Run to the Hills
Run to the Hills | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Total Eclipse | |
artyst | Iron Maiden | |
album | The Number of the Beast | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
útbrocht | 12 febrewaris 1982 | |
opnommen | Battery studios, jannewaris–febrewaris 1982 | |
doer | 3:51 | |
label | EMI | |
skriuwer | Steve Harris | |
produsint | Martin Birch | |
fideoclip | ||
Iron Maiden - Run to the Hills (Official Video) | ||
resultaten | ||
sertifisearre | Grut-Brittanje Sulver |
Run to the Hills is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Iron Maiden yn 1982 yn de Battery studios yn Londen en útbrocht op it album The Number of the Beast fan Iron Maiden út 1982. Run to the Hills wie it sechsde nûmer op it album en waard op 12 febrewaris 1982 útbrocht as earste single fan it album.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Run to the Hills is skreaun troch Steve Harris, Run to the Hills giet oer de kolonisaasje fan Amearika, earst troch Jeropeanen en dêrnei troch Amerikanen, út it perspektyf fan in Cree-yndiaan en in Amerikaanske kavalerist wei. It iepeningsfers is út it perspektyf fan de Cree wei en beskriuwt syn problemen doe't de Europeeske Amerikanen "oer de see kamen" en de Cree "pine en ellinde" brochten. It twadde fers is út it perspektyf fan in Amerikaanske kavalerysoldaat wei, dy't belutsen is by de American Indian Wars beskriuwt, "dy 't de readhûden werom nei har hoalen jaget". It tredde fers is net út it perspektyf fan in inkeld yndividu wei, en feroardielet skerp de effekten fan Amerikaansk ekspanjonisme op yndianen, en de ferneatiging fan de âlde kultuer.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bruce Dickinson - Sang
- Dave Murray - Gitaar
- Adrian Smith - Gitaar
- Steve Harris - Bas
- Clive Burr - Drums