Torpedo (wapen)
In Torpedo is in projektyl dat troch dûkboaten, skippen, helikopters en oare fleanmasines, mar ek fan de wâl ôf, yn it wetter lansearre wurdt om oare skippen en dûkboaten te bestriden. De komst fan de torpedo hat laat ta it ûntstean fan twa nije skipstypen, nammentlik de torpedoboat en de torpedoboatjager. De earste torpedo waard yn 1877 ûntwikkele.
Konstruksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Torpedo's binne meast silindryske buizen mei in trochsneed fan 32,4 oant 65,0 sm. mei in lingte fan in stik as wat meters. Yn de torpedo sitte in eksplosive lading (ek nukleêre lading) mei detonaasjemechanisme, in oandriuwingssysteem en in bestjoeringssysteem. De oandriuwing moat gjin atmosfearyske soerstof nedich hawwe útsoarte en krijt syn enerzjy meast út gemyske reaksjes. Yn it ferline waarden akku's brûkt, yn 't earstoan leadakkus, letter ek modernere typen. Moderne torpedo's hawwe ûnder oare stoomturbines foar it oandriuwen fan de skroef; de stoom ûntstiet troch gemyske reaksjes fan bygelyks wetterstofperokside mei in oksidearbere stof of swevelheksafluoride mei fêst litium.
It bestjoeringssysteem kin ferskille fan ienfâldich oany tige avansearre, mei aktive en passive sonar en kompjûters om de ferkrigen gegevens te ferwurkjen. In torpedo kin ynrjochte wêze om tsjint of deun by it objekt te ûntploffen.
Histoaryske betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei torpedo waard fan de 19e iuw ôf elts eksplosyf bedoeld dat op of yn it wetter brûkt waard. Healwei dy iuw ferskynden bygelyks de earste spartorpedoboaten, dy't in eksplosyf oan in lange boechspriet hiene, ornearre om oare skippen te ramen. Noch oant de Earste Wrâldoarloch waard mei torpedo bedoeld de ferankere driuwende seemyn. Sokke torpedo's waarden brûkt om seeëarmen en riviermûningen om de skipfeart tsjin te kearen.