Vincent Canby
Vincent Canby | ||
Vincent Canby yn 1977. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Vincent Canby | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 27 july 1924 | |
berteplak | Chicago (Illinois) | |
stoarn | 15 oktober 2000 | |
stjerplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist | |
aktyf as | filmkritikus, teäterkritikus | |
jierren aktyf | 1948 – 2000 |
Vincent Canby (Chicago, 27 july 1924 – New York, 15 oktober 2000) wie in Amerikaansk sjoernalist, teäter- en filmkritikus, filmhistoarikus, toaniel- en romanskriuwer. Hy krige bekendheid om't er fan 1969 oant de iere 1990-er jierren as haadfilmkritikus fan The New York Times tsjinne, en doe fan 1994 oant 2000 as as haadteäterkritikus. Yn syn wurk foar dy krante skreau er resinsjes foar mear as tûzen films.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Canby waard yn 1924 berne yn Chicago as de soan fan Lloyd Canby en Katharine Anne Vincent. Hy waard al op jonge leeftyd nei in kostskoalle stjoerd yn Christchurch (Firginia), dêr't er befreone rekke mei de lettere skriuwer William Styron. Nei de Japanske Oanfal op Pearl Harbor, dy't de Feriene Steaten by de Twadde Wrâldoarloch beloek, naam Canby tsjinst by de Amerikaanske Marine, dêr't er yn 1944 oansteld waard op in lâningsfartúch. Yn jannewaris 1946 waard er befoardere ta luitenant-op-see 3e klasse. Nei't er letter dat jier ôfswaaid wie, studearre Canby oan it Dartmouth Kolleezje, dêr't er syn stúdzje lykwols nea ôfmakke.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Canby sette syn karriêre as sjoernalist yn syn berteplak Chicago útein mei in baan by it Chicago Journal of Commerce yn 1948. Trije jier letter, yn 1951, ferfear er nei New York, dêr't er as filmkritikus oannommen waard troch it foaroansteande tydskrift Variety. Yn 1957 stapte er oer nei de krante The New York Times, dêr't er yn febrewaris 1969 op 'e nij filmkritikus waard, as opfolger fan Renata Adler.
As filmkritikus wie Canby in fan fan inkeld in beskate styl fan filmmakkers, wêrûnder Jane Campion, Rainer Werner Fassbinder, Stanley Kubrick, Spike Lee, Mike Leigh en Woody Allen, dy't Canby syn entûsjaste resinsje fan Take the Money and Run as in kearpunt yn syn karriêre beskôge. Oan 'e oare kant hie Canby swiere krityk op in protte films dêr't oare filmkritisy mei fuortrûnen, lykas Alien, Blazing Saddles, Deliverance, The Godfather Part II, Night of the Living Dead, One Flew over the Cuckoo's Nest, Rain Man, Rocky, Star Wars Episode V: The Empire Strikes Back, Star Wars Episode VI: Return of the Jedi en Witness.
Yn desimber 1994 waard Canby as haadfilmkritikus fan The New York Times opfolge troch Janet Maslin, wêrnei't er de haadteäterkritikus fan 'e krante waard. Njonken syn wurk as sjoernalist wie Canby ek skriuwer. Fan him ferskynden de romans Living Quarters en Unnatural Scenery en de toanielstikken End of War, After All en The Old Flag (it lêste spile ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch).
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Canby troude nea, mar hie jierrenlang in relaasje mei de Ingelske skriuwster Penelope Gilliatt, oant har ferstjerren yn 1993.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Canby kaam op 15 oktober 2000 nei in lange siikbêd yn 'e âlderdom fan 76 jier te ferstjerren oan kanker.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1975 – Living Quarters (roman)
- 1978 – End of the War (toanielstik)
- 1979 – Unnatural Scenery (roman)
- 1981 – After All (toanielstik)
- 1984 – The Old Flag (toanielstik)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |