Hainan (Sineesk: 海南; Mandarynske pinyin-transliteraasje: Hǎinán; Kantoneeske jyutping-transliteraasje: Hoi2naam4; Hainaneesk: Hái-nâm) is it grutste eilân fan Sina, dat foar de kust fan 'e provinsje Guangdong yn 'e Súdsineeske See leit. Sûnt 1988 is it eilân ek in provinsje op himsels: de lytste en súdlikste fan Sina. Behalven Hainan sels rekkenet it Sineeske regear ek trije ûnbewenne eilannegroepen yn 'e Súdsineeske See ta de provinsje, dy't ferspraat lizze oer in ôfstân fan tûzenen kilometers. Gjin inkeld oar lân yn 'e wrâld erkent dy oanspraak en ferskate oare lannen yn Súdeast-Aazje hawwe eigen oanspraken op 'e eilannen. De befolking fan Hainan bestiet foar mear as fjouwerfyfde út etnyske Han-Sinezen, dy't foar it meastepart Hainaneesk sprekke, in dialekt fan it Hokkineesk. De grutste lânseigen groep fan Hainan wurdt foarme troch de Li of Hlai, dy't krapoan 16% fan 'e befolking útmeitsje. Neffens de folkstelling fan 2020 hie Hainan doe goed 10 miljoen ynwenners. De haadstêd en tagelyk grutste stêd fan it eilân en de provinsje is Haikou, oan 'e noardkust. Sanya, oan 'e súdkust, is it bekendste baaiplak fan Sina en in wichtige binnenlânske toeristyske bestimming foar miljoenen Sinezen.

Hainan
In rysfjild yn 'e neite fan Xinlong.
In rysfjild yn 'e neite fan Xinlong.
polityk
soarte gebiet eilân en provinsje
lân Sina
provinsje Hainan
haadplak Haikou
grutste plak Haikou
sifers
ynwennertal 10.081.232 (2020)
oerflak 32.900 km²
befolkingstichtens 306,4 / km²
oar
stifting 1988
tiidsône UTC +8
simmertiid gjint
koördinaten 19°12′ N 109°42′ E
offisjele webside
en.hainan.gov.cn
kaart
In rysfjild yn 'e neite fan Xinlong.
Hainan (read) yn 'e Folksrepublyk Sina.

It toponym "Hainan" komt fan 'e lânseigen Hainaneeske namme foar it eilân: Hái-nâm, dat de geografyske posysje fan it eilân oanjout, mei't it "Besuden de See" betsjut. Dy see is yn dit gefal de Strjitte fan Qiongzhou (útspr.: "tsj'hi-ong-dzjoo") of de Hainanstrjitte, de see-ingte dy't it eilân skiedt fan it Leizhouskiereilân, dat diel útmakket fan it Sineeske fêstelân. Dat skiereilân stie foarhinne ek wol bekend as Hái-bac: "Benoarden de See". Histoarysk wiene oare nammen foar Hainan û.o. Zhuya, Qiongya ("tsj'hiong-ja") en Qiongzhou. Westerske ûntdekkingsreizgers notearren de namme fan it eilân yn 'e santjinde en achttjinde iuw op harren lânkaarten as Aynam, in ferbastering fan 'e lânseigen namme Hái-nâm.

 
In lânkaart fan Hainan.

Hainan is it súdlikste diel fan Sina. It is in grut, fierhinne rûn eilân mei in útstulping nei it noardeasten, dy't foar de súdkust fan 'e provinsje Guangdong yn 'e Stille Oseaan leit. Yn it noarden wurdt it eilân troch in 30 km brede see-ingte, de Strjitte fan Qiongzhou (útspr.: "tsj'hi-ong-dzjoo") of ek wol de Hainanstrjitte, skaat fan it Sineeske fêstelân. Dat diel fan it fêstelân is it Leizhouskiereilân, dat oer in ôfstân fan 140 km rjocht nei it suden ta yn 'e see útstiket. Tegearre foarmje Hainan en it Leizhouskiereilân de skieding tusken de iepen Súdsineeske See yn it easten en de Golf fan Tonkin yn it westen.

Hainan mjit 288 km fan east nei west en 180 km fan noard nei súd. It oerflak bedraacht 32.900 km². Dêrmei is it eilân mar kwealk lytser as Taiwan. It heechste punt op Hainan is de berch de Wuzhi mei in hichte fan 1.840 m. De noardlike helte fan it eilân is fan âlds fulkanysk en ûnder de boppeste grûnlaach sit dêr fulkanysk stiente. It eilân omfiemet sa'n 3.200 km² moeras, benammen yn it easten en noarden, wêrfan't 780 km² keunstmjittich oanlein is yn it ramt fan natoerbeskerming. De measte rivieren op Hainan ûntspringe yn 'e midden fan it eilân en rinne dêrwei yn ferskillende rjochtings op 'e see ta. De langste rivier op it eilân is de Nandu, mei in lingte fan 314 km. Foar de kust lizze ferskate lytsere eilantsjes, wêrûnder Dazhou, Haidian, Wuzhizhou en Xinbu.

 
Utsjoch op it binnenlân fan Hainan.

Miljoenen jierren lyn siet Hainan fêst oan it noarden fan Fjetnam, foar't in reuseftige fulkaanútbarsting it eilân losbriek fan it fêstelân fan Súdeast-Aazje. Nei it Mesosoïkum dreau Hainan troch de tektoanyske bewegings fan 'e ierdplaten nei it súdeasten ta en kaam it úteinlik te lizzen dêr't it no leit. Ien fan 'e âldste noch besteande groepen minsken dy't har op Hainan nei wenjen setten, wiene de Baiûee (Baiyue), in Tai-Kadai-sprekkend folk. Hja fêstigen har nei gedachten om 4000 f.Kr. op it eilân en fermongen har dêr mei ierdere minsklike bewenners. Tsjintwurdich drage de Baiûee genetyske markearrings yn har DNA dy't ôfkomstich binne fan lju dy't har 27.000 jier lyn op Hainan nei wenjen setten.

Yn 110 f.Kr. waard Hainan troch it Keizerryk Sina anneksearre, doe't ûnder de Han-dynasty generaal Lu Bode fan it fêstelân nei it eilân oerstiek en dêr in militêr garnizoen legere. Hainan waard ûnderdiel fan 'e provinsje Guangdong, mar lange tiid bleau de Sineeske ynfloed op it eilân beheind, mei't der har njonken it garnizoen inkeld wat amtners fêstigen. Iuwenlang wie Hainan min ofte mear in strafkoloanje, dêr't kriminelen en dissidinten hinne stjoerd waarden om yn 'e tropyske hjittens twangarbeid te ferrjochtsjen. De bekendste finzene op Hainan wie nei alle gedachten de dichter en burokraat Su Shi, dy't yn 'e alfde iuw ûnder de Song-dynasty oan it keizerlik hôf yn ûngenede foel en nei it eilân ferballe waard. Su Shi skreau wiidweidich oer syn ûnderfinings op Hainan.

 
De âlde binnenstêd fan Haikou, de haadstêd fan Hainan.

Likernôch fan 'e alfde iuw ôf begûn in kolonisaasje fan Hainan troch etnyske Han-Sinezen. Dêrby gie it foar it meastepart om earme boeren op 'e siik nei in stikje eigen lânbougrûn. Troch de ynfluks fan Sinezen waarden de Li en de oare, lytsere lânseigen etnyske groepen op it eilân út it flakkere noarden wei ferdreaun nei de heuveliger súdlike helte fan Hainan.

Nei de fal fan it Sineeske keizerryk by de Sineeske Revolúsje fan 1911, dy't in ein makke oan it bewâld fan 'e Qing-dynasty, bleau Hainan ek yn 'e nije Republyk Sina ûnderdiel fan 'e provinsje Guangdong. Yn 1921 soe it in spesjale bestjoerlike regio wurde, mar it duorre oant 1944 foar't dat plan útfierd waard. Yn 'e 1920-er en 1930-er jierren wie Hainan in broeinêst fan banditisme. Yn 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch (1937-1945) en de Twadde Wrâldoarloch (1939-1945), dy't yn Sina gearfoelen, waard Hainan foar in diel beset troch de Japanners. Kommunistyske Han-Sinezen en lânseigen Li-rebellen fierden in fûleinige guerriljastriid tsjin 'e besetters, dy't it dêrtroch nea slagge om it hiele eilân yn 'e hannen te krijen. By wize fan represailles rjochten de Japanners gâns bloedbaden oan yn Li-doarpen.

 
De skyline fan Haikou, de haadstêd fan Hainan.

Nei't de Japanners har yn augustus 1945 oerjûn hiene, wist de nasjonalistyske Guomintang-partij, dy't it yn 'e Republyk Sina foar it sizzen hie, de sizzenskip oer Hainan werom te winnen. Hainan wie ien fan 'e lêste dielen fan wat úteinlik de Folksrepublyk Sina waard, dy't yn 'e Sineeske Boargeroarloch yn 'e hannen fan 'e kommunisten foelen. Oant en mei maart 1950 bleau Hainan yn 'e hannen fan 'e nasjonalisten. Op 10 april 1950 fierde it kommunistyske Folksbefrijingsleger in amfibyske operaasje út wêrby't it troepen oan lân sette op 'e kust fan it eilân. De Slach om Hainan duorre tweintich dagen en einige op 1 maaie yn in definitive kommunistyske oerwinning.

Yn 'e Folksrepublyk ferlear Hainan syn status fan spesjale bestjoerlike regio en waard it wer ûnderdiel fan 'e provinsje Guangdong. Op 1 oktober 1984 krige it eilân mei de status fan bestjoerlike regio in bytsje selsbestjoer binnen Guangdong, en op 26 april 1988 waard Hainan hielendal losmakke fan Guangdong en waard it in selsstannige provinsje. Tagelyk waard it troch it Sineeske regear fan Deng Xiaoping oanwiisd as in spesjale ekonomyske sône om ynvestearrings yn it efterbleaune gebiet oan te fiterjen. Yn juny 2020 kundige it regear fan Xi Jinping oan dat Hainan tsjin 2025 in frijhannelsgebiet wurde soe, wat it eilân der tsjin 2035 ekonomysk by skuorre moast. Yn Hongkong waard it plan troch de South China Morning Post omskreaun as in inisjatyf fan 'e Sineeske Kommunistyske Partij om Hongkong as grutste hannelsplak yn súdlik Sina te ferfangen troch Hainan.

 
In resort deunby it strân fan Sanya, oan 'e súdkust fan Hainan.

De ekonomy fan Hainan is foar it meastepart agrarysk, en mear as de helte fan 'e eksportprodukten fan it eilân binne agraryske produkten. De wichtichsten binne: rys, kokosnuten, palmoalje, sisal, tropysk fruit (benammen ananassen, wêrfan't Hainan yn Sina de wichtichste produsint is), swarte piper, kofje, tee, cashewnuten en reidsûker. De fiskerij is ek wichtich. Hainaneeske fiskers fange benammen seebears, makriel, tonyn en garnalen.

De yndustriële ûntwikkeling fan it eilân is beheind bleaun ta it ferwurkjen fan dylchstoffen en agraryske produkten fan it eilân sels, lykas izererts en rubber. In grut probleem hat foar de útwreiding fan 'e yndustry op Hainan altyd de rynkranke elektrisiteitsfoarsjenning west. Dy is foar it meastepart ôfhinklik fan wetterkrêftsintrales dy't te krijen hawwe mei seizoenale fluktuaasjes yn 'e hoemannichte rivierwetter.

 
De haven fan Haikou, de haadstêd fan Hainan.

Fan groeiend belang foar de provinsjale ekonomy is it toerisme. De toeristyske sektor is benammen konsintrearre oan 'e kust fan it eilân. It baaiplak Sanya, oan 'e súdkust, is ien fan 'e wichtichste binnenlânske toeristyske bestimmings fan 'e Folksrepublyk. De westkust fan Hainan stiet bekend as de Sineeske Riviêra. Yn it noardeasten, by de haadstêd Haikou, leit ek in wichtige toeristyske bestimming: Holiday Beach. Yn 2018, it lêste represintative jier foar't de koroanafiruspandemy útbriek, ûntfong Hainan mear as 76 miljoen toeristen, dy't mei-inoar foar $14 miljard op it eilân útjoegen.

Sûnt de opname fan Hainan yn 'e Folksrepublyk Sina, yn 1950, foarme it eilân ûnderdiel fan 'e provinsje Guangdong. Pas yn 1988 waard it dêr bestjoerlik fan losmakke om in selsstannige provinsje te wurden, de lytste fan Sina, sawol wat oerflak oangiet as wat befolkingsgrutte oanbelanget. As provinsje hat Hainan in eigen regear en in eigen folksfertsjintwurdiging, dy't net ien fan beiden folle yn 'e molke te krommeljen hawwe, mei't de Folksrepublyk sintralistysk organisearre is en hast alle macht by it regear yn Peking leit. De 'folksfertsjintwurdiging' is boppedat net demokratysk keazen, mar inkeld uterlik fertoan. De heechste amtner op Hainan is yn namme de provinsjale gûverneur, mar dy hat minder macht as de sekretaris-generaal fan 'e Hainaneeske ôfdieling fan 'e Sineeske Kommunistyske Partij.

 
De rivalisearjende oanspraken fan lannen op 'e ûnbewenne eilannegroepen yn 'e Súdsineeske See.

Bestjoerlik is Hainan ferdield yn 4 distrikten, 6 autonome distrikten en 5 stêden fan distriktsnivo. Behalven it eigentlike eilân Hainan omfiemet de provinsje sabeare ek trije eilannegroepen yn 'e Súdsineeske See, dy't besteane út mear as 200 ûnbewenne eilantsjes. Gjin inkeld oar lân erkent de Sineeske oanspraken op dy eilannen. It giet hjirby om 'e Paraceleilannen (yn it Sineesk de Xisha- of "Westsân"-eilannen), dy't ek opeaske wurde troch Fjetnam en Taiwan; de Macclesfield Bank en de Scarborough Shoal (de Zhongsha- of "Midsân"-eilannen), dy't ek opeaske wurde troch de Filipinen; en de Spratly-eilannen (Nansha- of "Súdsân"-eilannen), dy't ek opeaske wurde troch Fjetnam, de Filipinen, Maleizje en Brûnei.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2020 hie Hainan doe in befolking fan 10.081.232 minsken. De befolkingstichtens bedroech 306,4 minsken de km². De grutste stêd op it eilân is de haadstêd Haikou, oan 'e noardkust, mei in befolking fan 2.046.000 minsken. It baaiplak Sanya, oan 'e súdkust, is it op ien nei grutste plak, mei 1.031.000 ynwenners.

 
De fersprieding fan 'e ûnderskate dialekten fan it Hokkineesk (Min).
     Hainaneesk

De grutte mearderheid fan 'e befolking fan Hainan, neffens de offisjele statistiken fan 'e Folksrepublyk 82,6%, wurdt opmakke troch etnyske Han-Sinezen. Dy hingje yn religieus opsjoch it Sineeske universalisme en it boedisme oan. It Mandarynsk, de offisjele taal fan 'e Folksrepublyk dy't basearre is op 'e standerttaal fan noardlik Sina, wurdt op Hainan frijwol net as memmetaal sprutsen, útsein yn Yancheng, in stêd dy't in lange skiednis as garnizoensplak hat. Lju dy't yn 'e toeristyske sektor wurkje, kinne net sûnder in goede behearsking fan it Mandarynsk, mar dat nimt lykwols net wei dat it altyd in oanlearde twadde taal bliuwt.

De Sinezen fan Hainan sprekke ynstee yn grutte mearderheid Hainaneesk. Dat is in dialekt fan it Hokkineesk (Min), in Sinityske taal wêrfan't de measte dialekten tusken Wenzhou en Shantou oan 'e Eastsineeske kust sprutsen wurde en op Taiwan. It Hainaneesk en it oanbuorjende Leizhouneesk fan it Leizhouskiereilân binne wat dat oangiet isolearre fan 'e rest fan it Hokkineesk. Yn 'e provinsje Guangdong, op it fêstelân, wurdt fierders nammentlik Kantoneesk (Yue) sprutsen, in hiel oare Sinityske taal, dy't op Hainan inkeld sprutsen wurdt troch in relatyf lytse groep resinte ymmigranten fan it fêstelân. Fierders libbet der yn it noarden fan it eilân in as lânseigen beskôge mienskip fan sa'n 2.600 Hakka-Sinezen, dy't Hakka (wer in oare Sinityske taal) sprekke.

 
Froulju fan 'e etnyske Li-minderheid yn tradisjonele dracht op in foto út 1962.

De grutste lânseigen net-Sineeske etnyske groep op Hainan wurdt foarme troch de Li (of Hlai), dy't neffens de offisjele sifers 15,8% fan 'e befolking útmeitsje, wat delkomt op 1.593.000 minsken. De Li, dy't troch it regear fan 'e Folksrepublyk erkend wurde as ien fan 'e 56 folken fan Sina, sprekke in Tai-Kadai-taal, dy't besibbe is oan û.m. it Taisk en it Laotiaansk. Harren foarnaamste godstsjinst is in animistyske natoerreligy, mar der bestiet mank harren ek in teravadaboedistyske minderheid. De Hmong (of Miao), dy't in Hmong-Miën-taal sprekke, meitsje op Hainan 0,82% fan 'e befolking út, wat delkomt op 83.000 minsken, wylst de Sjûang (of Zhuang), dy't krekt as de Li in Tai-Kadai-taal sprekke, 0,67% foarmje, wat delkomt op 68.000 minsken. Beide folken binne yn folle gruttere oantallen op it Sineeske fêstelân fertsjintwurdige.

De Limgao (of Be) foarmje mei 600.000 minsken in lytsere lânseigen etnyske groep op Hainan, dêr't se oan 'e noardeastkust wenje, û.m. yn 'e foarstêden fan Haikou. Dat folk genietet lykwols gjin erkenning yn 'e Folksrepublyk, en hoewol't it Limgao, harren taal, krekt as de Li in Tai-Kadai-taal is, wurde de Limgao yn 'e offisjele statistiken klassifisearre as Han-Sinezen. Wer in oare etnyske groep op Hainan wurdt foarme troch de 4.500 Oetsûlen, dy't yn 'e doarpen Yanglan en Huixin oan 'e râne fan Sanya libje. Hja binne ôfstammelingen fan flechtlingen út it Keninkryk Tsjampa, dy't nei de definitive nederlaach fan harren ryk yn 'e Tsjamysk-Fjetnameeske Oarloch yn 1471 oer see de wyk namen nei Hainan. Hja sprekke Tsat, in Austronezyske taal fan 'e Tsjamyske groep. Fanwegen harren islamityske leauwe wurde de Oetsûlen troch it regear fan 'e Folksrepublyk klassifisearre as Hui, dat eins Han-Sineeske moslims binne.

 
It Nanshan Dongtian Park yn Sanya.

Hainan hat in tropysk klimaat, mei hjitte simmers en waarme winters. Yn july en augustus, de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis 29 °C, en yn jannewaris en febrewaris, de kâldste moannen, is dat 21 °C. Utsein yn 'e bercheftige midden fan it eilân sakket ek de nachttemperatuer op Hainan nea ûnder de 14 °C. Hainan kriget jiers trochinoar 1.500–2.000 mm delslach, mei yn wiete jierren útsjitters nei 2.400 mm. Fierwei de measte rein falt simmerdeis, wannear't de moesson oer Hainan tsjocht. It eilân leit yn it paad dat guon tyfoanen nimme om fan 'e iepen Súdsineeske See ôf it fêstelân fan Súdeast-Aazje op te brûzen.

Floara en fauna

bewurkje seksje

It meastepart fan Hainan, neffens de offisjele sifers 61,5%, bestiet út tropysk reinwâld. Ien fan 'e beammesoarten dy't in protte op it eilân groeit, is de kokospalm. In oarenien is de Hainaneeske wite din, dy't fan oarsprong nearne oars foarkomt. Wat de fauna op it eilân oangiet, dy bestiet û.o. út ferskate soarten flinters en oare ynsekten, kikkerts, podden, hagedissen (fral gekko's en skinks), slangen, iikhoarntsjes, flearm��zen, de allinne op it eilân foarkommende Hainanhazze en 362 soarten fûgels. Der libje op Hainan frijwol gjin grutte lânbisten mear; ien fan 'e lêst oerbleaunen, de Hainangibbon, wurdt slim yn syn fuortbestean bedrige. Yn 'e see komme by de kusten fan Hainan lâns seeskylpodden foar en Yndyske doejongs (fral oan 'e westkant). Walfiskhaaien dogge it eilân oan en ek binne der ferskate soarten walfisken en dofinen, lykas de grize walfisk, de bultrêch, de blauwe finfisk en de slim bedrige Sineeske wite dolfyn.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.