Rheged
Rheged wurdt beskreaun yn poëtyske boarnen as ien fan de keninkriken fan Hen Ogledd ("It âlde noarden"), de Brytonysk-sprekkende regio yn wat no Noard-Ingelân en Súd-Skotlân yn de Iere-Midsiuwen. Grinzen fan dit ryk wurde net beskreaun yn de gedichten, mar gelearden wol hawwe dat it gebiet sa'n bytsje oerkomd mei it Kumbria yn Noarwest-Ingelân fan no oant yn Lancashire en Skotlân.[1] De bewenners fan Rheged sprieken Kumbrysk, in Britonsk dialekt nau besibbe oan it Ald Welsk.[2]
Der is net in protte bekend oer dit ryk, mar de Welske dichter Taliesin neamt de legindaryske kening Urien. Yn de 8e iuw (± 730) waard it ynlive troch it Angelsaksyske Northumbria, mooglik nei it houlik fan Oswiu fan Northumbria mei prinsesse Riemmelth út Rheged. Dêrnei waard harren taal ek stadichoan ferfongen troch Aldingelsk.
Keningen fan Rheged
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tradisjonele keninklike stambeam fan Urien en syn opfolgers giet werom op Coel Hen (alias King Cole), dy't faaks oer in grut part fan noard-Ingelân hearske yn de iere 5e iuw. Fan alle neamde hearskers fan Rheged kin it bestean fan mar trije ferifiearre wurde yn oare boarnen:
- Meirchion Gul, ek bekend as Cynfarch fab Meirchion; heit fan Cynfarch Gul
- Cynfarch Oer, heit fan Urien
- Urien Rheged, (± 550–590), dêr't acht sangen fan Taliesin oer bewarre bleaun binne
- Owain, ferneamd fan syn striden tsjin de Bernysjers; soan fan Urien
Ieren yn Rheged
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is aardich wat bewiis foar de oanwêzigens fan Ieren yn Rheged. It is witten dat Ierske misjonarissen warber wienen yn dy tiid yn Kumbria (hoewol't dy kriten yn namme al kristlik wienen, sels al yn de Romeinske tiid), dit blykt út it opdragen fan ferskate ier stifte tsjerken oan Sint Kolumba (ien fan de Tolve Apostels fan Ierlân). Fierders hawwe dêr wierskynlik ek Ierske keaplju, piraten en lânferhuzers sûnder bân mei de tsjerke ûnder west.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|