Saeb Erekat
Saeb Erekat | ||
politikus | ||
Saeb Erekat yn desimber 2014. | ||
echte namme | صائب محمد صالح عريقات, Ṣā’ib Muḥammad Ṣaliḥ ‘Urayqāt | |
nasjonaliteit | Palestynsk | |
bertedatum | 28 april 1955 | |
berteplak | Abû Dis (Jordaanje) | |
stjerdatum | 10 novimber 2020 | |
stjerplak | West-Jeruzalim (Israel) | |
etnisiteit | Arabysk | |
reg. identiteit | Palestynsk | |
partij | Fatah | |
lid fan it Palestynsk Parlemint foar Jericho | ||
amtsperioade | 1996 – 2020 | |
minister fan Pleatslik Bestjoer fan 'e Palestynske Autoriteit | ||
amtsperioade | 1994 – 1996 |
Saeb Erekat (folút: Saeb Mohammed Saleh Erekat, Arabysk: صائب محمد صالح عريقات, sekuere transliteraasje: Ṣā’ib Muḥammad Ṣaliḥ ‘Urayqāt; Abû Dis, 28 april 1955 – West-Jeruzalim, 10 novimber 2020) wie in Palestynsk politikus, diplomaat en publisist, waans efternamme ek wol transliterearre waard as ‘Rēqāt, Erikat, Arekat of Arikat. Hy krige foar it earst bekendheid as lid fan 'e Palestynske delegaasje dy't yn 'e earste helte fan 'e 1990-er jierren mei it regear fan Israel de Oslo-akkoarten sleat. Fan 1994 oant syn ferstjerren, mei in koarte ûnderbrekking yn 2003, joech Erekat lieding oan 'e Palestynske ûnderhannelings mei Israel. Hy wie ek lid fan 'e Palestynske Wetjaande Gearkomste foar it kiesdistrikt Jericho. Erekat stoar oan COVID-19.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Erekat waard yn 1955 berne yn Abû Dis, yn it Westjordaanlân, doe't dat noch ta Jordaanje hearde. Hy wie in telch út in famylje dy't ûnderdiel útmakket fan 'e tribale konfederaasje fan 'e Hauweitat. Erekat wie yn 'e húshâlding fan syn âlden ien fan sân bern. Doe't er tolve jier wie, kaam it Westjordaanlân by de Seisdeiske Oarloch fan 1967 ûnder in oanhâldende militêre besetting fan Israel. Yn 1968 waard Erekat mei trettjin jier arrestearre foar it oanbringen fan anty-Israelyske graffity en it goaien mei stiennen nei Israelyske troepen.
Yn 1972 ferfear Erekat mei santjin jier nei San Francisco, yn Kalifornje, dêr't er goed Ingelsk learde te sprekken, in twajierrige oplieding folge oan it Stedskolleezje fan San Francisco en dêrnei studearre oan 'e Steatsuniversiteit fan San Francisco. Yn 1977 behelle er in bachelortitel yn ynternasjonale relaasjes en yn 1979 in mastertitel yn politikology. Hy learde fierder oan 'e Universiteit fan Bradford yn it Ingelske Bradford, dêr't er yn 1983 in doktoraat krige yn fredes- en konfliktsstúdzjes.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't er yn Ingelân syn doktoraat behelle hie, kearde Erekat werom nei it besette Westjordaanlân, dêr't te wenjen kaam yn Nablûs. Hy waard dosint politikology oan 'e Nasjonale Universiteit fan An-Najah en wie tolve jier lang redakteur fan 'e Palestynske krante Al-Quds. Yn 1991 waard Erekat troch PLO-lieder Jasser Arafat oansteld as it haad fan 'e Palestynske delegaasje op 'e Konferinsje fan Madrid, dêr't foar it earst oer frede mei Israel ûnderhannele waard. Hy wie ek belutsen by de dêrút fuortfloeiende besprekkings dy't fan 1992 oant 1993 yn Washington, D.C. plakfûnen, en dy't yn 1993 ta de Oslo-akkoarten tusken de PLO en Israel laten.
Erekat waard beskôge as in oanhinger fan Arafat. Yn 1994 waard er beneamd ta minister fan Pleatslik Bestjoer foar de Palestynske Autoriteit, en teffens ta permanint foarsitter fan 'e Palestynske ûnderhannelingsdelegaasje. Yn dy hoedanichheid wied er behelle yn 'e ûnderhannelings mei Israel dy't folgen op it sluten fan 'e Oslo-akkoarten. Fan 1996 ôf hied er dêrnjonken ek in sit yn 'e Palestynske Wetjaande Gearkomste (it parlemint fan 'e Palestynske Autoriteit), wêryn't er it kiesdistrikt Jericho fertsjintwurdige.
Erekat joech lieding oan 'e Palestynske delegaasje by de Konferinsje fan Camp David yn 2000 en de Konferinsje fan Taba yn 2001. Yn 'e mande mei Jasser Arafat en Faisal Hûsseini wied er ien fan it Palestynske trijemanskip dat yn septimber 2000 de Israelyske premier Ariel Sharon mei ynmoed frege om gjin oalje op it fjoer te goaien mei in besyk oan 'e Al-Aksamoskee op 'e Timpelberch yn East-Jeruzalim, goerie dy't Sharon yn 'e wyn sloech. It besyk late ta it útbrekken fan 'e Twadde Yntifada.
Doe't Machmûd Abbas begjin 2003 oansteld waard as de nije Palestynske premier, waard Erekat neamd as minister foar Underhannelings. Mar nei't er troch de ynterne machtsstriid tusken Arafat en Abbas útsletten waard fan in topmoeting mei Sharon, betanke er yn maaie fan dat jier foar de ear en stapte op. Yn septimber 2003 folge in fermoedsoening, wêrby't Erekat op 'e nij oansteld waard as foarsitter fan 'e Palestynske ûnderhannelingsdelegaasje. Yn 2007 naam Erekat de lieding oer de Palestynske delegaasje op 'e Konferinsje fan Annapolis oer fan Achmed Koerei nei't de ûnderhannelings dêr yn in ympasse rekke wiene, en droech er by oan it berikken fan in mienskiplike slotferklearring.
Yn febrewaris 2011 naam Erekat ûntslach as foarsitter fan 'e ûnderhannelingsdelegaasjes nei oanlieding fan 'e Palestynske Papierren (wêryn't korrupsje ûnder Palestynske oerheidsfunksjonarissen oan it ljocht brocht wie), mar yn july 2013 wied er nettsjinsteande syn ûntslachferklearring noch altyd yn funksje. Yn 2015 waard Erekat de nije sekretaris-generaal fan it Utierend Komitee fan 'e PLO. Yn jannewaris 2020 feroardiele Erekat mei útset lûd it iensidich pro-Israelyske fredesplan fan Trump dat de Amerikaanske presidint Donald Trump troch syn skoansoan Jared Kushner foar it Israelysk-Palestynske konflikt presintearje liet.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Erekat wie troud mei Nimah, mei wa't er de twillingdochters Dalal en Salaam krige en de soannen Ali en Mohammed.
Sûnensswierrichheden en ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 8 maaie 2012 waard Erekat yn Ramallah yn it sikehûs opnommen nei't er in hertoanfal krigen hie. Letter rekke er oanhelle mei longfibroaze, wêrfoar't er op 12 oktober 2017 in longtransplantaasje ûndergie yn it Inova Fairfax Hospital by Washington, D.C. Op 9 oktober 2020, ûnder de wrâldwide pandemy fan it koroanafirus, teste er posityf foar COVID-19. Op 18 oktober fan dat jier waard er yn kritike tastân oerbrocht nei it Israelyske Hadassah Medysk Sintrum yn West-Jeruzalim. Trije dagen letter brocht syn dochter fia Twitter út dat er in bronchostomy ûndergien hie om 'e tastân fan syn luchtwegen te ûndersykjen. Saeb Erekat kaam op 10 novimber 2020 yn it sikehûs te ferstjerren oan 'e gefolgen fan COVID-19. Hy waard 65 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|