Springe nei ynhâld

Stasjon Lochem

Ut Wikipedy
Stasjon Lochem
station Lochem
Stasjon Lochem yn 2003
Stasjon Lochem yn 2003
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Lochem
plak Lochem
adres Stationsplein 1
arsjitektuer
stasjonskoade Lc
type Trochgongsstasjon
iepening 1 novimber 1865
boujier 1863
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 2
spoarline Steatsline D
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Lochem (Gelderlân)
Stasjon Lochem

Stasjon Lochem (Lc) is in stasjon yn de Nederlânske stêd Lochem yn de provinsje Gelderlân. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fjirde klasse en is ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de sân stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.

It stasjon moast bûten it oerstreamingsgebiet fan de regelmjittich oerstreamende Berkel boud wurde. Dat wie in probleem. Baron van Nagell van Ampsen hie in oplossing. Hy bea in stik grûn op syn goed fergees oan foar de bou. Sa koe er hiel maklik syn famylje en relaasjes fan it min ofte mear "eigen" stasjon helje.

It stasjonsgebou kaam yn 1863 ree, en waard iepene op 1 novimber 1865 foar treinreizgers doe't ek it spoar fan Steatsline D oanlein wie. Yn 1879 is oan de rjochterkant in fleugel oanboud en in 1902 folge der ek in fleugel oan de linker kant en de rjochter fleugel waard útwreide. It stasjon leit hjoeddedei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Keolis. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as ytgelegenheid.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 24
31200
Stoptrein (Keolis) SutfenLochemHengeloOldenzaal In healoeretsjinst

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: