Springe nei ynhâld

Amelia Earhart

Ut Wikipedy
Amelia Earhart
Amelia Earhart foar har Lockheed Model 10-E Electra, 1937
Amelia Earhart foar har Lockheed Model 10-E Electra, 1937
persoanlike bysûnderheden
echte namme Amelia Mary Earhart
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 july 1897
berteplak Atchison (Kansas)
stoarn 2 july 1937 (ferdwûn)
stjerplak Stille Súdsee ûnderweis fan
   Nij-Guineä nei Howland
etnisiteit Ingelsk
Dútsk
wurkpaad
berop/amt piloate
aktyf as loftfeartpionier
jierren aktyf 19251937
prizen Distinguished Flying Cross 1932
offisjele webside
www.ameliaearhart.com

Amelia Earhart (útspr.: [əˈmiːliə ˈɛːɹhɑːɹt], likernôch: "uh-mii-li-uh êr-haart"; folút: Amelia Mary Earhart; Atchison (Kansas), 24 july 1897 – ferdwûn boppe de Stille Súdsee, ûnderweis fan Lae yn Nij-Guineä nei it eilân Howland, 2 july 1937, formeel dea ferklearre 5 jannewaris 1939) wie in Amerikaansk loftfeartpionier. Hja wie de earste froulike piloat dy't allinne oer de Atlantyske Oseaan fleach. Earhart fêstige dêrnjonken in grut tal oare rekôrs en skreau ferskate bestsellers oer har ûnderfinings by it fleanen. Se spile in rol fan krúsjaal belang by de oprjochting fan The Ninety-Nines, in organisaasje fan froulike piloaten. Tsjin 'e midden fan 'e 1930-er jierren wie se yn 'e Feriene Steaten wiidferneamd rekke. Yn 1937 besocht Earhart de earste frou te wurden dy't om 'e wrâld fleach. Sy en har navigator Fred Noonan ferdwûnen dêrby yn july fan dat jier wylst se oer de Stille Súdsee fan Nij-Guineä nei Howland fleagen en waarden nea weromfûn. Earhart waard oardel jier letter formeel dea ferklearre. Har ferdwining is noch altyd in mystearje dat in protte lju dwaande hâldt en in soad belangstelling genietet fan it bredere publyk.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berte en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earhart waard yn 1897 berne yn Atchison, yn 'e Amerikaanske steat Kansas, as de dochter fan abbekaat Samuel "Edwin" Stanton Earhart (1867-1930) en dy syn frou Amelia "Amy" Otis (1869-1962). Hja wie fan Ingelsk en foar in diel fan Dútsk etnysk komôf. Har pake oan memmekant wie de bankdirekteur en eardere rjochter Alfred Gideon Otis (1827-1912), yn waans hûs de berte plakfûn. Dyselde hie oarspronklik gjin foarstanner fan it houlik tusken syn dochter en Edwin Earhart west, en wie min te sprekken oer it wurkpaad fan syn skoansoan.

Earhart wie it twadde bern fan it houlik, nei in deaberne poppe yn augustus 1896. Nei goed famyljegebrûk waard hja ferneamd nei har beide beppes, Amelia Josephine Harres en Mary Wells Patton. Se krige in jongere suster mei wa't se twa jier skeelde, en fan jongs ôf oan wie Amelia de liedster fan 'e beide famkes wylst har suster Grace Muriel Earhart (1899-1998) har trouwe folgelinge wie. De beide fammen krige de bynammen Meeley (of soms Millie), resp. Pidge taparte, dy't se beholden oant se al lang folwoeksen wiene. (Letter liet de jongere suster har by har middelnamme Muriel neame.)

Amelia Earhart omtrint 1905.

De opfieding dy't de beide suskes krigen, wie ûnkonvinsjoneel foar dy tiid, mei't Amy Otis Earhart har bern net grutbringe woe as "leave lytse famkes". Dat hold û.m. yn dat de beide suskes alteast in diel fan 'e tiid yn broeken omrûnen, hoewol't alle oare famkes fan harren jierren jurkjes droegen. Amelia en Muriel wiene inoars bêste kammeraatskes en brochten harren frije tiid almeast tegearre troch. Se klommen yn beammen, giene mei in echt gewear op jacht nei rotten en glieden op 'e búk op in slide by in heuvel del. Foar dy tiid wiene dat mear aktiviteiten dy't men fan jonges ferwachtsje soe.

Yn 1904, doe't se sân jier wie, boude Amelia mei help fan in omke in hellingbaan dy't se befêstige oan it dak fan in skuorke. Dêrnei liet se har der yn in houten kiste ôfglydzje. Dy goed dokumintearre earste 'flecht' einige dramatysk, mei in tosk troch de lippe en in skuor yn 'e jurk, mar ek mei in "gefoel fan útskroevenens", dat Earhart tsjin har suske sizze liet: "Oh, Pidge, it wie krekt as fleach ik!" Yn 1907 krige Edwin Earhart yn Des Moines, yn Iowa, wurk by de Rock Island Railroad. It jiers dêrop, doe't se tsien wie, seach Earhart foar it earst in fleanmasine op 'e Steatsmerke fan Iowa. Har heit frege oft se in eintsje te fleanen woe, mar Earhart wurp ien blik op it gammele apparaat en frege oft se ynstee net nochris yn 'e draaimole mocht.

Amelia Earhart.

Doe't Edwin en Amy Earhart yn 1907 nei Des Moines ferfearen, bleaune Earhart en har suske foarearst by pake en beppe Otis yn Atchison efter. Dêr hiene se earder thúsûnderwiis fan harren mem krigen, en dat waard no oernommen troch in gûvernante. Amelia wie in echte letterfretter en brocht oeren troch mei lêzen yn 'e mânske bibleteek fan pake en beppe. Yn 1909 lieten Edwin en Amy de beide bern einlings oerkomme nei Des Moines, dêr't se foar it earst yn har libben nei skoalle giene.

De húshâlding wenne yn Des Moines yn in hûs dat nij boud wie en der wiene twa tsjinstlju. It waard lykwols al rillegau dúdlik dat Edwin Earhart in alkoholist wie. Fiif jier letter, yn 1914, twong syn wurkjouwer him om syn wurk del te lizzen, en hoewol't er besocht om himsels te rehabilitearjen, naam de Rock Island Railroad him nea wer oan. Om dyselde tiid hinne kaam beppe Amelia Otis hommels te ferstjerren, nei't har man yn 1912 al weirekke wie. Hja liet in oansjenlik beërf nei, dat lykwols foar Amy Earhart yn in trust pleatst waard om foar te kommen dat Edwin it trochbringe koe mei drinken. It Otis-hûs yn Atchison waard by opbod ferkocht, krekt as de hiele ynboel. Earhart fûn dat ferskriklik en omskreau it letter as de ein fan har bernetiid.

Amelia Earhart yn Los Angeles yn 1928 mei de "CIT-9 Safety Plane".

Yn 1915 fûn Edwin Earhart, nei lang sykjen, in baan as klerk by de Great Northern Railway yn St. Paul, yn Minnesota. Earhart genoat dêr fuortset ûnderwiis oan 'e Central High School. Letter datselde jiers liet Edwin him oerpleatse nei Springfield yn Missoery, mar de wurknimmer dy't er dêr opfolgje soe, betocht him op it lêste momint en frege syn baan werom, wylst de baan yn St. Paul al wer ferjûn wie. Fan gefolgen kaam Edwin Earhart wer sûnder wurk te sitten. Amy naam doe de bern mei nei Chicago, dêr't se langere tiid by freonen ferbleau.

Amelia Earhart keas yn har nije wenplak de Hyde Park High School út om har oplieding te ferfetsjen, om't dy skoalle serieuze oandacht oan 'e abstrakte fakken bestege. Se wie dêr lykwols tige iensum en ûngelokkich oant se yn 1916 slagge foar har eineksamens. Neitiid begûn se oan in stúdzje oan 'e Ogontz School yn Rydal, yn Pennsylvania, dy't se net ôfmakke.

Wurk yn 'e ferpleging, sykte en ferhuzing nei Kalifornje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e krystfakânsje fan 1917 besocht Earhart har suster Muriel yn it Kanadeeske Toronto, dêr't se de weromkearende ferwûnen út 'e Earste Wrâldoarloch seach. Nei't se in koarte training as assistint-ferpleechkundige fan it Reade Krús ôfrûne hie, gie se oan it wurk by it Frijwillige Helpdetasjemint yn it Legerhospitaal Spadina, dêr't se itensea foar pasjinten mei spesjale diëten en de foarskreaune medikaasje útdielde. Doe't yn 1918 yn Toronto de Spaanske gryp útbriek, waard Earhart ek ynset foar eigentlike ferpleechkundige tsjinsten, û.m. yn 'e nachttsjinst. Se rekke sels yn oktober 1918 ek besmet en lei fan novimber oant desimber yn it sikehûs mei longûntstekking en byholte-ûntstekking oan 'e kaakholte (in byholte yn 'e boppekaak oan wjerskanten fan 'e noas).

Amelia Earhart yn 1928.

Earhart har symptomen op it mêd fan byholte-ûntstekking wiene pine en druk om ien each hinne en oerfloedige produksje fan snot dy't ôffierd wurde moast fia de noas en de kiel. Se ûndergie ferskate fergese mar pynlike lytse operaasjes om 'e kaakholte skjin te spielen. Neitiid litte Earhart oan oanboazjende riten fan pineholle. Har opbetterjen duorre hast in jier, in tiid dy't se trochbrocht by har suster thús yn Northampton, yn Massachusetts. Se deade de tiid mei it lêzen fan poëzij, it harsels bespyljen learen fan 'e banjo en de stúdzje fan meganika. De kaakholte-ûntstekking hold jierren oan en hie in oansjenlike ynfloed op har lettere aktiviteiten.

Tsjin 1919 wie Earhart ree om har oplieding te ferfetsjen. Se rette har ta om har yn te skriuwen oan it Smith Kolleezje yn Northampton, mar feroare op it lêste momint fan gedachten en joech har ynstee op foar in stúdzje medisinen oan 'e Universiteit fan Columbia yn New York. In jier letter joech se har stúdzje lykwols al wer oer om har by har âldelju te jaan, dy't ûnderwilens nei Kalifornje ferfearn wiene. Op 28 desimber 1920 besochten Earhart en har heit yn Long Beach in fleanfjild dêr't Frank Hawks, dy't letter namme meitsje soe as loftracer, har foar $10 tsien minuten lang mei 'omheech' naam. It wie in ûnderfining dy't Earhart har libben feroarje soe. "Tsjin 'e tiid dat ik 60 oant 90 meter fan 'e grûn ôf wie," sa sei se letter, "wist ik dat ik fleane moast."

Amelia Earhart (rj.) mei Neta Snook by Earhart har Kinner Airster, om 1921 hinne.

Earhart gie oan it wurk yn in ferskaat oan banen om genôch jild te fertsjinjen om fleanles te nimmen. Sa wurke se as fotografe, frachtweinsjauffeur en stenografe by in tillekommunikaasjebedriuw. Mei in bydrage dy't har mem har "tsjin betterwitten yn" taparte, wist se yn in jier tiid de $1.000 gear te bringen dêr't se ferlet fan hie. Earhart hie har earste fleanles op it fleanfjild Kinner Field by Long Beach. Har fleanynstrukteur wie Anita "Neta" Snook, in froulike loftfeartpionier dy't yn in oerstallige Curtiss JN-4 Canuck fleach dy't se oernommen hie fan it Amerikaanske Leger. Om Kinner Field te berikken moast Earhart in bus nimme oan 'e ein fan 'e line ta en dan noch seis kilometer rinne.

In healjier letter, yn 'e simmer fan 1921, kocht Earhart har earste fleantúch, in felgiele Kinner Airster-dûbeldekker dy't se de namme The Canary ("De Kanaarje") joech. Op 22 oktober 1922 fleach se dy fleanmasine nei in hichte fan 14.000 foet (4.300 m), wêrmei't se har earste wrâldrekôr fêstige foar froulike piloaten. Op 15 maaie 1923 waard Earhart de sechstjinde frou yn 'e Feriene Steaten dy't in fleanbrevet (mei it searjenûmer #61017) ûntfong fan 'e Fédération Aéronautique Internationale (FAI).

Amelia Earhart har foto op har fleanbrevet út 1923.

Fan it begjin fan 'e 1920-er jierren ôf belune it famyljefortún fan 'e Earharts fierder, besteande út it beërf fan beppe Otis dat no yn 'e hannen fan Earhart har mem kommen wie. Reden dêrfoar wie in rampsillige ynvestearring yn in mislearre gipsmyn. Tsjin 'e midden fan it desennium rekke it jild hielendal op. Om't se op dat stuit neat mei fleanen fertsjinje koe, wie Earhart yn 1924 twongen om har Kanaarje te ferkeapjen. Mei it jild skafte se in (folle brûksumer) twapersoans auto oan fan it merk Kissel Speedster, dy't ek giel fan kleur wie en dy't se The Yellow Peril ("It Giele Gefaar") neamde.

Om dyselde tiid hinne boaze de pine fan har byholte-ûntstekking oan, en begjin 1924 waard se yn it sikehûs opnommen foar in nije operaasje, dy't op 'e nij om 'e nocht wie. Datselde jiers skieden har âlden, wêrnei't se har mem yn The Yellow Peril nei de Amerikaanske eastkust ried fia in swalkjende rûte dy't harren sels nei Banff yn Alberta brocht. Nei harren oankomst yn Boston ûndergie Earhart wer in operaasje oan har kaakholte, dy't diskear wol slagge en ferlichting brocht. Nei't se fan 'e operaasje opbettere wie, kearde se inkele moannen lang werom nei de Universiteit fan Columbia om 'e stúdzje wer op te pakken dy't se lang fertutearzje litten hie, mar dy moast se al rillegau wer ôfbrekke om't har mem no it kolleezjejild net mear opbringe koe.

Sadwaande gie Earhart yn 1925 yn Boston oan it wurk as sosjaal wurkster. Yn dy snuorje wenne se yn Medford, in foarstêd fan Boston. Underwilens behold de loftfeart har folsleine fassinaasje. Se sleat har oan by de Bostonster ôfdieling fan 'e American Aeronautical Society, dêr't se nei ferrin fan tiid fise-foarsitter fan waard. It fleanfjild dêr't se wei fleach, wie Dennison Airport (dat letter it Marineloftfeartstasjon Squantum waard) yn Quincy. Earhart ynvestearre in diel fan har eigen sparjild om dat draaiende te hâlden. Se skreau artikels yn pleatslike kranten om it fleanen oan te fiterjen en tsjinne teffens as de pleatslike fertsjintwurdichster fan 'e fleantúchbouwer Kinner. Doe't se almar bekender waard, begûn se plannen te meitsjen foar it oprjochtsjen fan in organisaasje foar froulike piloaten.

It tinkteken foar Earhart har earste Transatlantyske flecht as passazjier yn 1928, yn Burry Port, deunby it lâningsplak yn Pwll, yn Wales.

Earste Transatlantyske flecht mei in frou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't Charles Lindbergh yn 1927 as earste piloat de Atlantyske Oseaan oer flein wie, hie Amerikaanse Amy Guest (1873-1959) der belangstelling foar om 'e earste frou te wurden dy't de Atlantyske Oseaan oer fleach of oer flein waard. Nei't se har yn 'e matearje ferdjippe hie, kaam se lykwols ta de konklúzje dat de reis har te gefaarlik wie. Dat ynstee bea se oan om it projekt te finansieren as der "in oar fanke mei it juste imago" fûn wurde koe. Sadwaande waard Earhart op in middei yn april 1928 opskille troch in kaptein Hilton H. Railey, dy't har planút frege: "Soene jo de Atlantyske Oseaan oer fleane wolle?"

De koördinators fan it projekt, ûnder wa de bekende útjouwer George P. Putnam, fregen Earhart om piloat Wilmer Stultz en ko-piloat anneks boardwurktúchkundige Louis Gordon te beselskipjen. Se soe op papier in passazjier wêze, mar krige ek de taak om it lochboek by te hâlden. It trijetal fleach op 17 juny 1928 yn in Fokker F.VII mei de namme Friendship fan Trepassey, op Nijfûnlân, nei Pwll yn Wales, en die dêr persiis 20 oeren en 40 minuten oer. Mei't der foar it meastepart op ynstruminten flein waard, eat dêr't Earhart gjin ûnderfining mei hie, die Stultz alle fleanwurk. By in oanslutend besyk oan Ingelân fleach Earhart yn 'e Avro Avian fan Mary, lady Heath, dy't se letter oankocht en nei Noard-Amearika oerbringe liet.

Earhart mei de Amerikaanske presidint Herbert Hoover op it hiem fan it Wite Hûs yn Washington, D.C. op 2 jannewaris 1932.

By weromkear yn 'e Feriene Steaten waarden Stultz, Gordon en Earhart feestlik ûnthelle mei in optocht troch de Canyon of Heroes yn New York en in besyk oan presidint Calvin Coolidge yn it Wite Hûs yn Washington, D.C. In diel fan 'e Amerikaanske parse begûn Earhart, nei de bynamme "Lucky Lindy", dy't foar Lindbergh betocht wie, "Lady Lindy" te neamen, wylst oaren sels sprieken fan 'e "Queen of the Air" ("Keninginne fan 'e Loft"). Om it izer te smeien no't it hjit wie, gie Earhart fuort nei weromkomst op in útputtend toernee troch it hiele lân, wêrby't se yn 1928 en 1929 rûnom lêzings joech. Putnam publisearre in boek fan harres mei as titel 20 Hrs., 40 Min., wêryn't se de Transatlantyske flecht beskreau. Se makke ek reklame foar û.m. koffers, frouljusklean, sportklean en sigaretten fan it merk Lucky Strike.

Nije ûndernimmings en aktiviteiten efter de skermen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De $1.500 dy't se mei de sigarettereklame fertsjinne, joech Earhart wei oan 'e finansiering fan 'e Súdpoalekspedysje fan kaptein-luitenant-op-see Richard Byrd, mar it oare jild brûkte se om har fleanen fan betelje te kinnen. Yn augustus 1928 waard Earhart, yn har Avro Avian, de earste frou dy't solo fan 'e eastkust fan Noard-Amearika nei de westkust en wer werom flein wie. Yn 1929 die se foar it earst mei oan in loftrace, te witten de earste Santa Monica-to-Cleveland Women's Air Derby. De dielnimmers dêroan setten op 18 augustus ôf út Santa Monica, yn Súdlik Kalifornje, en arrivearren op 26 augustus yn Cleveland, yn Ohio. Earhart behelle dêrby it trêde plak yn 'e kategory swiere fleantugen, nei't har freondinne Ruth Nichols, dy't op har foarlei, by de op twa nei lêste tuskenstop yn Columbus (Ohio) skea oprûn by in oanriding mei in trekker op 'e lâningsbaan.

Nei de Women's Air Derby wie Earhart behelle yn 'e oprjochting fan The Ninety-Nines, in organisaasje fan froulike piloaten dy't morele stipe oan leden bea en mear yn it algemien opkaam foar froulju yn 'e loftfeart. De namme, dy't oerset wurde kin as "De Njoggenennjoggentichs", kaam út Earhart har koker en ferwiisde nei it tal leden fan 'e organisaasje by de oprjochting. Yn 1930 waard se de earste foarsitter fan 'e organisaasje. Datselde jiers waard Earhart offisjeel lid fan 'e Amerikaanske National Aeronautic Association. Binnen dy organisaasje krewearre se efter de skermen fûleindich foar de fêstiging fan aparte rekôrs foar froulike piloaten. Ek wie har aktivisme op dat mêd fan ûnmisber belang om 'e ynternasjonale Fédération Aéronautique Internationale (FAI) safier te krijen dat dy ek aparte rekôrs foar froulju akseptearre. Doe't de Bendix Trophy Race yn 1934 froulike piloaten fan dielname oan 'e loftrace útsleat, wegere Earhart iepentlik om filmaktrise Mary Pickford nei Cleveland te fleanen sadat dy de race iepenje koe.

Amelia Earhart mei har man George P. Putnam yn 1931.

Yn 1931 fêstige Earhart in wrâldhichterekôr fan 18.415 foet (5.613 m) yn in Pitcairn PCA-2-autogyro (in foarrinder fan 'e helikopter), dy't se liende fan kaugomprodusint Beech-Nut Chewing Gum. Neitiid sponsore dat bedriuw har by in toernee troch de Feriene Steaten dat bedoeld wie om autogyro's oan te priizgjen.

Houlik mei Putnam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e twadde helte fan 'e 1920-er jierren wie Earhart ferlove mei in Samuel Chapman, in skiekundich yngenieur út Boston, mar op 23 novimber 1928 ferbriek se dy't ferloving. Om dyselde tiid hinne brocht Earhart in protte tiid troch mei útjouwer George P. Putnam, dy't yn 1929 skiede fan syn earste frou Dorothy Binney (1888-1982). Neitiid died er Earhart seis kear in houliksoansiik foar't se úteinlik tawurd joech. Se trouden op 7 febrewaris 1931 yn it hûs fan Putnam syn mem yn Noank, yn Connecticut. Earhart seach har houlik as in partnerskip fan twa gelikensen. Yn in brief dat se Putnam út eigen hân oerlange op 'e houliksdei, skreau hja: "Ik wol datst goed foar it ferstân haste dat ik dy net oan lykfol hokker Midsiuwske gedrachskoade oangeande houlikstrou hâlde sil, noch sil ik my op sa'n selde manear oan dy ferbûn achtsje." Ek stie dêryn: "It kin wêze dat ik in plak hawwe moatte sil dêr't ik hinne gean kin om allinne te wêzen, sa út en troch, want ik kin der net foar ynstean dat ik altyd de opsluting yn sels in oantreklike koai ferdrage kinne sil."

Earhart har ideeën oer it houlik soene hjoed oan 'e dei foar in diel al opmerklik fûn wurde; yn har eigen tiid wiene se revolúsjonêr. Se leaude yn gelikense ferantwurdlikheid en fûn dat sawol de manlike as de froulike partner as kostwinner bydrage moast. Se stie der fierders op om troch te gean mei it brûken fan har eigen famkesnamme, ynstee dat se har "frou Putnam" neame liet. Doe't The New York Times har, neffen de regels dy't yn it stylboek fan 'e krante fêstlein wiene, àl sa begûn te neamen, besloech se dat mei de gek en sei se dat it like healwiis wie as wannear't George Putnam no ynienen "dhr. Earhart" neamd wurde soe. Putnam en Earhart giene net op houliksreis om't Earhart it dêr fierstente drok foar hie. Harren houlik bleau sûnder bern, mar Earhart koe goed mei de beide soannen út Putnam syn earste houlik, David Binney Putnam (1913-1992), in lettere ûntdekkingsreizger en publisist, en de mei polio oanhelle George Palmer Putnam jr. (1921-2013). Fral mei David, dy't ferlykbere ynteresses hie as sysels, rekke se befreone.

It monumint yn Harbour Grace, op Nijfûnlân, ta oantins oan 'e earste Transatlantyske soloflecht fan in frou, troch Amelia Earhart yn maaie 1932.

Earste Transatlantyske soloflecht fan in frou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e moarn fan 20 maaie 1932 sette de doe 34-jierrige Earhart yn har reade, ienmotoarige Lockheed Vega 5B ôf út Harbour Grace, op Nijfûnlân, om 'e earste soloflecht fan in frou oer de Atlantyske Oseaan te prebrearjen. Se rette har op 'e reis ta mei help fan har technysk adviseur, de ferneamde Noarsk-Amerikaanske loftfeartpionier Bernt Balchen. Sjoernalist Stuart Trueman joech har in eksimplaar fan 'e Telegraph-Journal fan 20 maaie mei, sadat se by oankomst yn Jeropa bewize kinne soe op hokker dei se ôfset wie. It wie de bedoeling dat Earhart, krekt as Charles Lindbergh fiif jier earder, lânje soe by Parys, mar har flecht waard pleage troch in sterke noardersydwyn, izige kjeld en meganyske swierrichheden. Uteinlik sette se har tastel nei 14 oeren en 56 minuten oan 'e grûn yn in greide yn Culmore, benoarden Derry, yn Noard-Ierlân.

As de earste frou dy't sûnder tuskenstop allinnich oer de Atlantyske Oseaan flein wie, waard Earhart troch it Amerikaanske Kongres it Distinguished Flying Cross taparte. It regear fan Frankryk makke har ridder yn it Légion d'Honneur en de National Geographic Society rikte oan har syn Gouden Medalje út, dy't har troch presidint Herbert Hoover yn it Wite Hûs oerlange waard. Yn 'e jierren nei har Transatlantyske soloflecht rekke Earhart troch har groeiende ferneamdens befreone mei û.o. de Amerikaanske first lady Eleanor Roosevelt, mei wa't se in geregelde briefkerij ûnderhold. Ek mei in oare froulike piloate, Jackie Cochran, dy't har foarnaamste rivale wie as men de media leauwe mocht, ûntwikkele Earhart in hechte freonskip.

Oare soloflechten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 11 jannewaris 1935 wie Earhart de earste piloat (man of frou) dy't in súksesfolle soloflecht ûndernom fan it Territoarium Hawaï nei it fêstelân fan 'e legere 48 steaten. Se fleach fan Honolulu nei Oakland yn Kalifornje, en wylst lju dy't dat earder besocht hiene, omkeare moatten hiene of omkommen wiene (lykas de dielnimmers oan 'e Dole Air Race fan 1927), wie har reis frij rûtinemjittich en sels in bytsje saai, sadat se de lêste oeren de tiid deade troch oer de radio nei in útstjoering fan in konsert fan 'e Metropolitan Opera út New York te harkjen.

De reade Lockheed Vega fan Amelia Earhart tentoansteld yn it Nasjonaal Loft- en Romtefeart Museum fan it Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C.

Op 19 april fan datselde jier fleach Earhart allinne yn har Lockheed Vega fan Los Angeles nei Meksiko-Stêd en dêrnei op 8 maaie allinnich en sûnder tuskenstops fan Meksiko-Stêd nei New York, eat dat ek noch nea dien wie. Op 'e nij ferrûn de reis sûnder swierrichheden. It iennichste probleem waard foarme troch de grutte kloft belangstellenden dy't Earhart opwachte yn it oan New York grinzgjende Newark yn Nij-Jersey, en dy't sa opkrong dat se der om tinke moast dat se al taksyend net guon lju oerried.

Yn 1935 die Earhart ek op 'e nij mei oan in loftrace oer de lange ôfstân, de Bendix Trophy Race, dy't dat jiers pleage waard troch ferblynjende mist en gewelddiedich swierwaar mei tonger en wjerljocht. Se einige as fyfde, wat in hiele prestaasje wie om't har Lockheed Vega net hurder koe as 314 km/h, wylst de spesjaal foar loftraces boude fleanmasines fan guon fan har tsjinstanners in topfaasje fan wol 480 km/h hiene. Tusken 1930 en 1935 sette Earhart al mei al sân frouljusrekôrs oangeande faasje, hichte en ôfstân op har namme.

Ein novimber 1934 rekke Earhart in protte persoanlike besittings kwyt by in brân yn 'e Putnam-wente. Om't Putnam tsjin dy tiid syn oandiel yn 'e útjouwerij G.P. Putnam's Sons al ferkocht hie oan syn neef Palmer Putnam, besleaten hy en Earhart neitiid om te ferhúzjen nei Súdlik Kalifornje, dêr't Putnam in liedingjaande funksje by de filmstudio Paramount Pictures krigen hie. Se setten har nei wenjen yn Toluca Lake, in doetiidske enklave fan 'e riken en ferneamden yn 'e San Fernandodelling, dy't pal tusken de studiokompleksen fan Warner Bros. en Universal Pictures yn lei. Yn septimber 1935 sette Earhart op it fleanfjild Burbank Airport, 8 km fan har nije wenplak ôf, tegearre mei Paul Mantz, in stuntpiloat foar de filmyndustry fan Hollywood, in fleanskoalle op, de Earhart-Mantz Flying School.

De Lockheed Electra dêr't Amelia Earhart en Fred Noonan harren needlottige wrâldreis yn ûndernamen.

Flecht om 'e wrâld hinne: risselwaasje en earste besykjen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin 1936 begûn Earhart te risselwearjen foar in flecht om 'e wrâld hinne, sa ticht by de evener lâns as mar mooglik wie, oer in ôfstân fan 47.000 km. Dêrfoar skafte se yn july fan dat jier in Lockheed Electra 10E oan (registraasjenû. NR16020) dy't troch de Lockheed Aircraft Company hielendal neffens har eigen spesifikaasjes boud waard, mei oansjenlike oanpassings oan 'e romp om bykommende brânstoftanks te bergjen. De lange reis wie benammen bedoeld om ûnderfinings op te dwaan foar in nij boek dat Earhart fan doel wie te skriuwen. Se keas Harry Manning út as har navigator. Mei him wie se yn 'e kunde kommen yn 1928, om't er doe de kaptein wie fan 'e SS President Roosevelt, it skip dat har, Stultz en Gordon nei harren Transatlantyske flecht werombrocht hie nei de Feriene Steaten. Manning wie net inkeld in seekaptein, mar ek in navigator, piloat en markonist dy't Morsekoade behearske.

Amelia Earhart en Fred Noonan by harren Lockheed Electra yn it Australyske Darwin op 28 juny 1937, fjouwer dagen foar harren dea.

It wie oarspronklik de bedoeling dat Earhart en Manning de sirkumnavigaasje fan 'e wrâld tegearre prebearje soene. By in flecht nei de oare kant fan it lân, dêr't Putnam ek by meifleach, brûkte Earhart lânskipseleminten om op te fleanen. Sy en Putnam wisten sadwaande persiis wêr't se wiene, mar doe't Manning, dy't "blyn" fleach, de navigaasje útwurke, wie de lokaasje dêr't hy fan tocht dat se wiene yn in hiele oare steat. No fleagen se deunby de steatsgrins lâns, mar Putnam skrok dêr dochs fan. Tegearre mei Mantz regele hy dat Manning letter in testflecht by nacht makke. Under dy omstannichheden siet Manning der mei syn lokaasjefêststelling goed 30 km nêst. Loftfeartsaakkundige Elgen Long skreau yn 1999 dat foar dy jierren in navigaasje-ôfwiking fan 50 km akseptabel wie, mar Putnam en Mantz woene in bettere navigator hawwe.

Fia-fia kamen se yn kontakt mei Fred Noonan, dy't as twadde navigator oan it projekt tafoege waard. Noonan wie in diplomearre seekaptein en navigator, dy't foar de China Clipper-wetterfleantugen fan loftfeartmaatskippij Pan Am it meastepart fan 'e fleanrûtes oer de Stille Oseaan útstippele hie. De flecht om 'e wrâld soe út 'e Feriene Steaten wei nei it westen ta plakfine. It nije plan wie dat Noonan de navigaasje dwaan soe foar de etappe fan Hawaï nei it isolearre eilân Howland, midden yn 'e Stille Súdsee, dat in bûtengewoan dreech diel fan 'e reis wie. Dêrnei soe Manning it oernimme foar de etappe nei Austraalje, en de rest fan 'e reis soe Earhart solo fleane.

Op 17 maart 1937 setten Earhart, Manning en Noonan yn 'e Lockheed Electra ôf út Oakland yn Kalifornje nei Honolulu yn Hawaï. Mantz, dy't fungearre as Earhart har technysk adviseur, wie ek oan board en soe yn Hawaï efterbliuwe. De flecht nei Hawaï ferrûn dreech fanwegen problemen mei de beweging fan 'e propellors, en nei oankomst op Oahu moast it fleantúch earst neisjoen wurde. Dat barde op it fleanfjild Luke Field fan 'e Amerikaanske Marine op it eilantsje Ford yn 'e lagune Pearl Harbor. Doe't Earhart, Noonan en Manning op Luke Field opstiigje soene foar de etappe nei Howland, sloech de Lockheed Electra oer de kop nei't it lâningsgestel fan 'e foartsjillen dûbelklapte, sadat de propellors de grûn rekken. De fleanmasine glied op 'e búk en skansearre dêrmei de lâningsbaan.

De rûte fan Amelia Earhart foar har sirkumnavigaasje fan 'e wrâld.

De oarsaak fan it ûngemak is ûndúdlik: guon tsjûgen, ûnder wa in sjoernalist fan parseburo Associated Press, neamden in klapbân; Earhart sels tocht dat it rjochterfoartsjil in klapbân krigen hie of dat it lâningsgestel oan dy kant beswykt wie; Mantz en guon oaren ornearren dat it om in bestjoeringsflater fan Earhart gie. Hoe dan ek, de Lockheed Electra wie sa skansearre dat de reis net fierder koe. It fleantúch waard per skip weromstjoerd nei Kalifornje, dêr't it yngeand reparearre wurde moast yn it fabryk fan Lockheed yn Burbank. Manning, dy't frijnommen hie foar de sirkumnavigaasjeflecht fan 'e wrâld, duorre dat allegear te lang, dat hy beëinige syn belutsenens by it projekt en gie wer oan it wurk. Sa bleaune Earhart en Noonan as iennichste dielnimmers oer. Oars as Manning hiene sy net ien fan beiden bot ferstân fan radiokommunikaasje.

Flecht om 'e wrâld hinne: twadde besykjen en ferdwining

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de Lockheed Electra reparearre wie, risselwearren Earhart en Noonan, mei stipe fan Putnam, foar in twadde besykjen. Diskear besleaten se út 'e Feriene Steaten wei nei it easten te reizgjen, foar in diel om't de patroanen fan wynrjochtings ûnderwilens feroare wiene. De nije sirkumnavigaasje fan 'e wrâld begûn sadwaande mei in flecht fan Oakland yn Kalifornje nei Miami yn Floarida dêr't gjin ruchtberheid oan jûn waard om't Earhart earst sjen woe oft de Electra it wol goed die. Ienris yn Miami makke Earhart har bedoeling buorkundich.

De USCGC Itasca fan 'e Amerikaanske Kustwacht waard nei Howland stjoerd om assistinsje te ferlienen oan Earhart en Noonan by harren reis om 'e wrâld.

Mei Fred Noonan as iennichste oare bemanningslid sette hja op 1 juny 1937 ôf út Miami. Harren rûte late harren mei in grut tal tuskenstops fia de Grutte en Lytse Antillen nei Fenezuëla en dêrwei nei de eastpunt fan Brazylje, dêr't de oerstek oer de Atlantyske Oseaan nei West-Afrika weage waard. Fia Sintraal-Afrika, de Hoarn fan Afrika en de súdkust fan it Arabysk Skiereilân gie it doe nei Britsk-Ynje en dêrwei fia Siam en Nederlânsk-Ynje nei Darwin yn Austraalje. Dêrwei arrivearren se op 29 juny yn Lae, in plak yn it mandaatgebiet Nij-Guineä (it eardere Dútsk-Nij-Guineä, it noardeastlike fjirdepart fan it eilân Nij-Guineä). Earhart en Noonan hiene doe rûchwei 35.000 km ôflein. De restearjende 11.000 km soene bestean út 'e oerstek fan 'e Stille Oseaan. It wie de bedoeling dat dy yn trije mânske etappes dien wurde soe: fan Lae nei it ûnbewenne Amerikaanske eilantsje Howland; fan Howland nei Honolulu yn Hawaï; en dêrwei wer nei Oakland yn Kalifornje.

Op 2 july 1937, likernôch trije wiken foar har fjirtichste jierdei, setten Earhart en Noonan om midsnacht GMT (10.00 oere moarns pleatslike tiid) ôf fan Lae Airfield yn 'e swier beladen Lockheed Electra. Se moasten 4.113 km ôflizze nei Howland, in eilantsje dat 2 km lang en 500 m breed is en mar 3 m boppe seenivo útstekt. De lêste wisse posysje fan Earhart en Noonan wie by de Nukumanu-eilannen yn wat no de Autonome Regio Bougainville fan Papoea Nij-Guineä is, doe't se 1.300 km ûnderweis wiene. De Amerikaanske Kustwacht hie yn risselwaasje foar de reis fan Earhart de patrûljeboat USCGC Itasca nei Howland stjoerd, mar, mooglik troch ûnkunde fan Earhart en Noonan mei radioferbinings, kaam it nea ta twasidige kommunikaasje tusken it skip en de fleanmasine.

Tusken 7.30 en 7.40 oere fong de Itasca in berjocht fan Earhart op wêryn't se sei dat se noch mar foar in healoere brânstof hie en dat se de Itasca hielendal net hearre koe, hoewol't de Itasca har prima ferstie. Om 7.42 oere waard in nij berjocht opfongen fan Earhart, wêryn't se sei dat se no suver boppe-op it skip sitte moast, mar it net gewaarwurde koe. De brânstof rekke op. Ferskate oare soartgelikense boadskippen waarden opfongen. It kustwachtskip besocht fan alles om kontakt te krijen en sette sels de oandriuwing oan om in reekwolk te kreëarjen, mar it joech allegear neat. De lêste transmisje wêrfan't wis is dat dy fan Earhart kaam, waard troch de Itasca om 8.43 oere opfongen en sei: "We sitte op 'e line 157 337. We sille dit boadskip werhelje. We sille dit werhelje op 6210 kilocycles. Wacht." Dat berjocht wiist derop dat Earhart en Noonan by in posysjeline lâns fleagen dy't fan noard-súd op 157 by 337 graden lei, wêrfan't Noonan fêststeld hie dat dy troch Howland hinne rinne moast. Hoewol't neitiid noch ferskate berjochten opfongen waarden troch de Itasca, wurde dy allegear beskôge as tige twifelich, wat sizze wol dat net wis is oft se wol fan Earhart ôfkomstich wiene. Guon fan dy letter berjochten waarden letter ûntmaskere as hoaxes, mar oaren soene yndie autentyk west hawwe kinne.

De rûte fan Amelia Earhart en Fred Noonan fan Lae, op Nij-Guineä, nei it eilân Howland (trochrinnende line), mei de folgjende etappe nei Honolulu yn Hawaï (ûnderbrutsen line) en oare eilannen dy't as alternatyf lâningsplak neamd binne.

Fan likernôch 9.45 oere ôf op 2 july 1937 waard der in wiidweidige syktocht organisearre nei Earhart en Noonan. Dy waard yn 't earstoan útfierd troch de USCGC Itasca fan 'e Amerikaanske Kustwacht, mar dat skip krige al rillegau fersterking fan it fleandekskip de USS Lexington en it slachskip de USS Colorado fan 'e Amerikaanske Marine, it Japanske oseanografysk kartearringsskip de Koshu en it fleantúchmemmeskip de Kamoi fan 'e Keizerlike Japanske Marine. Dy skippen sochten in gebiet fan 390.000 km² ôf oant de offisjele syktocht op 19 july, santjin dagen nei de ferdwining, stopset waard. Mei in priis fan $4 miljoen wie de syktocht nei Earhart en Noonan doedestiden de djoerste rêdingsaksje dy't de Amerikaanske Kustwacht en Marine ea ûndernommen hiene.

Nei't de offisjele syktocht beëinige wie, finansierde Putnam in privee-syktocht troch de pleatslike autoriteiten op deunby Howland leine eilannen en yn 'e wetters dêromhinne. Ein july chartere er sels op eigen kosten twa boaten dy't dêrhinne setten om te sykjen, hoewol't er sels efterbleau yn 'e Feriene Steaten. De boaten sochten op en om 'e Phoenixeilannen, Krysteilân (Kiritimati), Fanning (no Tabuaeran) de Gilberteilannen en de Marshalleilannen, mar fûnen neat.

Wylst de moannen foarbygiene, waard it almar dreger foar Putnam om 'e syktocht geande te hâlden. Dêrom died er nei ferrin fan tiid in oanfraach by de rjochter om ôf te sjen fan 'e wenstige sân jier wachttiid om in fermiste persoan dea te ferklearjen, mei't er, as Earhart deaferklearre waard, har eigen fermogen brûke koe om 'e syktocht nei har fuort te setten. Mei it each op 'e útsûnderlike omstannichheden fan dizze fermissing, gie de rjochtbank mei it fersyk akkoart. Sadwaande waard Earhart op 5 jannewaris 1939, oardel jier nei har ferdwining, formeel dea ferklearre. De syktocht nei har wie lykwols folslein om 'e nocht. Neat is ea weromfûn fan har, Noonan of de Lockheed Electra dêr't se yn fleagen.

Amelia Earhart omtrint 1932.

Spekulaasje oer de ferdwining

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bekendheid fan Earhart yn kombinaasje mei har hommelse en spoarleaze ferdwining hâldt in protte minsken mear as tachtich jier nei dato noch altyd dwaande. Der besteane ferskate teoryen oer de fermissing, wêrfan't ferskaten bewiisber ûnwier binne en kwalifisearre wurde kinne as planute gearspanningsteoryen.

Crash- en sinkteory

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte histoarisy hâlde it derop dat Earhart en Noonan fan koers rekke wiene en it lytse Howland dêrom net fine koene. De Lockheed Electra soe dan úteinlik, doe't de brânstof op rekke, yn see delstoart en sonken wêze, en Earhart en Noonan soene de drinkeldea stoarn wêzen. Ferskate foaroansteande saakkundigen, ûnder wa histoarika Susan Butler, de skriuwster fan East to the Dawn, in biografy oer Earhart, en Tom D. Crouch, de haadkonservator fan it Amerikaanske Nasjonaal Loft- en Romtefeart Museum fan it Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C., binne fan miening dat de Electra mei de stoflike omskotten fan Earhart en Noonan krekt bûten sicht fan Howland op in djipte fan 5 km of mear op 'e boaiem fan 'e Stille Oseaan rêst.

Utwiking nei in oar eilân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guon lju dy't har oer de fermissing bûgden, hawwe oppenearre dat Earhart en Noonan op in oar eilân lâne binne, dêr't se òf de mooglikheden net hiene om kontakt mei de bûtenwrâld op te nimmen, òf wol it fermogen mar net de wil, òf dêr't oaren foarkomd hawwe dat se dat dwaan koene. Hjir belânet men op it mêd fan poere spekulaasje, dy't al rillegau útskaait nei gearspanningsteoryen. Wat de eilannen oangiet dy't yn oanmerking komme foar in eventuele lâning, binne ferskaten neamd. Guon, lykas Nij-Brittanje (yn wat no Papoea Nij-Guineä is), en Tarawa, yn 'e Gilberteilannen (no Kiribaty), moatte logyskerwize ôffalle om't dy folle earder op 'e rûte nei Howland leine en de Itasca by Howland berjochten opfongen hat dy't perfoarst fan Earhart kamen, sadat wis is dat se dêr yn 'e buert kommen is.

It atol Gardner, no Nikumaroro, yn 'e Phoenixeilannen (no ûnderdiel fan Kiribaty) waard ferskate kearen ûndersocht op spoaren fan Earhart en Noonan. "Seven Site", oanjûn op 'e kaart, wie de wichtichste fokus fan alle ûndersyk.

It liket fierders ûnmooglik dat Earhart, as har brânstof by Howland al hast op wie, noch oare eilannen berikke kinnen hat dy't wol neamd wurde as eventueel lâningsplak. Sa lizze de doedestiden ûnder Japansk bestjoer steande Marshalleilannen (mei as neiste eilân it atol Mili) op in ôfstân fan 1.400 km noardwestlik fan Howland. De krektlyk troch de Japanners bestjoerde Noardlike Marianen (mei eilannen as Saipan en Tinian), leine sels 4.300 km by Howland wei. Inkeld it doe ûnbewenne eilantsje Gardner (no Nikumaroro), yn 'e Phoenixeilannen, dat 640 km besuden Howland leit, soe logyskerwize eventueel foar in alternatyf lâningsplak yn oanmerking komme kinne as Earhart en Noonan al ier yn harren flecht slim fan koers rekke wiene.

Gardner (Nikumaroro) waard op basis fan persiis dy riddenearring yn 1937 en de dêropfolgjende jierren út en tenei ûndersocht. Fleantugen fan 'e Amerikaanske Marine dy't in wike nei de ferdwining fan Earhart en Noonan oer it eilân fleagen, stelden spoaren fan resinte bewenning fêst, mar koene fierders neat gewaarwurde útsein it wrak fan 'e SS Norwich City op 'e kust, dat datearre fan novimber 1929. In lettere syktocht op 'e grûn troch de bemannings fan 'e boaten dy't troch Putnam stjoerd wiene, levere ek neat op. Yn septimber 1940 waard troch de Britske koloniale funksjonaris Gerald Gallagher op Gardner it skelet fan in peroan fûn, mar doe't dat opstjoerd waard nei Fidzjy en dêr troch dokter D.W. Hoodless ûndersocht waard, stelde dy fêst dat dy persoan in lingte fan 166,4 sm hân hie wylst Earhart 173 sm lang wie. Boppedat koe oan 'e foarm fan it bekken sûnder mis sjoen wurde dat it om in man gie. (Dat it skelet op Fidzjy letter wei rekke, wie fansels foer foar de gearspanningsteoristen.)

Amelia Earhart yn in Stearman-Hammond Y-1.

Japanske finzenskipsteoryen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oare bekende teory is dat Earhart en Noonan op 'e iene of oare wize dochs it troch de Japanners behearske diel fan 'e Stille Oseaan wisten te berikken, lykas de Marshalleilannen of de Noardlike Marianen, en dêr troch de Japanners finzen nommen waarden. Dat is in gearspanningsteory dy't yn 1966 populearisearre waard troch Fred Goerner, in ferslachjouwer foar it Amerikaanske tillefyzjenetwurk CBS, dy't dat jiers it boek The Search for Amelia Earhart publisearre, wêryn't er bewearde dat Earhart en Noonan troch de Japanners finzen nommen en eksekutearre wiene. Dat soe bard wêze nei't se mei de Lockheed Electra delstoart wiene op Saipan yn 'e Noardlike Marianen. Deselde teory waard yn 2012 wer fan stâl helle troch Mike Campbell foar syn boek Amelia Earhart: The Truth at Last, wêryn't in sersjant út it Amerikaanske Leger sitearre wurdt dy't nei eigen sizzen in fertocht grêf op Saipan oantroffen hie en ek eilânbewenners dy't tsjûge west hawwe soene fan it delstoarten fan 'e Lockheed Electra.

Yn 1993 kaam Henri Keyzer-Andre, in eardere piloat foar loftfeartmaatskippij Pan Am, yn in boek mei de grandioaze titel Age Of Heroes: Incredible Adventures of a Pan Am Pilot and his Greatest Triumph, Unravelling the Mystery of Amelia Earhart mei in justjes oanpaste teory: Earhart en Noonan wiene net delstoart, finzen nommen en eksekutearre, mar ynstee wie harren fleantúch út 'e loft sketten troch de Japanners. Sûnt de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch stiet fierders in plak op it eilân Tinian, dat 8 km súdwestlik fan Saipan leit, pleatslik bekend as it grêf fan Amelia Earhart. In argeologyske opgraving út 2004 trof der lykwols alhiel gjin minsklike resten oan.

De saneamde Earhart Fjoertoer (Ingelsk: Earhart Light) is in navigaasjebeaken op it eilân Howland, dat lykwols fertutearzje litten is en no ôfbroazelet.

Yn 2017 suggerearre de dokumintêre Amelia Earhart: The Lost Evidence fan it History Channel, in Amerikaanske tillefyzjestjoerder dy't ek progamma's makket oer beskavings út 'e Aldheid dy't kontakten mei bûtenierdske wêzens hân hawwe soene, dat in foto út in steatsargyf op it atol Jaluit, yn 'e Marshalleilannen, eins fotografysk bewiismateriaal is fan 'e troch de Japanners finzen holden Earhart en Noonan. Op 'e foto stiet in blanke man dy't wol wat wei hat fan Noonan op in oanlissteger, wylst in frou mei koart hier lykas Earhart harres mei it gesicht by de kamera wei draait op 'e steger sit en útstoarret oer see. Neffens de dokumintêre soene dat Noonan en Earhart wêze dy't finzen holden wurde nei't se it atol Mili berikt hawwe. Dy teory waard lykwols gau ûntsenuwe doe't de Japanske blogger Kota Yamno de oarspronklike boarne foar de foto weromfûn yn 'e digitale kolleksje fan 'e Bibleteek fan 'e Japanske Nasjonale Ryksdei. It bliek te gean om in foto út in Japanske reisgids, dy't al publisearre wie yn oktober 1935, wat sûnder omhalen bewiisde dat it net om Noonan en Earhart gean koe.

Noch ôfsjoen fan 'e praktyske en logyske ûnmooglikheid dat Earhart en Noonan ea it troch de Japanners behearske diel fan 'e Stille Oseaan berikke koene, is ien mienskiplik kritykpunt op alle Japanske finzenskipsteoryen dat de Japanners gjin reden hiene om Earhart en Noonan finzen te nimmen. Yn 1937 wiene Japan en de Feriene Steaten noch net yn oarloch en ûnderholden de beide lannen noch freonskiplike relaasjes, ek al boazen de spannings stadich fierder oan troch de Japanske ekspânsjedrang yn Sina. Likegoed hiene de Japanners de helden fan it ferhaal west as se sa'n ferneamde fleander as Earhart rêde kinnen hiene. Se hiene dus krekt eltse motivaasje om har te helpen ynstee fan har finzen te hâlden. It geroft dat Earhart in spionne foar it Amerikaanske regear wie en dat de Japanners har dêrom finzen namen en út 'e wei rommen, ûntstie letter troch de film Flight for Freedom (1943), oer in fiktive froulike piloate dy't dúdlik op Earhart ynspirearre is en op spionaazjemisje giet yn it gebiet fan 'e Stille Súdsee. Tsjin 1949 hiene sawol parseburo United Press as it Amerikaanske Leger ûnôfhinklik faninoar konkludearre dat dit geroft nearne op basearre wie. Jackie Cochran, in oare Amerikaanske piloate dy't in freondinne fan Earhart wie, die nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch ûndersyk yn 'e Japanske argiven en rekke derfan oertsjûge dat de Japanners neat mei de ferdwining fan Earhart te krijen hiene.

It Amelia Earhart Museum yn it Noardierske Derry.

En dan is der noch de healwize bewearing dat Earhart har flecht oerlibbe, temûk nei de Feriene Steaten weromkearde, wertroude en in nije identiteit oannaam as Irene Craigmile Bolam. Dy teory waard foar it earst op it aljemint brocht yn it boek Amelia Earhart Lives, dat yn 1970 publisearre waard troch Joe Klaas op basis fan ûndersyk troch majoar Joseph Gervais. Bolam, dy't yn 'e 1940-er jierren as bankier yn New York wurke hie, ûntstried dizze bewearing, klage de útjouwerij, McGraw-Hill, oan foar in skeafergoeding fan $1,5 miljoen en tsjinne by dy rjochtsaak in wiidweidige beëdige ferklearring yn wêryn't se frijwol de hiele ynhâld fan it boek wjerlei. McGraw-Hill loek it boek werom en trof in skikking mei har.

Neitiid waard it libben fan Bolam foarôfgeande oan 1937 yngeand beskreaun troch ferskate histoarisy, wêrmei't eltse mooglikheid folslein eliminearre waard dat sy eins Earhart wêze koe. Yn novimber 2006 stjoerde it National Geographic Channel in ôflevering út 'e searje Undiscovered History oer dizze kwestje út, wêryn't de hiele bewearing en ûntkrêfting nochris op oersichtlike wize oereide waarden. Foar dat programma lieten de makkers Kevin Richlin, in foaroansteand patolooch-anatoom, foto's fan Earhart en Bolam bestudearje. Hy koe foar de hân wei in hiele rige mjitbere ferskillen oanwize.

Amelia Earhart op in Amerikaanske postsegel út 1963.

Earhart wie in wiidferneamde piloate dy't behalven yn 'e Feriene Steaten ek ynternasjonale bekendheid hie. Har bleuïge garisma, ûnôfhinklikheid, feminisme, trochsettingsfermogen, moed en doelrjochte karriêre makken har al ta in memorabel persoan, mar har riedseleftige ferdwining op in relatyf jonge leeftyd soarge derfoar dat se duorjende faam krige as ikoan fan 'e popkultuer. Oan har biografy en fral har fermissing waarden troch de jierren hinne hûnderten artikels en tsientallen boeken wijd. Har prestaasjes op it mêd fan 'e loftfeart ynspirearren in hiele generaasje fan froulike piloaten, ûnder wa de mear as tûzen leden fan 'e Women Airforce Service Pilots (WASP), dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch nije militêre fleanmasines út 'e fabryk nei it front fleagen.

It hûs fan Earhart har pake en beppe yn Atchison, yn Kansas, dêr't se te wrâld kaam, is no it Amelia Earhart Birthplace Museum, dat ûnder behear stiet fan The Ninenty-Nines, de ynternasjonale organisaasje fan froulike piloaten dy't Earhart mei-oprjochte. Har dierbere reade Lockheed Vega makket diel út fan 'e kolleksje fan it Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C., en wurdt tentoansteld yn it Nasjonaal Loft- en Romtefeart Museum oan 'e National Mall.

Oer it libben fan Earhart binne ferskate films makke, lykas Amelia Earhart (1976), mei Susan Clark yn 'e titelrol, Amelia Earhart: The Final Flight (1994) mei Diane Keaton as Earhart, en Amelia (2009), mei Hilary Swank as Earhart. In stik minder serieus komt se ek foar yn bygelyks de ôflevering The 37's fan 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: Voyager, wêryn't 'bliken docht' dat se net delstoart is mar ynstee ûntfierd is troch bûtenierdske wêzens, en de komeedzjefilm Night at the Museum: Battle of the Smithsonian (2009), wêryn't in waaksen byld fan Earhart (spile troch Amy Adams) yn it Smithsonian Ynstitút ta libben komt.

De hantekening fan Amelia Earhart.

Wurken fan Earhart

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1928 – 20 Hrs., 40 Min. (in ferslach fan har ûnderfinings as de earste frou dy't, as passazjier, de Atlantyske Oseaan oer fleach)
  • 1932 – The Fun of It (in autobiografysk ferslach fan har ûnderfinings as piloate, mei in essay oer froulju yn 'e loftfeart)
  • 1937 – Last Flight (in kompilaasje troch George P. Putnam fan 'e deiboekskriuwsels dy't Earhart ûnder har needlottige sirkumnavigaasje fan 'e wrâld weromstjoerde nei de Feriene Steaten, dêr't se publisearre waarden yn ferskate kranten; in protte histoarisy fermoedzje dat de stikjes troch Putnam foar de publikaasje redigearre waarden)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.