Springe nei ynhâld

Swartteistergroukopke

Ut Wikipedy
swartteistergroukopke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje groukopflinters (Hesperiidae)
skaai lytse gersgroukopkes (Thymelicus)
soarte
Thymelicus lineola
Ochsenheimer, 1808
IUCN-status: net bedrige

It swartteistergroukopke (Thymelicus lineola) is in soarte yn it skaai fan de lytse gersgroukopkes (Thymelicus).

It swartteistergroukopke kin oeral sjoen wurde. Op de klaaigrûnen is de flinter in bytsje seldsumer. Hy libbet yn greiden en rûchten.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as net bedrige.

De wjuklingte is 12 oant 14 mm. De wjukken binne ljochtbrún; it liket wol giel. De ûnderkant fan de flinters is swart. De geurstreek fan it mantsje rint oer de ieren fan de foarwjukken.

De flinter fljocht fan heal juny ôf oant begjin septimber, foaral tusken 10 july en 10 augustus. It Swartteistergroukopke fljocht altyd yn ien generaasje.

De rûp komt yn april út it aai. Aaien wurde yn groepkes troch it wyfke ôfsetten. De aaikes binne plat en wyt. Fanút in selsmakke kokerke geane se op syk nei iten. De rûp kin 25 mm wurde. It liif is gersgrien mei wyteftige griene linen. De groeiperioade fan de rûp is yn it foarjier en/of yn de foarsimmer. Foar it ferpopkjen makket de rûp in blêdekokon.

De rûp fret ferskillende soarten gers lykas: knopgers, weetgers, fiter, finnige koartstâle en raaigers.

Swartteistergroukopke.