Sjauken
De Sjauken wienen in Germaanske stam dy't yn it noarden wenne fan it tsjinwurdige Dútslân, tusken Iems en Elbe. De stam is yn de 3e iuw ferdwûn út de histoarje.
Ptolemaeus (100-178) dielt yn syn "Geographica" de Sjauken op yn minores en maiores en jout as grins mei de Frisii op de Iems. Neffens Tasitus (50-120) wurdt it gebiet fan de Sjauken begrinzge troch dat fan de Sjatten
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin fan de 1e iuw wienen de Sjauken ferbûn oan it Romeinske Ryk, op deselde wize as de Friezen. Hja hienen helptroepen levere oan Germanikus yn syn fjildtocht tsjin Arminius. Dit docht bliken út in histoaryske boarne, mar ek út archeologyske fynsten, ûnder oaren in ruterkamp op 'e Hunerberch by Nijmegen.
Letter yn 47, nei de opstân fan de Friezen yn 28, dienen sy tegearre mei de Kanninefaat Gannascus ynfallen yn Neder-Germaanje en plonderen de kusten fan Noard-Galje. Korbulo besocht Gannascus te fermoardzjen, troch in ekspedysjeleger nei it gebiet fan de Sjauken te stjoeren. Sa fier kaam it lykwols net, want keizer Klaudius joech Korbulo opdracht gjin fierdere aksjes mear te ûndernimmen yn Germaanje oer de Ryn, fanwegen in oanwaaksende fijannigens fan oare Germaanske folken.
Under de opstân fan de Bataven stipen de Sjauken mei de Friezen Julius Civilis. Hja wienen legere yn Tolbiacum (Zülpich, by Keulen).
Yn it tiidrek 172-174 binne de Sjauken op oarlochspaad en hâlde plondertochten yn Gallia Belgica (hjoeddeiske Flaanderen). Arras wurdt platbaarnd, de stêden Bavay, Thérouanne en Doornik wurde foar it grutste part fernield. Ek har buorfolk de Friezen hawwe ûnder dizze kriichsoprisping te lijen want der is sprake fan in ynfal troch de Sjauken yn Noard-Nederlân (Fryslân en Grinslân). In strafekspedysje troch de Romeinske keizer Marcus Didius Julianus makket in ein oan dizze plonderingen. [1] Lâns de Noardseekust en it Kanaal lit er forten bouwen (Litis Saxonicum).
Yn de 3e iuw hâlde de Sjauken op te bestean as aparte stam, nei gedachten om't hja opnaam waarden yn in oar stamferbân. Net dúdlik is hokfoar stam dat dan west hat: Der wurdt tocht oan de Saksen of oan de Friezen. Der wurdt lykwols ek tocht oan de mûglikheid dat hja hielendal opgongen binne yn it ferbûn fan de spearen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer: Primêre boarne:
Fuotnoat:
|
Germaanske folken | feroarje |
---|---|
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen |