Springe nei ynhâld

Untsliepeniskatedraal (Charkov)

Ut Wikipedy
Untsliepeniskatedraal
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Charkov
plak Charkov
koördinaten 49° 59' N 36° 13' E
Tsjerklike gegevens
patriarchaat Moskou
Arsjitektuer
boujier 1771-1783 (tsjerke)
1821-1826 (klokketoer)
boustyl Barok (tsjerke); neoklassisisme (toer)
Kaart
Untsliepeniskatedraal (Oekraïne)
Untsliepeniskatedraal

De Katedraal fan de Untsliepenis fan de Mem Gods (Oekraynsk: Успенський собор, Russysk: Успенский собор; Uspensky sobor) is in tsjerkegebou yn 'e Oekraynske stêd Charkov. De 89,5 meter hege klokketoer fan 'e katedraal is ien fan 'e heechste klokketuorren fan it lân.

De oarspronklike tsjerke datearret fan 1685-1687 en waard dêrnei meardere kearen ferboud. Dy earste tsjerke waard brekfallich en healwei de 18e iuw ek net mear represintatyf achte foar de nije status fan Charkov as wichtich hannelssintrum. Besletten waard in hiele nije katedraal te bouwen, dy't foltôge waard yn 1783.

De katedraal yn 1860.

Oan it begjin fan 'e 19e iuw waard de klokketoer boud. De bou moast de Russyske oerwinning yn 1812 op 'e troepen fan Napoleon betinke. Tolve klokken waarden yn 'e toer ophongen en in fiif meter heech krús op 'e toer set. Lang bleau de toer it heechste gebou fan 'e stêd en it wie net earder as yn 2006, doe't moderne nijbou de status fan it heechste gebou fan 'e katedraal oernaam.

De tsjerke waard yn 1924 foar de earetsjinst sletten. De autoriteiten lieten de katedraal plonderje, de klokken waarden út de toer helle en de ikonostaze, neffens guon noch in ûntwerp fan Bartolomeo Rastrelli (1700-1771), ferdwûn nei it Keunstmuseum. Dêr gyng de ikonostaze yn 'e Twadde Wrâldkriich troch brân ferlern. Yn 1929 waarden de koepels fan 'e katedraal ôfbrutsen. It restearende gebou krige yn 'e Sovjet-tiid ferskate funksjes.

Sûnt 1970 waard mei in restauraasje fan de tsjerke en klokketoer it oarspronklike oansjen werom brocht. Nei't de fûneminten en muorren renovearre wiene', waarden de fiif koepels wer opboud en oerdutsen mei koper. Lettere tafoegings oan it gebou waarden weibrutsen en ferskate dekoraasjes op 'e nij oanbrocht. De katedraal waard op 1 desimber 1986 weriepene as in konsertgebou foar oargel- en keamermuzyk en bea plak oan in publyk fan 472 minsken. Foar dat doel waard in trijemanualich oargel yn 'e alterromte fan 'e eardere tsjerke boud troch de firma Rieger-Kloss út Tsjechoslowakije

Yn novimber 1990 waard foar it earst in fiering fan in godlike liturgy tastien. Dêrnei mocht it bisdom tsjin betelling op ûnregelmjittige basis gebrûk meitsje fan 'e tsjerke. Yn neifolging fan it beslút fan 'e presidint fan de Oekraïne op 4 maart 1992 oangeande maatregels om religieuze eigendommen werom te jaan oan religieuze organisaasjes, waard it dekreet útskreaun om de toer yn 2004 en de rest fan it hiele kompleks yn 2006 oer te dragen oan de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (patriargaat Moskou). It dekreet waard lykwols foar it rjocht brocht, fanwegen de oanwêzigens fan it oargel dat gjin besit fan 'e tsjerke wie en de rjochter liet dêrom it dekreet útstelle. Op 21 novimber 2006 waard it krús werom set op de klokketoer fan 'e katedraal. Yn 2009 waard troch de oerheid in nij beslút oer de oerdracht fan 'e katedraal oan it otterdokske bisdom nommen. Oant 2010 waard neffens in ôfsprutsen aginda de katedraal foar sawol konserten en tsjerketsjinsten brûkt. Yn itselde jier waard in kontrakt ôfsletten foar de bou fan in nij en hast twa kear sa grut oargel troch de Dútske oargelbouwer Alexander Schuke fan fjouwer manualen en 72 registers yn 'e nije oargelseal fan it Filharmonysk Kompleks. Nei it iepenjen fan 'e nijbou moast de hiele katedraal oan it bisdom oerdroegen wurde.

By de Russyske ynfaazje fan 'e Oekraïne rekke de tsjerke by besjittings skansearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: