Springe nei ynhâld

Heechliet

Ut Wikipedy
Heechliet
algemiene gegevens
oarspr. titel שִׁיר הַשׁשִׁירִים ("Šir HaŠirim")
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm poëzij
sjenre leafdesdichten
skreaun >538 f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Preker
● folgjend diel Jesaja
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Heechliet
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

It Heechliet, yn it oarspronklike Hebriuwsk: שִׁיר הַשׁשִׁירִים, Šīr HaŠīrīm ("Liet der Lieten"), is in boek fan lyryske poëzij yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach is it Heechliet it 19de boek (fan 24) en falt it ûnder de Ḵeṯuḇim (de "Geskriften"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 22ste boek (fan 39) en heart it ta de Poëzij en Wiisheid. It is ien fan 'e koartste boeken fan 'e Bibel, mei mar 117 fersen, en befettet mar ien ferwizing nei God. Likegoed wurdt it gauris ynterpretearre as in likenis fan 'e relaasje tusken God en it folk fan Israel, of, wat it kristendom oanbelanget, as in likenis tusken Jezus Kristus of de tsjerke en de minsklike siel. Neffens de Asjkenazyske tradysje wurdt it yn syn gehiel foarlêzen op 'e sabbat dy't falt yn 'e tuskenlizzende dagen fan it joadske feest Pêsach; neffens de Sefardyske gewoante wurdt it eltse freedtejûn foarlêzen. De earste folsleine Fryske oersetting fan it Heechliet stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

It Heechliet set útein mei de wurden "It moaiste liet fan Salomo", wat wol ynterpretearre is as soe de Israelityske kening Salomo de auteur wêze, mar dat liket ûnwierskynlik. Salomo libbe yn 'e tsiende iuw f.Kr. (as er al bestien hat, wat noch altiten in striidpunt is) en hoewol't guon bibelwittenskippers it Heechliet datearre hawwe as soe it fan likernôch 900 f.Kr. wêze, miene de measte saakkundigen dat it fan nei de ein (538 f.Kr.) fan 'e Babyloanyske Ballingskip wêze moat, op grûn fan it grutte ferskaat oan lienwurden út it Perzysk, Gryksk en Arameesk dat yn 'e Hebriuwske tekst bemjukse is.

In fyftjinde-iuwske yllústraasje by it Heechliet, fan in minstreel dy't foar kening Salomo sjongt.

De haadpersoanen fan it Heechliet, dy't inoar yn it ik-perspektyf tasjonge, binne in jonge frou (dy't yn Hchl. 7:1 identifisearre wurdt as "de Sjûlamityske") en har frijer. It dichwurk suggerearret in ferkearing dy't him fan hofmakkerij nei it bedriuwen fan 'e leafde ta beweecht. Dêrby stiet it Heechliet fan alle bibelboeken bekend om syn frij eksplisite taalgebrûk. Yn Hchl. 7:8 hjit it: "Dyn slank postuer is as in palmbeam, dyn boarsten binne dadeltrossen". En yn Hchl. 2:2-3 sjongt earst de frijer: "As in leelje tusken de stikels, sa is myn freondinne tusken de jongfammen." Wêrop't de Sjûlamityske anderet: "As in appelbeam tusken de beammen yn 'e bosk, sa is myn leafste tusken de jongfeinten. Wat mei ik graach yn syn skaad sitte en wat is syn frucht swiet foar myn ferwulft." Njonken de sang fan 'e beide haadpersoanen komt der ek in soarte fan refrein foar, songen troch "de fammen fan Jeruzalim".

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dû. Geart Aeilco Wumkes publisearre yn 1918 yn it tydskrift Yn ús eigen tael in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Heechliet 2:8-14, dat er it jiers dêrop ek útjoech as ûnderdiel fan syn Ut 'e Heilige Dobbe. De earste folsleine útjefte fan it Heechliet stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan it Heechliet waard dêrby dien troch dû. R. Bijl, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Ulbe van Houten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering