Souvenir Henri Desgrange
Souvenir Henri Desgrange | ||
Monumint foar Henri Desgrange op de Col du Galibier | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Frânsk | |
útrikt foar | de hurdfytser dy't as earste (yn de etappe) in foarôf bepaald punt yn de omgong berikt | |
útrikt troch | Omgong fan Frankryk | |
frekwinsje | Jierliks | |
ynsteld | 1947 |
De Souvenir Henri Desgrange is in spesjale priis yn de Omgong fan Frankryk dy't sûnt 1947 jierliks útrikt wurdt en neamd is nei Henri Desgrange, de earste direkteur fan de omgong. De priis wurdt útrikt oan de hurdfytser dy't as earste (yn de etappe) in foarôf bepaald punt yn de omgong berikt. Yn 1947, yn de earste Tour nei it ferstjerren fan Henri Desgrange yn 1940, wie dit Desgrange's lêste residinsje, "Villa Mia" yn Beauvallon, Grimaud, oan de Côte d'Azur. Yn de earste etappe fan de 1948 Omgong, wie dit de top fan de Côte de Picardie yn Versailles by Parys.
Yn 1949 is der in monumint foar Henri Desgrange oprjochte by de súdlike tagong fan de tunnel by de Col du Galibier yn de Alpen, syn favorite en ien fan de meast ikoanyske beklimmingn yn de Omgong fan Frankryk. Fan 1952 ôf en alle jierren sûnt 1965 is it markearingspunt foar de priis by it monumint op de Galibier as dy diel útmakket fan de omgong, yn oare gefallen meastal it "dak fan de Omgong": it heechste punt (boppe seenivo) dat berikt wurdt.
Yn de Omgong fan 1963 waard der gjin award útrikt, mar oan de ein fan de Ronde wie der in spesjale "Desgrange-priis" foar de hurdfytser dy't it bêste riden hie mei "de holle en de fuotten".
Meafâldige winners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In tal hurdfytsers ha de Souvenir Henri Desgrange 2x as faker wûn.
Namme | Totaal | Jierren | |
---|---|---|---|
FRA | Richard Virenque | 3 | 1994, 1995, 1997 |
COL | Nairo Quintana | 3 | 2013, 2018, 2021 |
FRA | André Darrigade | 2 | 1955, 1964 |
ESP | Julio Jimenez | 2 | 1966, 1967 |
BEL | Lucien Van Impe | 2 | 1977, 1979 |
LUX | Andy Schleck | 2 | 2010, 2011 |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De "Souvenir Jacques Goddet", neamd nei de twadde direkteur fan de omgong, Jacques Goddet, is in gelikense priis dy't sûnt de omgong fan Frankryk 2001 takend wurdt, meastentiids by syn monumint op de Tourmalet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Omgong fan Frankryk |
---|
Giele trui · Griene trui · Boltsjestrui · Wite trui · Giel rêchnûmer · Read rêchnûmer |
Fryske dielnimmers · froulju |
Ferneamde bergen · Souvenir Henri Desgrange · Souvenir Jacques Goddet |
1903 · 1904 · 1905 · 1906 · 1907 · 1908 · 1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024 · 2025 |
· · |