Romy Schneider
Romy Schneider | ||
akteur | ||
Romy Schneider, (1973) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Rosemarie Magdalena Albach | |
nasjonaliteit | Eastenryksk, Dútsk | |
berne | 23 septimber 1938 | |
berteplak | Wenen | |
stoarn | 29 maaie 1982 | |
stjerplak | Parys | |
jierren aktyf | 1953-1982 |
Romy Schneider, skûlnamme fan Rosemarie Magdalena Albach (Wenen, 23 septimber 1938 - Parys, 29 maaie 1982) wie in Eastenryksk aktrise, dy't trochbrutsen is mei de rol fan Elisabeth fan Eastenryk yn Ernst Marischka's filmsyklus Sissi.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se wie de dochter fan Magda Schneider en Wolf Albach-Retty, dy't beide ek akteur wiene. Omdat har mem Dútske wie en Wenen ûnder har berte by Dútslân hearde, krige Romy de Dútske nasjonaliteit. Har beppe Rosa Albach-Retty wie ek in bekende Eastenrykse aktrise.
De Sissi-films (1955-1958) makken Schneider wrâldwiid sa ferneamd, dat se dêrnei nea wer fan it sûkerswiete imago fan dy rol ôfkaam. Mei beide hannen naam se dan ek it oanbod oan om te aktearjen yn de frijwat swiermoedige film Christine. By de opnamen yn 1958 krige se in relaasje mei har meiakteur, de Frânsman Alain Delon en ferfear mei him nei Parys. Se wurke dêr ûnder oare mei Luchino Visconti en Orson Welles. Hoewol't se troch it publyk noch hieltyd as Sissi sjoen waard, betsjutte dizze feroaring yn har karriêre al de ûntsnapping oan har imago. Fia Frankryk kaam se yn 1963 yn Hollywood, dêr't se tegearre mei Jack Lemmon yn Good Neighbor Sam spile, har earste Amerikaanske film. It is ien fan de pear komeedzjes dêr't se in haadrol yn spile hat. Yntusken rûn yn 1964 har relaasje mei Delon op 'e non. Yn 1965 spile se mei Woody Allen yn What's New, Pussycat?. Letter spile se noch mei Alain Delon yn de broeierige misdiedfilm La Piscine en yn it histoarysk drama The Assassination of Trotsky (1971). Yn 1972 spile Schneider noch ien kear de rol fan Elisabeth fan Eastenryk, no yn de film Ludwig oer de neef fan Elisabeth, de kening fan Beieren Loadewyk II.
Yn 1966 boaske se mei Harry Meyen. Yn datselde jier waard harren soan David berne. Mar ek dizze relaasje rûn op neat út. Op 'e dei nei de skieding boaske se mei har priveesekretaris Daniel Biasini. Yn de simmer fan 1977 waard dochter Sarah Magdalena berne. it oarlochsdrama La passante du Sans-Souci, soe de lêste film wurde dêr't Schneider yn te sjen wie.
Yn 1981 gie it minder yn har priveelibben. Nei de skieding fan Biasini ferûngelokke har soan David: hy waard op 5 july spytse op in stek doe't er nei ûnderen foel by it boartjsen by it hûs fan de âlden fan Biasini. Net lang nei de premjêre fan La passante du Sans-Souci op 14 april 1982 yn Frankryk, waard se dea yn har wenning yn Parys oantroffen. In oerdoasis slieppillen soe de oarsaak west hawwe, mar letter waard dat tsjinsprutsen en waard sein dat in hertoanfal de oarsaak fan har iere ferstjerren is. Se waard begroeven op it begraafplak fan Boissy-sans-Avoir. Har soan David rêst yn itselde grêf.
Filmografy karút
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1953 | Wenn der weiße Flieder wieder blüht | Evchen Förster | |
1954 | Mädchenjahre einer Königin | Princess Victoria / Queen Victoria | |
1954 | Feuerwerk | Anna Oberholzer | |
1955 | Sissi | Sissi | |
1956 | Sissi - Die junge Kaiserin | Sissi | |
1957 | Sissi - Schicksalsjahre einer Kaiserin | Sissi | |
1957 | Robinson soll nicht sterben | Maud | |
1957 | Monpti | Anne-Claire Jouvain | |
1958 | Eva | Nicole | |
1958 | Mädchen in Uniform | Manuela von Meinhardis | |
1958 | Christine | Christine Weiring | |
1961 | Boccaccio '70 | Pupe (segment Il lavoro) | |
1962 | The Trial | Leni | |
1962 | The Victors | Regine | |
1963 | The Cardinal | Annemarie von Hartman | |
1964 | Good Neighbor Sam | Janet Lagerlof | |
1965 | What's New, Pussycat? | Carole | |
1965 | 10:30 P.M. Summer | Claire | |
1966 | Triple Cross | Countess | |
1968 | Otley | Imogen | |
1969 | La Piscine | Marianne | |
1970 | La califfa | Irene Corsini | |
1970 | Les choses de la vie | Hélène | |
1970 | My Lover My Son | Francesca Anderson | |
1971 | Bloomfield | Nira | |
1971 | The Assassination of Trotsky | Gita Samuels | |
1972 | César et Rosalie | Rosalie | |
1972 | Ludwig | Elisabeth fan Eastenryk | |
1973 | Le Train | Anna Kupfer | |
1974 | L'important c'est d'aimer | Nadine Chevalier | |
1975 | Le Vieux Fusil | Clara Dandieu | |
1975 | Les Innocents aux mains sales | Julie Wormser | |
1977 | Gruppenbild mit Dame | Leni Gruyten | |
1978 | A Simple Story | Marie | |
1979 | Bloodline | Hélène Martin | |
1979 | Clair de femme | Lydia | |
1979 | Death Watch | Katherine Mortenhoe | |
1981 | Fantasma d'amore | Anna Brigatti Zighi | |
1981 | Garde à vue | Chantal Martinaud | |
1982 | La Passante du Sans-Souci | Elsa Wiener/Lina Baumstein |
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Romy Schneider fan Wikimedia Commons. |