Springe nei ynhâld

Swanneblom

Ut Wikipedy
Net te betiizjen mei swannepopel.
swanneblom
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift swanneblomeftigen
   (Nymphaeales)
famylje swanneblommen
   (Nymphaeaceae)
skaai swanneblommen (Nymphaea)
soarte
Nymphaea alba
Linnaeus, 1753
ferspriedingsgebiet

De swanneblom, ek dûker, flesse, fleske, flessehals, kankerblêden, kanneblêden, plomp, pompeblêd, wite wetterleelje of wetterroas (Nymphaea alba), is in algemien foarkommende wetterplant mei driuwende blêden. De swanneblom groeit meast yn leechfeanplassen, petgatten, brede sleatten, net meer brûkte kanalen en oan de ouwer fan stadich streamende rivieren. Dy wetters ha in djipte fan maksimaal trije meter. De plant hat in sprieding fan 150 sm. Swanneblommen kinne frij goed tsjin wetterfersmoarging. De namme nymphaéa betsjut yn it Gryksk 'wettergoadinne', fanwege de groei yn it wetter. Alba betsjut 'wyt'. De blêden komme yn it foarjier oan it oerflak en dêrnei komme de blommen. It is de grutste blom fan de Nederlânske lânseigen planten.

Se komt faak foar mei de giele plomp op wat fiedselearme plakken, mar beide soarten steane ek faak tegearre. Tige licht streamend wetter ferdraacht de plant wol, mar minder goed as giele plomp. Yn situaasjes mei izerryke kwel dêr’t it fosfaat bûn wurdt, kin se better stânhâlde as giele plomp; yn oare situaasjes wurdt se faak troch dizze soarte ferdreaun. Beskaadzjen troch beammen of moerasplanten wurdt net goed ferdroegen.[1] Swanneblommen binne lânseigen yn Noard-Afrika, tuskenbeidenklimaat Aazje, Europa en tropysk Aazje (Jammu en Kasjmir).

Dielen fan de plant

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De blêden fan de swanneblom lykje sterk op dy fan de giele plomp, mar se binne mear sirkelrûn. De leareftige blêden binne oan de boppekant donkergrien, fan ûnderen readeftich, geefrânich en wat bochtich. De blêden binne sa goed as rûn en driuwe op it wetteroerflak. De blêden ha in waakslaach dy 't se beskermet tsjin wetter. De blêden kinne in trochsneed krije oant 30 sm en in sprieding fan 150 sm de plant. Se hawwe in hertfoarmige foet. De fjouwer tsjelkblêden binne aairûn, fan bûten grien en fan binnen wyt. Der binne in soad kroanblêden. De bûtensten binne langer as de tsjelkblêden. Se steane yn in soad rigen, hawwe gjin huninggroefkes en geane nei binnen ta stadichoan yn de maltriedden oer. Der binne in soad moaltriedden. De stimpels op it fruchtbegjinsel binne feriene ta in sirkelrûne skiif mei linefoarmige, giele strielen. De frucht is bolrûn en bedutsen mei de littekens fan de kroanblêden en de moaltriedden.

Stâle en woartelstok

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de boaiem ûnder wetter hat de plant in woartelstok. De dikke, horizontale, wat fertakke woartelstok hat boppe-oan littekens fan blêd- en blomstâlen en ûnderoan woartelrizels. De blommen sitte oan de ein fan de lange stâlen. Middenyn blêd- en blomstâlen sitte fjouwer gruttere luchtkanalen. De blêdstâlen binne nei ûnderen ta trijehoekich, nei boppen ta rûn en drage oan de foet lansetfoarmige steunbledsjes. [2]

De blêdstâle is rûn en hat grutte luchtkanalen dy't lucht nei de woartelstôk geliede. Der binne tweintich oant fiifentweintich puntige kroanblêden en fjouwer tsjelkblêden.

De plant hâldt fan sinne en bloeit meastal yn de moannen juny oant augustus. Swanneblommen hawwe geurige wite blommen mei in trochsneed fan 10-20 sm die op it wetteroerflak driuwe. De wite blommen hawwe in soad lytse moaltriedden oan de binnenkant. De blommen fan de swanneblom iepenje har foar ljocht en slute har as it tsjuster is. De allinnichsteande blommen stean allinnich op silindryske blomstâlen en binne in bytsje swietrokich. De blomme slute har by rein en nachts, sadat it stomoal besmoute is. De grutte blom falt tige op troch de wite binnenkant fan de tsjelkblêden en de soad wite kroanblêden, wylst ek de, al is de mar swakke huningrook, lokmiddel foar de ynsekten is. De sittende stimpels foarmje in oranjegiele knop mei acht oant fjouwerentweintich stimpelstrielen. De stimpel skiedet focht ôf, dat nei alle gedachten troch ynsekten opslikke wurdt. Dochs komme der net folle ynsekten op ôf. De stampers binne tagelyk mei of wat earder as de maoltriedden ryp, mar de stimpel bliuwt in pear dagen geskikt om stomoal op te nimmen. Krúsbestowing troch ynsekten bart net faak en selsbestowing is regel, trochdat de helmtriedden har sikkelfoarmich bûge en mei harren knopkes boppe de ta in plaat útsprate stimpels komme te stean.[3]

Nei de bloei en befruchting krollet de stâle op wêrtroch't de blom ûnder wetter dûkt dêr't de frucht him ûntwikkelje sil. De frucht, dy't ûnder wetter ripet, hat meastal de foarm fan in flesse, mar is soms bolfoarmich. De ripe fruchten bûge har wer om oant se ûnder wetter binne. Gewoanwei rottet dan de fruchtwand of hy springt iepen troch swolling fan it slym dat om de siedden sit. Earst foarmet de hiele ynhâld in slymeftige klompe, mar úteinlik lost dit slym op en komme de De siedden frij. De siedden (ellipsoïde en 2-3 mm lang) wurde, sadree't se ryp bine, frijjûn en driuwe op it oerflak tanksij in mei lucht folde keamer. Elts sied is omjûn troch in siedmantel dy't los tsjin de siedhûd leit, sadat der tusken beide in luchtlaach sit. Dêrtroch driuwe se en wurde se mei it wetter of troch de poaten fan wetterfûgels meifierd. Einlik is de siedmantel ferrotte, de lucht ûntwykt en no sinke de siedden. Ek wetterfûgels soargje wol foar fersprieding fan de siedden, trochdat se de fruchten iepenhakke om de siedden, dy't ryk oan fiedsel binne, te bemachtigjen. Faak bliuwe dan in pear siedden mei slym der om oan de boarstfearren fan de snaffelhoeken sitten. Dy wurde meidroegen en op oare plakken ôfstrutsen. Dêrnei sinke se en kinne yn de modder útsprute.

It soarte waard foar it earst publisearre en beskreaun troch Carl Linnaeus yn syn boek 'Species Plantarum', op side 510 in 1753. De reade fariëteit (Nymphaea alba f. rosea) wurdt kweekt yn de mar Fagertärn ("Fair tarn") yn de bosk fan Tiveden, Sweden, dêr't it yn it begjin fan de 19e iuw ûntdutsen waard. De ûntdekking late ta grutskalige eksploitaasje, wêrtroch't it hast útstoarn wie yn it wyld eardat it beskerme waard. Nymphaea candida J. Presl wurdt soms beskôge as in ûndersoarte fan N. alba (N. alba, L. subsp. candida (J. Presl) Korsh.)

De plant is fergiftich en waard eartiids brûkt yn de folksgenêskunde. It befettet de aktive alkaloïden nufarine en nymfaeïne en is in kalmearjend middel en in afrodisiakum/anafrodisiakum, ôfhinklik fan de boarnen. Hoewol't woartels en stâlen yn de tradysjonele krûdegenêskunde tegearre mei de blom brûkt wurde, binne de blomblêden en oare blomdielen it krêftichst. Alkohol kin brûkt wurde om de aktive alkaloïden te ekstrahearjen en it fersterket ek de kalmearjende effekten. De woartel fan de plant waard hûnderten jierren lang troch muontsen en nonnen brûkt as anafrodisiakum, plette en mingd mei wyn. Yn de ierste printe medyske hânboeken hanthavenen auteurs dit gebrûk, hoewol't se warskôgen foar it iten fan grutte en frekwinte doases.

Myten en leginden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane in soad mytes en legindes oer de swanneblom, wêrûnder ferhalen oer nimfen en de skilderijen fan Claude Monet. Yn de Midsiuwen waard de swanneblom beskôge as in teken fan keinens; muontsen en nonnen ieten dan ek de woartelstok en siedden, omdat tocht waard dat dizze dielen fan de plant lustremjende stoffen befetsje soene.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ecopedia.be
  2. Wildeplanten.nl
  3. Waarneming.nl
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nymphaea alba fan Wikimedia Commons.