêzich as Bail Organa de Jedi-masters Yoda en Obi-Wan Kenobi rêdt en meismokkelet nei de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op 'e planeet Coruscant, nei't se oan 'e dea ûntsnapt binne by de troch kânselier Palpatine orkestrearre Grutte Suvering fan 'e Jedi. Nei it ferstjerren fan senator Padmé Amidala fan Naboo en de berte fan har twillingbern Luke en Leia draacht Organa de beide robots fan Padmé, C-3PO en R2-D2, oan 'e soargen fan Antilles oer.

Nei't Palpatine de Galaktyske Republyk ûnder fuotten helle en ferfongen hat troch it Galaktysk Keizerryk mei him sels oan it haad as autokratysk regearjend keizer, rekket Antilles fia syn master Bail Organa belutsen by it Rebelleferbûn, dat yn 'e Galaktyske Boargeroarloch yn iepen ferset komt tsjin it skrikbewâld fan Palpatine. Njoggentjin jier nei de steatsgreep fan Palpatine stelle de rebellen yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016) op 'e planeet Scarif de blaudrukken fan 'e Deadsstjer, it nije romtestasjon en massaferneatigingswapen fan it Keizerryk.

De ynformaasje wurdt trochjûn oan Organa syn oannommen dochter, prinsesse Leia, dy't yn 'e Tantive IV, mei Antilles as kaptein, útpykt rjochting har thúswrâld Alderaan, dêr't har heit de blaudrukken trochspylje kin oan 'e lieding fan it Rebelleferbûn. Leia jout Antilles letter opdracht om fan 'e koers ôf te wiken nei de planeet Tatooine, dêr't se de âlde Jedi-master Obi-Wan Kenobi hopet te rekrutearjen foar it Rebelleferbûn.

Oan it begjin fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), it earste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy, wurdt de Tantive IV by Tatooine efterhelle troch in stjerreslachskip ûnder lieding fan Darth Vader, de neiste hantlanger fan keizer Palpatine, dy't de korvet troch syn stoarmtroepers interje lit. De wjerstân fan 'e soldaten fan 'e Alderaanske Konsulêre Wacht wurdt gau de kop yndrukt, en Antilles en syn mannen wurde, ynsafier't se de striid oerlibbe hawwe, finzen nommen. By ûnderfreging troch Darth Vader hâldt Antilles fol dat de Tantive IV in konsulêr skip op in diplomatike misje is. Vader smoart him dêrop mei de Krêft oant er it bestjert.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono