Springe nei ynhâld

U2 (band)

Ut Wikipedy
U2
band
U2 yn 2017 fan l. nei rj.: Larry Mullen Jr., The Edge; Bono; Adam Clayton
U2 yn 2017 fan l. nei rj.: Larry Mullen Jr., The Edge; Bono; Adam Clayton
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Iersk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Rock
bestean 1976 – No
label(s) Island
leden
Sang Bono
Gitaar The Edge
Bas Adam Clayton
Drums Larry Mullen jr
U2 by it US Festival, maaie 1983

De Ierske rockband U2 is oprjochte yn septimber 1976. Sûnt it begjin bestiet de band út sjonger Bono (Paul David Hewson, berne 10 maaie 1960), gitarist The Edge (David Howell Evans, berne op 8 augustus 1961) basgitarist Adam Clayton (13 maart 1960) en drummer Larry Mullen jr (31 oktober 1961). De band is neamd nei it Amerikaansk spionaazjefleantúch Lockheed U-2 dat yn 1960 delsketten waard boppe Ruslân.

De earste albums “Boy” (1980) en “October” (1981) hiene noch net in dúdlik eigen styl, hoewol’t se rekkene waarden ta de yn dy jierren populêre New Wave. Yn 1983 kaam it album “War” út mei de hits “New Years Day” en “Sunday Bloody Sunday”, dat giet oer in bloedbad yn 1972 yn Noard-Ierlân. Mei dat album makken se har politike opfettings ek al dúdlik. Dat soe letter noch folle faker barre.

Yn 1984 waard it album “The Unforgettable Fire” útbrocht en yn 1987 “The Joshua Tree”. Dat album wurdt troch in soad leafhawwers as it hichtepunt fan harren oeuvre sjoen mei de hits “Where the Streets have no Name”, “I still haven’t found what I’m looking for” en “With or without you”. Dy lieten binne sterk en opswypkjend, mar der steane ek hiel rêstige lieten op it album.
Yn 1988 kaam “Rattle and Hum”, in oade oan de Amerikaanske muzyk, mei sawol konsert- as studio-opnames. Op it liet “Desire” docht de bluessjonger en –gitarist B.B. King mei.

De band stie sa bot yn de belangstelling dat se wol in stapke werom dwaan moasten en sy ferfearen foar in skoft nei Berlyn, dêr't hja ynspiraasje opdiene foar it nije album “Achtung Baby” (1991) mei it bekende liet “One”, dat noch altyd heech yn de Top 2000 stiet. De band socht dúdlik in oare styl, dizze muzyk wie folle eksperimenteler. Dat wie noch mear sa op de albums “Zoropa” (1993) en “Pop” (1997). Dat lêste album hie safolle súkses net.

Mei de albums “All that you can’t leave behind” (2000) en “How to Dismantle an Atomic Bomb" (2004) sloech de band wer it âlde, fertroude rock paad yn. De lieten “Beautiful Day” en “Elevation” waarden in grut sukses. Yn 2009 folge “No Line on the Horizon.” Bij de tournee yn it ramt fan dit nije album wurke U2 mei in rûn poadium, sadat se it publyk om harren hinne hiene. Yn 2015 kaam it lêste album oant no ta út, “Songs of Innocence”.

De band hat altyd in soad oan woldiedichheid dien, sawol yn de teksten as yn de konserten. Se diene ûnder oaren mei oan Live Aid yn 1985 (wêrfan’t de opbringst nei de hongersneed yn Ethiopie gong) en in tournee foar Amnesty International yn 1986. Bono set him ek persoanlik yn foar projekten yn Afrika.

Sjoch ek: Diskografy fan U2 (ned)

Album Utbrocht op Label Singles
Boy 20 oktober 1980 Island A Day Without Me,
I Will Follow
October 12 oktober 1981 Fire,
Gloria
War 28 febrewaris 1983 New Year's Day,
Two Hearts Beat as One,
Sunday Bloody Sunday,
40
The Unforgettable Fire 1 oktober 1984 Pride (In the Name of Love),
The Unforgettable Fire
The Joshua Tree 9 maart 1987 With or Without You,
I Still Haven't Found What I'm Looking For,
Where the Streets Have No Name,
In God's Country,
One Tree Hill
Rattle and Hum 10 oktober 1988 Desire,
Angel of Harlem,
When Love Comes to Town,
All I Want Is You
Achtung Baby 18 novimber 1991 The Fly,
Mysterious Ways,
One,
Even Better Than the Real Thing,
Who's Gonna Ride Your Wild Horses
Zooropa 5 july 1993 Numb,
Lemon,
Stay (Faraway, So Close!)
Pop 3 maart 1997 Discothèque,
Staring at the Sun,
Last Night on Earth,
Please,
If God Will Send His Angels,
Mofo
All That You Can't Leave Behind 30 oktober 2000 Beautiful Day,
Stuck in a Moment You Can't Get Out Of,
Elevation,
Walk On
How to Dismantle an Atomic Bomb 22 novimber 2004 Vertigo,
Sometimes You Can't Make It on Your Own,
All Because of You,
City of Blinding Lights
No Line on the Horizon 27 febrewaris 2009 Get On Your Boots,
Magnificent,
I'll Go Crazy If I Don't Go Crazy Tonight
Songs of Innocence 9 septimber 2014 The Miracle (of Joey Ramone),
Every Breaking Wave,
Song for Someone
Songs of Experience 1 desimber 2017 You're the Best Thing About Me,
Get Out of Your Own Way,
Love Is Bigger Than Anything in Its Way,
Summer of Love
Songs of Surrender 2023
Album Utbrocht op Label
Under a Blood Red Sky 21 novimber 1983 Island

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Album Utbrocht op
The Best of 1980–1990 10 novimber 1998
The Best of 1990–2000 12 novimber 2002
U218 Singles 17 novimber 2006